Jild is ek net alles

Gary Powell en syn frou Ruth binne op houliksreis. As se yn it hotel oankomme ûntdekke se dat der in label fan ien fan de koffers mist. It blykt net de eigen koffer te wêzen: dizze sit fol mei jild. Al rillegau komt der immen om de koffers te ferruiljen. It slagget om de eigen koffer te pakken en de koffer mei jild net mei te jaan. Dan meldt de plysje him oer de tillefoan om oer de jildkoffer te praten. It blykt dat dizze beller ek yn fan de bindeleden is. It slagget har om de koffer net ôf te jaan. Mar de beiden manlju litte it er net by sitte. Garry moat eins nei in kongres en hy giet ek. Hy kin gjin plysje ynskeakelje, want Ruth bliuwt as gizelder bei Allen Green en Cassidy efter. As Allen om iten giet besiket Ruth Cassidy te ferlieden en se ferstoppet de koffer. Of hy stiet op it balkon, of se hat de koffer yn de Thames smiten. As Gary wer thús komt, sjogge wy Cassidy yn panyk oan it balkon hingjen. Allen moat wol helpe. It slagget net en se falle beiden nei ûnderen yn de Thames. Dan fertelt Ruth dat se de koffer al earder nei ûnderen smiten hat. Garry en Ruth beslúten sa gau mooglik nei hûs te gean. Gary kontrolearret de koffers noch efkes en ûntdekt dat Ruth de ferkearde koffer fuortsmiten hat. Op it stuit dat hy de koffer mei jild foar him stean hat, wurdt der kloppe. Plysje?

De krêft fan ús geast

It stik beskriuwt koart mar hiel dúdlik it ferrin fan de 2e wrâldoarloch yn Nederlân, yn it bysûnder de sitewaasje fan de joaden.
It famke Miriam fertelt en ûndergiet. Sy wie in kammeraatske fan Anne Frank.
Hiel geskikt foar jongereintoaniel.

Inkele reis noardpoal

Mefrou Sara hat alle kunde, fan har en har man, útnoege dy’t se net lije mei. It is de bedoeling dat se in nacht oerbliuwe. Alteast dat tinke de gasten. Mar Sara hat yn’e mande mei de butler wat betocht. Se litte de besite leauwe dat der in moard plege is op de skriuwer dy’t komme soe te sprekken. As de tillefoantried stikken blykt te wêzen en de keamersdoar op slot, komme de karakters ynienen hiel skerp út de ferve. Negatyf. Suver triomfantlik en hiel tefreden dat se dizze besite net wer út hoecht te noegjen, lit mefrou de gasten op’e ein ôfsette.

De wite keamer út myn ûnthâld

Nei de dea fan har mem komt de skilderes Jessica mei har freondinne Margaret nei it âldershûs op it plattelân om it sa gau mooglik te ferkeapjen. Se hawwe haast want se moatte in tentoanstelling yn harren Galerie organisearje. Margaret sil in makelder sykje en Jessica mei om har op bleate fuotten troch har foarbije bernetiid drave. Dy oantinkens komme by Jessica nei boppen as se yn’e âlde skommelstoel sit. Se belibbet har hiele jeugd wer. En as Margaret werom komt hat Jessica besluten om it hûs net te ferkeapjen en der te bliuwen. Margaret protestearret, mar jout it op. Laitsjend geane se te ierdbeiplukken.

De inerlike bân

In jonge -Mark- besiket ien kear in syn libben drugs, gewoan om te witten hoe of it is. Letter binne syn freonen belangriker foar him wurden en de drugstiid leit efter him. Mar tragysk genôch hellet it ferline en komt er der efter dat er aids hat.
Yn dit stik besykje jonge minsken it ferlies fan harren oan aids ferstoarne kameraat te ferarbeidzjen troch meielkoar te praten.

Op slach fan seizen

De widdo Treede wurdt troch har trije dochters ûnderholden. It noasket dizze froulju min, dat harren mem der in húshâldster op nei hâldt dy’t tige bretaal is. As se dan te witten komme, dat it hâlden en dragen fan harren mem de lêste tiid net troch de mesken kin, stelle se prikken yn ’t wurk om de âlde frou yn in tehûs opnimme te litten. Dan komt foar harren de grutte ôfdijer!
Mem fertelt dat se harsels wol rêde kin. Se hat in djoer skilderij ferkocht en is de dochters net mear brek. Boppedat hat se by testamint harren folslein ûnterfd. Se koe dat dwaan, om’t de froulju har iegen bern net binne.
Wa’t dan al harren mem is? Wol, de bretale húshâldster, dy’t yn ’t ferline acht jier finzenisstraf útsitten hat.
Moraal: dy’t heech sjocht, stjit de teannen.

