Polly Perkins

Titia Joustra is in jonge widdo, dy’t op in reis in âldere man moete hat, dy’t fereale op har waard. Dy leafde kaam lykwols fan ien kant. It stik begjint as dy âldere man krekt stoarn is. Titia kriget tiding dat dy man syn fermogen tomakke hat oan in omkesizzer fan him, mei de namme Fred. Dy Fred kin oer it fermogen beskikke op betingst dat er trout mei Titia.
As Fred nei in ôfspraak makke te hawwen by Titia op besite komt, is se net thús. It hjit dat se hookstrooks by in sike freondinne roppen is. Sy hat in briefke achterlitten: sy noeget Fred út salang mar by har te útfanhûzjen. Mar Titia is wol thús, se hat har as tsjinstfaam ferklaaid om Fred sa neutraal mooglik te observearjen. Fansels lizze de tsjinstfaam en Fred it meielkoar oan, dat leit yn’e reden, is’t net sa…
Foar in noflike jûn in kostlik stik.

Sa hat it sitten

Gerard kin it mei syn bedriuw net lyk hâlde. De skulden groeie him boppe de holle en hy sil minsken dien jaan moatte. De saak kin rêden wurde as er trout mei in goekunde mei gâns modder oan’e kloet. Sy wol graach, mar it liket Gerard wol fleanen.
Yn’e famylje giet it ferhaal, dat syn ferstoarne pake yn of om it hûs in skat ferburgen hat. As dy skat fûn wurde soe, soe ús maat út’e niten wêze. It boarstbyld fan pake, dat in eareplak yn’e hûs hat, sil by eintsjebeslút de kaai wêze ta it finen fan de skat.
En sa as it yn in goede klucht heart, jouwe oan’e ein fan it stik in pear spantsjes inoar it jawurd en komt alles yn kalk en semint.