De ynbylde sike

De man is in ferbiten hypokonder, dy’t ûnder lieding fan in soad dokters en apotekers syn libben ferslyt op syn ‘siikbêd’. Op in dei beslút hy dat it tiid wurdt dat syn dochter trouwen giet. Yn ferbân
mei syn sabeare syktes liket it him tige noflik om in dokter te hawwen as skoansoan, derhalve regelet hy dat. Syn dochter is hjir net fan sjarmearre, hja is al fereale op in oarenien.
De heit lykwols jout syn dochter in kar-út: of trouwe, of it kleaster yn.
Op in stuit spanne de broer fan de man en it tsjinstfamke gear en betinke in komplot tsjin de man om èn de plande brulloft tsjin te hâlden èn de frou, dy’t allinne om it jild by him bliuwt, te ûntmaskerjen.

Kommintaar:
In op en top komeedzje mei alle yngrediïnten. It is skreaun yn de 17de ieu, mei oare wurden, in grut tal teksten binne net mear fan dizze tiid, dat kin in neidiel wêze mar foeget wol in ekstra diminsje ta oan dit stik. Der wurdt in soad mei teksten boarte, bytiden rinne hja troch elkoar hinne en bytiden rinne hja lâns elkoar hinne. Dêrtroch is it gjin maklike komeedzje, mar as it slagget dan is it in súkses.

NB Fan dit stik is ek in fryske bewurking fan Alle G. Hof.

DS

Brulaap

Brulaap sit te kaarten yn ‘e kroech; hy kin mar min fuort komme. Dan komt der in man yn, dy’t him fertelt dat er al jierren troch syn maitresse besoademitere wurdt. Brulaap leaut der neat fan, mar hy is wol fan doel om ien en oar út te sykjen.
As er thús komt docht bliken dat der wol in man yn ‘e hûs is en hy wurdt poer! Mar Adèle wit him del te bêdzjen en se leit út dat se de man net ken… As de man út ‘e kroech – dy’t yn deselde flat blykt te wenjen – oanbellet, krijt dy der fan lâns, want wa soe Adèle no net leauwe? In oanrieder!
NB Fan dit stik hat de skriuwer ek in roman makke.

De kommissaris is de minste net

Nijsgjirrige ienakter foar wa’t ris wat oars as oars wol.
De kommissaris hat alles tip-top foarinoar. Hy is in stipte man en alles giet neffens regels en sa’t it heart.
Hy behannelet alle saken as wiene it moardsaken. Mar op in dei komt der in gek, dy’t him bedriget mei in pistoal en dan rekket de kommissaris alhiel fan ’t sintrum.
Hy wurdt yn in kast opsletten en letter troch syn aginten wer befrijd. En dan lit er alles ta, wat earst net mocht….