Wy hearre hjir net

Clara, in deeglik konvinsjoneel opbrocht famke, noeget wat kunde út om by har Krystfeest te fieren, om’t har âlden net thús binne. De jongelju dy’t komme, meitsje op harren eigen wize in feestje, dat wol sizze platte wille en drank. Dit no past net yn it hûs dêr’t se binne en ek net by Clara. As se meiinoar it spultsje “geasten oproppe” dogge, stapt der in echte geast troch de doar.
Hommels wurdt it feest ôfbrutsen en Clara bliuwt wer like iensum efter yn it deftige hûs.

De sek fan Berend

Dit stik is it ferfolch op ‘Berend past op ‘e slach’ en sadwaande komme wy alle âlde bekenden út dat stik wer tsjin.
Berend is no hússittend – mei beppe troud – mar it stik spilet wer op ‘e pleats fan dochter Janny en beppesizzer Linda.
Dy begjinne mei ‘Bêd en Brochje’ as twadde takke en mei de earste de bêste gast begjint in hiel geskarrel-oer-alle-boegen, want dizze gast hat in saaklike kwestje mei Berend…
Hy blykt de heit te wêzen fan Minke, de freondinne fan ‘e feint op ‘e pleats, mar dat mei net ien witte. It hiele ferhaal draait derom dat Janny oan ‘e man moat en dat slagget úteinlik poerbêst.

It winkeltsje

Reina, in widdo fan sa’n 70 jier hat noch altyd in winkeltsje yn drank en sigaretten en sadwaande fertsjinnet se – njonken har pensjoen – noch in aardige bûssint by. Dat hat se al in 30 jier noait opjûn foar de belesting en dêr kraaide noait in hoanne nei, mar no is der in nije ynspekteur. Se wurdt fan fraude beskuldige en se krijt in dikke boete.
Reina kin net sa goed mei dochter Nyske mar foar har beppesizzer Ruth hat se alles oer. Se wol net ynsjen dat it famke in ferkearde wei opgiet troch har omgean mei (de troude) Glenn, in drugsdealer. Húsfreon Gatse en Nyske sizze tsjin Reina dat Glenn, mei help fan Ruth, oaren èn beppe bestelt, mar dy leaut dat net.
Oant se it wol leauwe moat en dan is it te let…!

De krekte kanalen

Dit stik spilet yn in kantoarromte dy’t in soarte fan ‘foarportaal’ fan it Hjirneimiels foarstelt. Elk dy’t hjir as nije ‘deade’ binnenkomt, moat, ear’t hy of sy fierder mei, troch de krekte kanalen. Se moatte by in pear droege en strange boekhâlders in grut tal formulieren ynfulle….
As it frommiske (slachtoffer fan in auto-ûngelok) as nije ‘klant’ binnenkomt, hat dy yn har amtlik en bestjoerlik wurk al sa faak minsken stjoerd en manipuleard, dat se de boekhâlders fan ‘e sokken praat en sels it heft yn hannen kriget! In nuveraardich tema mar mei oannimlike figueren en flot fan taal. Dizze ienakter kin sjoen wurde as in skerpe satire op it amtlik funksjonearen fan in burokratyske maatskippij-oant-yn-de-dea!

It bêd fan A oant Sed

Dit stik bestiet út tsien, los fan elkoar steande, sênes oer ferskate nijsgirrige man-frou relaasjes, hieltyd mei as middelpunt it bêd.
De sênes binne soms tige werkenber, soms ûnbegryplik; de iene kear healwiis, de oare kear de wrange kant neist. It kin as gehiel spile wurde troch ferskate “spantsjes” mar in ferieniging dy’t ien fan’e stikjes, om wat foar reden dan ek, net gaadlik achtet, kin dat sûnder beswier weilitte.
Ek is it hiel wol mooglik om elk stikje as (koarte) ien-akter te bringen en yn alle gefallen: wat oars as oars en in útdaging foar spilers en regisseurs.

