Mr. Amadini

It giet kroechbaas Bauke Haringsma net foar de wyn. De saak hat net in soad oanrin en de pensjongasten dy’t er hat, wurdt er net ryk fan. De bank easket op koarte termyn fiiftûzen gûne, oars strûpt er der ûnder. Syn suster Aafke soe helpe kinne, mar dat is in grutte nepert. Ek fan syn sweager Hindrikus hoecht Bauke neat te ferwachtsjen, want dat is in sokses dy’t folslein ûnder it plak fan Aafke sit. Syn broer Bill, dy’t út Amerika weromkomt, hat it dêr, sa’t liket, net makke.
Dochs komt alles oan’e ein op syn poatsjes telâne. Yn in fleurige klucht lykas dizze kin dat ek net oars.

Libje mei de parasol

Op in mei stikeltried ôfbeakene stik rekreaasjeterrein jouwe har twa pearen en in frij faam del. De maatskippij is alhiel lykskeakele en harren rekreaasjepatroan is krekt as de klean en harren oare gerak: unifoarm.
Dan komt Paddy, in jongfeint, dy’t eefkes frijer is yn syn opfettingen en dat jout panyk.
In geskikte ienakter om wat karikatuerachtichs op’e planken te setten.