Gewoan te gek

Fjouwer eks-psychiatryske pasjinten – Lisette, Femmie, Isar en
Bram – wenje tegearre in ien hûs. De sosjoterapeute Toos moat har helpe harren plakje yn ‘e ‘normale’ maatskippy wer te finen. Spitigernôch docht Toos faak te goed har bêst. Lisette wol keunstneres wurde en sit in grut part fan ‘e dei yn in kuolkast. Femmie bliuwt obsedearre troch selsmoard. Isar is in synikus mei in skerpe tonge en Bram rekket regelmjittichyn in ‘dip’, om’t syn biologyske tún de meast nuvere en ûnwerkenbere greinten opsmyt. De bewenners lykje noch net echt op ‘normale’ minsken. De wethâlder dy’t ferantwurdlik is foar de subsydzje fan Huize van Speykstraat komt dus mar in kear it spul troch it gat te sjen. It liket der op dat de jildkraan tichtdraaid wurdt en de bewenners wer werom nei de ynrjochting moatte.
Toos jout dúdlike ynstruksjes hoe’t de bewenners har hâlde en drage moatte as de wethâlder komt, mar dizze bemuoisucht falt by harren ferkeard. Se beslute om sawol Toos as de wethâlder dúdlik te meitsjen dat se harsels poerbêst rêde kinne. Op eigen ‘gekke’ wize besoargje sy harren gasten in bysûndere jûn. Dêr krije se ûnferwachte help by fan harren nije buorlju. De buorman blykt in ’talintfol’ gûchelder te wêzen en de buorfrou besiket op dizze jûn wat plestyk bakjes oan ‘e man te bringen. Wa is hjir gek? Mei lef en in bytjse bedroch regelje de eks-gekken harren saakjes.

Listige lusten

Ticht by it oarlochsfront stiet “Tanja’s thuis” in besletten klub foar iensume hearen. Der wurkje 3 famkes as selskipsdame. Rudolf is de iennichste man, dy’t oerbleaun is út de oarloch. Hy hat himsels nl. neist syn 2 sûne skonken in houten skonk oanmjitte litten om “feilich” te wêzen. Hy wurket by Tanja en misbrûkt sa no en dan de houten skonk. Republikein Generaal Karrespoor en Royalist Kolonel Achterhof binne beteljende klanten mar meie yn ferbân mei de Boargeroarloch elkoar net moetsje. Dit wurdt oars as de soldaten Otto & Lodewyk op it toaniel ferskine. Sy binne de oarloch sêd. En op in stuit, as de generaal en de kolonel net folle oan hawwe, moetsje sy elkoar. Mei dizze konfrontaasje komt der in ein oan de oarloch.

Jan Rap en syn maat

Trije manlju en in frou binne mei goedfinen fan inkelde offisjele ynstânsjes, in opfanghûs begongen foar jongerein. Hja besykje de jonges en famkes dy ’t by harren komme, fan harren problemen bewust te meisjen en dan yn oerlis mei harren in terapy te kiezen, dy ’t der op rjochte is om harren wer selsstannich yn de maatskippij funksjonearje te litten.
Yn 14 scènes wurdt in foarstelling jûn fan sitewaasjes, dêr ’t de fjouwer jonges en famkes yn ferkeare en men wurdt gewaar wat it libben – en dan benammen de minsken – harren oandien hat. Faken steane hja folslein ferlitten en sûnder útsicht op ‘e wrâld.