Iepen houlik

Yn dit stik is de haadrol weilein foar de frou. Binnen de finzenis fan har houlik fiert se striid tsjin de ûnderdrukking en jout se utering oan har frijheidsdrang. Se iepenet de oanfal op de wrâld fan wearden en noarmen lykas dy fêstlein binne en ferdigene wurde troch de hearskjende klasse: de man. Mar as se fan herten oan it troch har man foarstelde iepen houlik meidocht binne de rapen gear….

It oansyk

Tsjoeboekov is yn de salon fan syn lânhûs, as Lomov yn sjaket binnenkomt. Al gau docht bliken dat Lomov om de hân freegje wol fan Natalja, de dochter. Dat stiet de heit wol oan. As Natalja komt begjint Lomov in wiidweidich ferhaal en komt by it kowegreidsje út dat fan him is, mar Natalja seit der wis fan te wêzen, dat it fan harren is. De rûzje rint sa heech op dat Lomov de doar wiisd wurdt. As Natalja dan heart wat de reden wie fan syn kommen, wurdt Lomov werom roppen. Dan komt it petear op de hûnen fan beide famyljes. Dizze rûzje rint sa heech op dat it liket as sil Lomov foar de eagen fan Natalja stjerre. Dat falt lykwols wat ta en se falle inoar yn ‘e earmen. As de rûzje noch ris op ‘e nij ûtbarste sil, ropt de heit gau om sjampagne.

De man fan goede wurken

Walter Schladen hat it mooglik makke dat der mei syn finansjele bydrage in nije skouboarch yn syn gemeente boud wurde koe, en oan ’t begjin fan ’t stik komme de amtners dan ek om him alle eare en lof ta te swaaien. Mar fuort dêrnei komt de plysje om te freegjen oft Walter in sekere Helga Schmidt ken, dy ’t fermist wurdt; beide binne fan Dútske komôf. Walter syn earste frou is 11 jier lyn weirekke en hy is doe mei syn dochter Marianne nei Nederlân gong en hjir wer troud mei Heleen. De freon fan Marianne, Hans, komt ek út Dútslân en hy blykt mear te witten oer Walter syn ferline en boppedat koed er Helga…
Hy wurdt dan ek as earste fertocht fan har ferdwinen, mar dan seit Marianne dat sy Helga fermoarde hat, omdat se jaloers wie op ‘e relaasje tusken Hans en Helga. Mar Hans syn echte ferloofde is Rita, de tsjinstfaam, en dy helpt him om oan ’t ljocht te bringen dat Walter in roettsjuster ferline hat en dat er ek yn de tsjintwurdige tiid net echt de man fan goede wurken is, dêr’t er graach foar trochgean wol.
In aardich stik mei koarte dialoogjes en ferrassende windingen, dêr’t mei in goede rezjy flink wat spanning yn brocht wurde kin.

De bear

De widdo Jelina hat har alhiel ôfsletten fan de wrâld, om’t se sa’n fertriet hat om har ferstoarne man, dy’t har eins altyd min behannele hat. Dan ferskynt Smirnov, in jonge lâneigener. Hy easket it jild op dat er noch fan de ferstoarne barre moast. Hy kin dat lykwols net earder krije as moarn, as de rintmaster der wer is. Dat duorret him te lang, hy wol no jild sjen. Hy makket Jelina út foar alles wat mâl is. De rûzje rint sa heech op dat Jelina mei him duellearje wol. No’t er sjocht hoefolle piid der yn it frommes sit wurdt er opslach fereale. As it hiele personiel opdraaft om de bedriger te ferjeien, sjogge se it pear hertstochtlik yn elkoars earmen.

It jubileum fan de bank

De bank jubilearret en de direkteur set himsels fia syn ûndergeskikten op it fuotstik. De taspraak lit er troch in klerk meitsje en it kado hat er sel útsocht. In oan legerwâl rekke frou komt om in útkearing by de bank, mar kin min gehoar fine. De direkteur syn jonge frou hat oars net as ferhalen oer har reis, wylst de klerk syn wurk, it skriuwen fan de feestrede, dien meitsje moat. Om fan de seurende frou ôf te kommen, skikt de direkteur har wat jild ta. As de deputaasje fan de bank der ynkomt is de gaos kompleet en alles rint op ‘e non.

NB Neist de gewoane rollen binne der figuranten nedich.