Ja poes, nee poes
(noch gjin beskriuwing)
(noch gjin beskriuwing)
Twa broers út in âld slachte besykje it famyljefermogen yn har besit te krijgen. Se geane dêr in moard net foar út ‘e wei. Der útfanhúzet in omkesizzer en as se dy no noch…- dan is it sa fier. In kearmannich binne se elk foar oer fierhinne om it frommeske út ‘e wei te helpen, mar hieltyd giet it troch onfersjoene sitewaasjes wer oer. Dat komt fral ek fan it feit dat it in tige kreas jongfaam is, dêr’t se allebeide wakker bestek op ha. Mar sy hat dat bêst yn ‘e rekken en se bespilet de manlju kostlik. As de mannen har op it lêst yn ‘e fâle miene te hawwen, dan wurde de rollen omkeard. Want it frommeske hat bewysstikken oan in journaliste meijûn en dat makket dat de hearen troch de plysje ophelle wurde.
En de âlde húsfeint kriget in nije ‘frou’.
Iebe Spoelstra hat saaklike kontakten mei lju út ‘e ûnderwrâld en de plysje wol der efter sjen te kommen oft er sels wol suver op ‘e graat is. Dêrta brûke se in frommeske as spion en dy kriget ta opdracht, Spoelstra op ‘e lije side te krûpen. Sadwaande komme der by him thús telefoantsjes en blommen foar Berber, dy’t by frou Spoelstra en de bern fansels har ynfloed net misse. De frou kriget in oanriding fuort by hûs en sadwaande komme der in taksysjauffeur, in passagierske en in âld kolonel oer de flier. De kolonel hat in shock opdien en libbet no alhiel wer yn syn tsjinsttiid fan 25 jier ferlyn; ynspeksjes en oanfalsplannen en al sokke dingen wurde der opreakele.
It libbet dêr ien mei oar in deimannich frjemd yninoar om, mar by eintsjebeslút docht dochs bliken dat Spoelstra hielendal skjin op ‘e lea is, ta grutte opluchting fan frou en bern, mar ek…. dat de ‘kolonel’ neat oars is as in plysjeman en dat de taksyman en syn passagierske diel útmeitsje fan in binde dy’t it der om te rêden wie, by Spoelstra diamanten te stellen.
Tema: swierrichheden yn ‘e leafde troch stânsferskil en maatskiplik komôf. Annet is de dochter fan in bankdirekteur. By harren thús hat mem de leie en heit hat him dêr troch de jierren yn skikt. Annet hat dat ek moatten, mar no’t se mearderjierrich wurden is, hat se in flatsje hierd en is it hûs út gien. De earste jûn dat se dêrhinne sil, is se tsjûge fan in fjochtpartij yn ‘e stêd. As se dêr by komt, sette twa manlju ôf en bliuwt der in jongfint lizzen. Dy helpt se en se nimt him mei nei har flat om him dêr fierder te fersoargjen. De oare deis docht bliken dat de bank fan har heit bestellen is en se hat al gau troch dat de persoan dy’t se yn ‘e hûs hat, dêr wol ris mei fan dwaan ha kin. Sa njonkenlytsen ûntstiet der in petear tusken de jongkeardel en har, mar botte tasjitsk is er net.
Hoewol’t se troch de kontakten dy’t se bûten de doar hat, ien en oar oer him en syn praktiken oan ‘e weet komt, mei se him hiel wol lije en beskermet him tsjin alles wat tsjin him is. Omdat hy it jild ûnder him hat, duorret it net lang of de maten fan de ynbraak komme del, warskôge troch Loeloe, in frommeske fan ‘e flakte, dêr’t er gedoente mei hat. Syn maten driigje him dat harren baas, de âlde, fanwegen komme sil as er net mei dat jild op ‘e lappen komt. Dat Annet ek wol wat yndruk op Jan makket, docht bliken as er Loeloe ôfstegeret en langer by har hingjen bliuwt as foar syn krupsje nedich is. Ek wurdt it bedrach dat der by de bank stellen is, troch in ûnbekendenien werom brocht. As yn ’t lêstoan Annet oan Jan har leafde bekent en Jan him tsjin himsels ferset en de doar út gean sil, dan komt de âlde en hy wit dat it syn heit is, en sjit syn soan yn it boarst.