Spegelskrift – DIEL I

In jonge sjoernaliste hat in petear taret mei in skriuwer, dêr ’t fan bekend is dat er foar sa ’n petear hast net te benaderjen is.
Dy skriuwer hat trije kear troud west en alle trije froulju koene it net by him úthâlde. De reden dêrfan wurdt de sjoernaliste gewaar as se by him is. Hy docht oars neat as negatyf op har ynprate en dat yn alle soarten fan gemoedsstimmingen. Sy hâldt lykwols út dat er har andert jaan sil op inkele fragen, tasein is tasein.
Hy hat dêr lang de gek mei, mar op ’t lêst komt it hege wurd der út.
Hy hat syn arbeidster, dy ’t twa kear wyks by him komt, net foar ’t wurk, mar omdat sy de iennige frou is dy’t him stiet. Hy hat it petear mei de sjoernaliste tasein om ’t er ferlet fan in frou hat om mei te hakketakjen, de arbeidster hat him nammentlik de tsjinst opsein.

Spegelskrift – DIEL 2

Tema fan dizze ienakter is de ferantwurdlikens dy ’t in skriuwer hat foar syn lêzers oer. Nimt er harren mei yn in net-besteande suertsjewrâld, (yn sokke boeken sit sleet) of set er harren op it spoar fan dreger saken, (dan is de ferkeap beheind) oan de skriuwer de kar.
In sjoernaliste hat hjiroer in petear mei in skriuwer dy ’t yn syn boeken de suertsjewrâld etalearret. De skriuwer, yn de ûnderstelling dat er frijút prate kin, smyt der hiel wat út. Oan ‘e ein fan it petear komt er raar te pal. It docht bliken, dat alles wat er sein hat op in bantsje stiet…..

De koaning en al it oare

De jonge koaninginne Marie snikt en snotteret om it freeslike ûnheil dat har man de koaning te wachtsjen stiet. De âldere koaninginne Margarita warskôget har om flink te wêzen. De koaning hat dus twa froulju. Sa binne der wol mear saken dy’t op it earste each wat frjemd oerkomme. De âlde paleiswacht Jules klaget dat neat it mear docht yn it Paleis en ek net yn it ryk (de grinzen krimpe hieltiten mear yn!) en mei it waar wurdt it ek hieltiten minder.
Dy folsleien efterútgong hat alles te krijen mei de tastân fan de koaning. De koaning sil stjerre, mar hy wol it – krekt as Marie – eins net witte. Koaninginne Marie, dy’t strang as in mem is, besiket om him de werklikheid ûnder eagen sjen te litten: oan elts libben komt in ein, ek oan dat fan in koaning. Stadich mar wis nimt de protesthâlding fan de koaning ôf en docht hy, letterlik, ôfstân fan alles wat him noch oan it libben bynt.
Kommintaar:
Roel Adam hat in prachtige bewurking fan Ionesco’s absurdistyke swarte komeedzje makke, dy’t yn it foarste plak ornearre is foar bern (fanôf in jier as acht), mar dat ek in soad âlderen yn it moed taaste sil. It stik giet oer de dea en it ôfskied dêr’t elk minske op in stuit yn it libben foar stiet.
Dy swiere tematyk is ferpakt yn de prachtige metafoar fan it krimpende keninkryk en in o sa (lyts)minsklike koaning, yn in taal dy’t sawol komysk as poëtysk is.

HB

De fammen fan it suertsjefabryk

Fjouwer meiwurkers fan in suertsjefabryk reizgje alle dagen mei deselde trein fan en nei harren wurk. Underweis dogge se harren ferhalen. Op in die komt ien fan harren, Trix, mei in blau each yn de trein. Se is troch har man yn mekoar slein. De oaren jouwe har it advys om by him wei te gean. Dan kin se net, om’t se net sûnder him kin. Nei har ferhaal komt de kondukteur lâns. Ien fan de famkes, Ieke, had gjin jildich abonnemint. Hy wol in bon útskriuwe. Dêr strike de fammen in skoatteltsje foar. Se litte har agresje op de kondukteur los. Klaaie him út en fergripe harren oan him.
KOMMINTAAR:
It fermidden dêr ’t de fammen yn ferkeare wurdt hiel goed oanjûn. Harren ferhaal achter de tekst komt ek goed nei foaren. Jin fergripe oan in kondukteur freget fan in toanielploech wol aardich wat lef.

SP