Eelke’s net te leauwen yllúzjenaasjes

Eelke sit mei syn heit en mem yn de wachtkeamer by de dokter, omdat Eelke yllúzjenaasjes hat. Heit en mem kinne it eins net útlizze, dus docht Eelke it sels. Ut syn ferhaal komme in tal yllúzjenaasjes nei foaren, dy’t it publyk te sjen krijt. De dokter fynt it in ynteressant gefal, neffens him is der neat bard en bestean de yllúzjenaasjes allinne mar yn de fantasij fan Eelke en syn âlders.
Dy binne it der net mei iens en se freegje Eelke noch in kear de yllúzjenaasje fan it fanfarekorps te dwaan. De dokter sil sizze dat er in ôfspraak meitsje sil by in spesjalist en…stadichoan begjint er te rinnen, mear en mear yn de maat, de marsmuzyk wurdt lûder, de oaren begjinne achter him oan te rinnen. Se marsjeare allegearre ôf, Eelke as lêste, wylst er tsjin it publyk seit:’Ik hoopje net dat it oanhinget, oars krije jim it ek’.

Wêrom net…dêrom net

Broer en suster wenje tegearre. De iene in rûchhouwer en feestbist, de oare in “watsje”. As Lotte heart dat se kanker hat, wol se noch ien kear mei har broer te stappen. It wurdt in nacht fol leafde, hoop, fenyn, trystens en haat. It slimme is, dat beide it fertriet net sjen litte, omdat se de oare der net mei lestich falle wol. Dochs komme se, troch mei elkoar te praten, in bytsje tichter by elkoar, al is it mar efkes. In swarte komeedzje wêryn fergonklikens fan’e mins sintraal stiet

Flinters / Nei fiven

Flinters: De relaasje fan Geartsje en Anne rint de lêste jierren stroef. Anne is o sa drok mei har wurk. Se lit gauris merke hoe belangryk har wurk is om’t Geartsje te min nei har harket. Geartsje fielt har tekoart dien om ’t Anne har wurk net serieus nimt. Anne is kostwinner en is jaloersk op de frijheid fan Geartsje. Op in dei moetet Geartsje har earste leafde en tinkt oan dy tiid werom. Doe wie se lokkich en krige in bult omtinken fan Louis. Se idealisearret dy tiid. Louis hat 20 jier lyn in bulte muoite hân mei it loslitten fan Geartsje. Hy is frijgesel bleaun en dat befalt him goed. Geartsje wit net mear wat se wol en wit net mear wat se field nei de moeting mei Louis. Se twivelet oan har lesbysk wêzen. Anne is bang Geartsje te ferliezen. Louis fielt him flaaike troch it omtinken fan Geartsje en lit him driuwe.
Nei fiven: 1fr. en 1 man. De direkteur fan in fersekeringsmaatskippij wol noch eefkes oerwurkje. Syn frou wachtet op him en de wurkster wol it kantoar skjinmeitsje. hoe (ûn)behindere kin hy wurkje?

Jierdei op foarhân

Mem giet efterút. Se is demintearjende. De soan wol har nei in ferpleechhûs ha. De dochter wol har thús hâlde. As broer en suster ta in ôfspraak kaam binne, blykt dat mem sa har eigen spulrigels hat. Hoe slim is it om op it krekte stuit it bêste beslút te nimmen?

Do silst libje

Om’t Saloman Perel( sprek út Pèrèl) him de lêste tiid tryst fielt en lêst hat fan sliepelezens, rieplachtet hy in psychiater. Oan dizze psychiater, dokter Heinz Tauber, fertelt hy syn libbensferhaal. Hy fertelt hoe’t hy as Dútske Joad op syn flecht nei it easten yn in Russysk weeshûs telâne kaam. Under it bombardemint moatte hy en oare weesbern flechtsje en falt Sally yn hannen fan de Dútsers. Op de fraach fan in Dútske Offisier oft hy Joad is, andert Sally mei nee en seit dat syn namme Jupp Perjell is. Fan dat stuit nimt Sally’s libben in bizarre kear. Om’t er floeiend Russysk prate kin wurdt hy nei it front stjoerd, wer’t hy as tolk ynset wurdt. Op foarspraak fan in hege Dútske offisier komt hy telâne yn de Hitlerjongereinskoalle yn Braunschweig. Hjir hâldt er fjouwer jier ta, sûnder dat de skoallelieding en syn meilearlingen derefter komme dat hy in Joad is. It is in trochrinnend alert wêzen om net ûntdekt te wurden en nei ferrin fan tiid wurdt it foar Sally swier om de beide persoanlikheden yn himsels in plak te jaan. Jierren letter kampet Salomon noch altyd mei in persoanlikheidsfersteuring en moat de Joad Salomon Perel noch altyd libje mei de Hitlerjonge Jupp.

De trein

Yn in stilsteande trein anno 1995 sitte in âldere man en syn frou, allebeide fan Joadske komôf. Troch it stilstean fan de trein geane syn gedachten werom nei it jier 1943, doe’t hy, ek mei syn frou, yn in stilsteande trein siet. Mei flash backs.
Dizze ienakter is fertaald yn it Dutsk, Ingelsk, Hebreeuws en Frysk.

Buro oarlochsskea

Twa amtners sitte al jierren op in kantoar fan “oorlochsschade”, 50 jier nei de oarloch. It berjocht dat de tsjinst opheven is is net trochkaam. Mar ienris wurde se ûntdutsen. De saak wurdt net opheven, nee, der komme mear by, allinne it nammebuordsje wurdt feroare. In tseppe juffer dêr’t beiden wol sjmucht op hawwe komt as earste help. Letter docht bliken dat it in trúk fan har is om hegerop te kommen. It binne allegearre herkenbere dingen dy’t de satire kompleet meitsje.