Yn elk fan de trije bedriuwen spilet him yn suite 719 (sitkeamer mei dêrnjonken sliepkeamer) in scène ôf mei oare persoanen:
1e bedr. man en frou, 23 jier troud, houlik deablet. De man is yntym mei syn siktaresse.
De dialooch tusken dizze twa minsken, dy’t no liket te begjinnen, rint op ‘e non (it houlik hie net wêze moatten).
2e bedr. man en frou, dy’t mekoar 25 jier lyn kennen leard ha en beide mei in oaren troud binne of west hawwe, moetsje inoar en groeie nei inoar ta oant it hichtepunt (se hiene àl trouwe moatten efternei besjoen).
3e bedr. in jongfaam stiet op trouwen en alles wachtet op har komst. Se hat har opsluten yn it toilet en wegert der út te kommen hoe’t mem (en letter heit) har ek benaderje.
As de spanning te snijen is, komt de breugeman en dy seit ’tsjin ‘e doar’ dat it tiid is en dan komt se daliks foar ’t ljocht.
Op in lyts stasjon hâldt in trein stil en alle passagiers moatte útstappe. Der komme twa pearkes út en in man-allinne. It is tsjuster en needwaar. De stasjonssjef seit dat se dêr de nacht net trochbringe kinne. Mar wêr moatte se hinne? It neiste ûnderkommen leit dêr oardeloere ôf. Dyselde sjef fertelt harren fan in trein, dy’t dêr tsien jier lyn ferûngelokke is en dat dêr seis minsken by omkommen binne. Sûnt dy tiid spoeket it dêre, seit er. Al dy ferhalen en it minne waar roppe in benearjende sfear op en de spanning wint troch allerhande oarsaken, mar foaral omdat op in stuit der dochs in trein lâns komt.
As de spanning op it heechst is, grypt de man ‘allinne’ yn en komme der plysjes opdaagjen dy’t in smokkelersbinde ynrekkenje.
De stasjonssjef is ien fan harren…
Fan de fjouwer freonen dy’t eartiids in protte omgong mei elkoar hiene, binne trije troud, wylst ien om utens tein is. Yn dit stik komme de trije noch wol byelkoar, mar ien fan harren kin der net wêze om’t er siik is. Wy wurde dus yn ‘e kunde brocht mei trije froulju en ynearsten mei twa manlju. Fan it earste pear, Diana en Paul, fertinkt de frou har man derfan dat er it mei in oaren hâldt en wol mei de frou fan ien fan syn freonen. It twadde pear, Evelyn en John, hat in lytsenien, mar kin it ek net meiïnoar roaie. Allinne it tredde pear, Marge en Gordon, de sike man, kriget men de yndruk fan dat it sa min net giet.
Op it stuit dat it stik begjint, komt de iene nei de oare yn ‘e keamer by Diana en Paul, omdat de fjirde freon, fan wa’t de faam dêr’t er mei trouwe soe, ferdronken is, om fierrens wei wer thús komme sil. Hja sille him meiïnoar wolkomhjitte, hoewol’t út it petear bliken docht dat net ien der folle mei op hat. Hja libje allegearre har eigen libben en wolle leafst net mei dea en soksoarte swierrichheden konfrontearre wurde.
De fjirde freon, Colin, praat lykwols frijút oer alles wat er meimakke hat mei syn Carolin en dat net allinne, hy hellet ek dingen fan earder op oer harren sels, ferhalen dêr’t se net botte wiis mei binne.
As bliken docht dat de ferhâldingen yn de houliken minder ideaal binne as er ferwachtet, dan besiket er troch der oer te praten de fersakke fûneminten wer wat op te krikken. Mar wat er bewurket hat earder in averjochts effekt.
