Alde Groeden
De âlde mefrou Tonia van Appingen hat “fout”west yn ‘e jierren 1940-1945, en se fynt dat se mei dat N.S.B.-ferline al te lang en te swier straft is. Se hat har nichtsje (?) Suzan allinne grut bringe moatten en ek Suzan is beynfloede troch de bitterheid fan har tante. De âlde mynhear Simon Hermerg hat as heal-joad de holocaust oerlibbe. Ek hy moat noch faak oan syn kamptiid tinke, oan de befrijing troch de Russen en oan de nei-oarlochske perioade fan’t weropbouwen fan ús lân. Hy hat it dêr geregeld oer tsjin syn soan (?) Paul. Tonia en Simon binne beide al op jierren en krije foar allerhande kwalen medisinen, dy ’t harren besoarge wurde troch Marja Horjus, de wykferpleechkundige. De beide folslein-anti-poden Tonia en Simon wenje, sûnder dat se it witte, neistelkoar yn in appartemintekompleks.
As dêr op in dei gjin wetter út’e kraan komt fanwegen in reperaasje oan it liedingnet, moat Paul in glês wetter by de buorlju helje foar syn sike heit. Dêr moetet er Suzan, en tusken dy beide bloeit wat moais op, wylst sy harren iensume heit en tante oanelkoar koppelje wolle…As dan bliken docht dat Simon en Tonia sa ’n ferskillend ‘oarlochsferline’ ha, hâldt Marja Horjus har hert fêst. Sy is op ‘e hichte fan de oertsjûgingen fan har pasjinten en makket geandewei it stik mei, hoe ’t Simon en Tonia harren mieningsferskillen útfjochtsje. Se binne beide goed rap mei de mûle en hâlde, hast tsjin better witten yn, fêst oan eigen gelyk. Mar…it is allegearre al sa lang lyn en dan komt de twifel: wa of wat wie no ‘goed’ en wa en wat wie ‘fout’? Paul en Suzan skodzje it ferline fan harren ôf en geane miskien tegearre fierder; soe dat der foar Simon en Tonia, oan’e ein fan har libben, ek noch yn sitte?
Dejinge dy ’t hâldt fan in toanielstik mei pittige dialogen oer in wat dreech ûnderwerp, mar dochs hopet op in ‘leaf’ ein, krijt mei ALDE GROEDEN waar foar syn jild.