En wylst der oan ‘e ein sprake is fan dierbere freonen, bliuwt alles sa’t it is en perspektyf sit der dus winliken net yn.
Don Baker is blyn te wrâld kommen, mar kin him aardich goed rêde. Hy hat net nei skoalle gien en dus net ûnder de bern west.
Doe’t er 19 jier wie, kaam er yn ‘e kunde mei in jongfaam, dêr’t er op ’t lêst fereale op waard. Hja rekke letter út syn libben, mar net foardat se him de wei nei de wrâld wiisd hie. Sadwaande is er fan hûs gien en hat er no in optrekje yn in grut gebou.
Njonken him komt Jill Tanner te wenjen, in 19-jierrige frou, dy’t al in kear troud west hat, mar wer skieden is. Hja krije kunde oan inoar en reitsje fuort tegearre op bêd. Fuort dêrnei komt Don syn mem dêr ûnferwachts yn en docht al it mooglike om har soan wer thús te krijen. Dat wol er net, teminsten net no ’t er Jill ken.
Hy hat mei har ôfpraat dat hja tegearre by him thús ite sille. Mar as se in pear oere nei de ôfsprutsen tiid thús komt, fan in audysje, dan hat se de regisseur Ralph Austin by har. Dy sil helpe om har guod oer te bringen, want se sil by him ynwenje. In grutter ôffaller as Don winliken ferneare kin. Sadwaande beslút er dan dochs mar om mei syn mem nei hûs ta te gean. Mar dan komt syn mem yn ’t ferset en se wit him te bewegen syn ferlies te nimmen, him dêr net om te feroarjen en te bliuwen wêr’t er is. As Jill noch eefkes by him komt te deisizzen, reitsje se tegearre yn dreech petear, mei as beslút: se bliuwt by him.
Tema: Unskuldigen besykje in ynbrekkersbinde te ûntmaskerjen.
Frelle Wildervanck thoe Steenwijck, dy’t yn ‘e stêd wennet, hat in twadde wenning net fier fan in mar ôf. Hja is it haad fan in ynbrekkersbinde, dy’t as ’t der op oankomt, net foar in moard út ‘e wei giet. De binde ferstoppet him yn har twadde hûs as er krekt de Ynkassobank gâns lichter makke hat. It is op jûntiid en poermin waar mei swier waar en hurde wyn. Sadwaande komme dêr in tal minsken om te skûljen en omdat it waar mar oanhâldt, bliuwe se de nacht oer. Mar it is ek op oar gebied in rûzige nacht.
De binde wol it jild ferpartsje en dêr tuskentroch komme der hieltyd wer gasten fan ’t bêd om’t se net sliepe kinne, en sadwaande de boel fersteure. De binde hat it sa ynpikt dat Doeke, in persoanielslid fan ‘e bank, fan de ynbraak fertocht wurdt. Hy wol bewize dat er it net dien hat en is safier al, dat er de binde op ’t spoar is en ek om ûnderdak frege hat. Mei him komme dêr ek noch syn faam Janny, in dosinte mei twa fan har learlingen (famkes) en plysje Joustra, dy’t nachttsjinst hat.
Nei gâans in skoft kat-en-mûs boartsjen komt op it lêst de ûntknoping en wurde de ynbrekkers-moardners ynrekkene.
Troch it hiele stik hinne wurdt de sfear stipelearre mei lûden fan tonger, hurde wyn en in klapperjend lûk.
In jong pearke bedarret de earste dei fan harren houlik mei de auto yn sa’n tsjokke mist, dat se de reis ôfbrekke moatte. Hja komme telâne by in hûs op ‘e romte, bewenne troch in frou dy’t wol prate wol en ek behelpsum is, en in man dy’t it op ‘e senuwen hat, in apart type natuerminske. De jongelju krije de beskikking oer in keamer en in sliepkeammerke mei in tige smel twapersoans ledikant. As hja risselwaasje meitsje om op bêd, komt der noch in jong steltsje troch de doar, dy’t har mei de auto fêst riden hawwe yn ‘e berm en sadwaande net fierder kinne. Dy meie ek bliuwe, mar hoe moat it no mei it sliepen? Nei gâns hinne en wer praten bedarje de beide froulju op it lêst op it ledikant en fan de manlju ien oer de flier en ien op ‘e sofa. It docht bliken dat de jongeman fan it twadde pearke de soan is fan in sakeman, dy’t der mei ien fan de kantoarfamkes fan syn heit fan troch is. Omdat dat fanke deabenaud is foar it byinoar wêzen, lit se de benzinetanken fan beide auto’s leechrinne, want dan moatte se dêr bliuwe en hoecht se nachts net by him te sliepen.
Underwilens fernimt it soantsje fan de baas dat er fan har hâldt en as er troch de mist ferdwaald dea ynein in fergese loop om benzine makke hat, falle dy beide elkoar yn ‘e earms. Oan in tredde nacht komt it net ta, want de damp lûkt op en dan hat elk wer mear mooglikheden.
Hindrik Brúnsma, frou, soan en dochter sitte mei harren buorlju Adriaan Bulthuzen, frou en dochter yn in simmerhúske oan ‘e mar.
Hja treffe it net. It waar is min, nachts in bulte leven fan treinen en toersklokken en ek ûnderinoar akkordearret it net bjuster.
Allinne de soan fan de Brúnsma’s en de dochter fan de Bulthuzens fermeitsje harren tegearre wol. Mar ja….. Joke, de dochter, is ferloofd, hoe komt dit? Dêr komt by dat frou Bulthuzen altyd allerhande kwaaltjes hat en in bulte selsbeklach. In hantaast wurk is har al tefolle. Allinne har man regearje dat kin se linich rêde. As de manlju de fjirde dei op har manear eefkes yn it waar sjogge, komt Adriaan dronken thús. En dan hinget de kat fansels goed yn ‘e gerdinen. It komt safier dat de beide famyljes harren eigen hoeke ôfskermje; mar alle kribbekeurichheden binne opslach fergetten as bliken docht dat Durk en Joke de nachts net thús west hawwe en harren boat leech op ‘e mar fûn is.
Efterôf docht bliken dat de jongelju nei in eilantsje ta fearn wiene en dat de boat los rekke wie. En de wetterplysje hat harren de oare moarns ferlost. Hoewol’t de jongelju earst mekoar de skuld joegen en suver slaande deiles rekken, wurde se it dochs iens en begjinne al oer trouwen te praten. No’t hja nei hûs wolle, beslute de beide famyljes mar mei harren ôf te reizgjen. En dat is dan de ein fan harren fakânsje yn it simmerhúske.
Alan Baker, 33 jier, bewennet in frijgeselleflat en dwarrelet as in flinter fan blom ta blom. Dan is it Peggy, in oare kear Conny. Hy is by syn heit yn ‘e saak, mar syn aktiviteiten hâlde fansels net oer.
Tusken de ôfspraken yn komt op in stuit syn broer Buddy by him mei it boadskip dat hy ek fan hûs fuortrûn is, al hoe’n ferlegene jonge as er oars ek wie. Hja wurde it tegearre iens om dan mar byinoar yn te wenjen. Sadwaande wurdt Buddy troch Alan oplaat yn it fak oangeande de froulju en it docht bliken dat er in flugge learling is, want trije wike letter is er al like warber as dat Alan earder wie. Mar Alan sit de lêste tiid te prakkesearjen en wat mei dat betsjutte?
Hawar, nei allerhande trammelant dêre op it flat troch de komst fan heit en fan mem, docht bliken dat Alan just op it goede paad is, de saken fiks oanpakt en Conny freget om mei him te trouwen.
Hoe’t it fierder mei Buddy giet, fertelt de skiednis net, mar omdat dy syn âldere broer al earder folge yn dwaan en litten, mei men oannimme dat dy ek wol wer op it goede spoar telâne komt.
In automobilist rekket troch de mist mei syn auto yn in greppel. Hy siket om help en bedarret yn in hûs dêr’t Richard Warwick krekt fermoarde is. Dy syn frou stiet noch mei in revolver yn ‘e hân yn ‘e keamer. De besiker biedt oan om har te helpen en dêr giet se op yn. It docht bliken dat Richard, dy’t slim ynvalide is, in tige wreed aard hie. Syn frou wie dêrtroch fan him ferfrjemde en hat omgong mei in oare man. Richard hat ek noch in broer by him yn ‘e hûs, dy’t geastlik net folweardich is en dy’t niget hat oan de wapensamling fan Richard. Syn men wennet ek by harren yn, mar dy kin it net mear oansjen dat har soan Richard geastlik sa oan legerwâl rekket. Fierder binne der dan in ferpleger dy’t net fiis is fan sjantaazje en in tsjinstfaam yn ‘e hûs. De plysje kin sadwaande by elk wol in motyf fine foar de moard. Earst besykjese de skuld te skowen op de heit fan in jonkje dat Richard ris dea riden hat, mar dy blykt al twa jier lyn ferstoarn te wêzen yn Alaska. Op ’t lêst wit de faam de geastlik net-folweardige jonge in bekentenis ôf te twingen en de plysje hâldt it dêr dan ek mar op.
As Richard syn frou fernimt dat har freon him fan har ôfkeart, siket se oanhâld by de man dy’t har helpe woe. En dy fertelt har dan wa ’t de wiere dieder west hat.
In dochter sit nei it ferstjerren fan har mem yn dy har âlde spullen om te sneupen. Der komme har allegearre dingen fan earder yn ’t sin, dy’t meiïnoar út’e doeken dogge hoe’t dy mem sawat wie en ek hoe’t de ferhâlding mem-dochter wie. De mem sels spilet bytiden efkes mei, mar is meastentiids net goed te sjen, omdat de spot op ‘e dochter stiet.
Harm en Mary is in jong troud stel dat de griene rite sawat efter de rêch hat. Hy lêst yn in boek dat de jongelju yn dat stadium it bêste tegearre werom tinke kinne oan moaie mominten fan foar har trouwen.
Se dogge dat en geane nochris te boatsjefarren en fantasearje der dêrby mar op los. Op dy manier fine se mekoar wer en giet it doek ticht.
Fusearje! Dit liket Boonstra, eigener fan in foeraazjebedriuw wol sa folle as fleanen. Alhoewol’t syn mem der al faker as ien kear op oanstien hat om mei de Brún yn see te gean, wol er de kop der foar hâlde. De Brún, hy kin it neamen fan dy namme amper ferneare. Mar hoe’t er ek skript, bystien troch syn dochter Betty, it bedriuw komt yn’e reade sifers. De bank wol gjin kredyt mear jaan, der moat rie skaft wurde. Syn frou, in wyt hynderke dat in protte struien nedich hat, hat nergens euvelmoed yn.
Dan docht syn boekhâlder him it útstel om in liening by him ôf te sluten, mar dy hat fiergeande konsekwintsjes. Der sit neat oars op foar Boonstra dan ta te slaan. Etlike boeren binne al ûnder it net fan de konkurrint beflapt. As der in fertsjintwurdiger komt dy’t foar in skaplike priis leverje kin, tinkt er dat er de slach noch winne kin.
In pear dagen letter komt de aap út’e mouwe. De fertsjintwurdiger is de soan fan de Brún en hat it oanlein met dochter Betty. Boonstra is opsternaat, mar by eintsjebeslút moat er troch de bocht. It hie lykwols minder beteare kind, it bliuwt in famyljebedriuw: ek syn mem en de Brún smite de lapen gear.
## Dit stik is net mear leverber. Jo kin fan dit stik gjin boekjes mear keapje. Wol ha we noch in pear sichtboekjes, se kinne dus noch wol lêzen wurde.
As jo dit stik spylje wolle, matte jo sels de boekjes kopiearje.