In tútsje oer de toanbank

Twa troude minsken krije in ferhâlding mei elkoar. Lykwols binne se net sûnder skuldgefoelens tsjinoer harren oare helten en bern.

In bysûndere dei

Itaalje 1938. De dei fan de histoaryske moeting tusken Hitler en Mussolini. De flat wêr’t Antoinetta wennet rint leech. Elkenien giet nei de parade, ek har man en bern; sy bliuwt sels thús om it húshâlden te dwaan. Troch in tafal moetet Antoinetta, Gabriele, de hierder boppe har, in radioreporter dy’t ûntslein is om’t hy gjin hert foar it faksisme hat en boppedat homo is. Antoinette en Gabriele bliuwe dizze dei tegearre.
Foar har is it de earste man dy’t har mei respekt behannelet; foar har eigen man is se neat mear as in dweil. Der bloeit wat moais tusken Antoinetta en Gabriela en nettsjinsteande it feit dat Gabriele homo is geane se mei elkoar op bêd. Dan wurdt Gabriele, krekt as freonen fan him, oppakt. Antoinetta bliuwt ûntheistere efter. As har man werom komt en har wer as in dweil behannelet is der dochs wat feroare yn it karakter fan Antoinetta.

Ynterieur

Symbolysk drama oer in pear minsken yn in keamer, dy’t fan bûtenôf bedrige wurde troch in ûnbekend gefaar. It stik giet oer de eangst foar de dea.

Seis personaazjes om in skriuwer út

Yn in teater – omtrint 1920, mar it kin ek letter wêze – binne in ploech spilers en in regisseur oan it wurk. Se ha der net in soad nocht oan, want se fine it stik, fan de skriuwer Pirandello, net sa bêst as de Frânske stikken dy’t se wend binne. Dan komt in nuver groepke minsken troch de seal op it poadium ta. Se sizze dat se op syk binne nei in skriuwer dy’t harren drama ta in ein bringe kin. De spilers fine dit mar steurend en ek de regisseur wol der yn it earst neat fan witte, mar as de personaazjes – sa at se har sels neame – mear oer har sels fertelle, begjint hy it as in alternatyf te sjen foar it minne stik dêr’t se mei dwaande binne.
De heit fan dizze famylje fertelt oer syn frou dy’t hy ferlitten hat om’t er net mear mei har libje koe. De frou hat doe in ferhâlding krigen mei in oare man en hat trije bern út dizze relaasje. Ut begrutsjen en skuldgefoel hat de heit dizze nije húshûlding lange tiid yn’e gaten hâlden. Oant er op in goeie dei by in ‘madam’ in jong famke moetet, dy’t troch dizze madam Pace min of te mear twongen is om harsels te prostituearjen. Krekt op’e tiid ûntdekt de heit dat dit syn styfdochter is.
Wylst de regisseur en de spilers besykje om dizze en oare sênes nei te spyljen, komt it ta hieltyd heftigere konfrontaasjes tusken de heit en de styfdochter, dy’t it ferline hiel oars besjocht.
Yn de lêste sêne, as de regisseur besiket om it slot fan dit famyljedrama te rekonstruearjen, komt it ta in ûnferwachte ûntknoping.

Woyzeck

Soldaat Woyzeck skeart syn kaptein, dy’t him ferwyt dat hy in bûtenechtlik bern hat. Woyzeck, dy’t faak stimmen mient te hearren, hat lykwols gjin jild om te trouwen. Hy fertsjinnet wat jild by as ûndersyksobjekt foar de lokale dokter. Syn leafste, Maria, de mem fan it bern, bedraacht him mei in ymponearjende tamboer-majoar. Op in grouwe wize feroarsaket de kaptein it erchtinken by Woyzeck oer de trou fan syn leafste. Yn ‘e kroeg sjocht hy har mei de tamboer-majoar dûnsjen. De helpleaze Woyzeck rekket der folslein fan yn’e war. Yn in gefjocht slacht de tamboer-majoar him tsjin ‘e grûn. No slaan by him alle stoppen troch. Hy keapet in mes, jout syn meagere besittings oan syn kammeraat Andrys en by in fiver stekt hy de noch hieltyd hertstochtlik beminde Marie dea en tôget har lichem yn de fiver. Noch ien kear giet hy werom nei it rûzige libben fan ‘e kroech, om him dêrnei yn ‘e selde fiver te ferdrinken.
KOMMINTAAR:
Woyzeck wie eins noch net hielendal ôf doe’t de bysûnder bejeftige skriuwer, dokter-ûndersiker en revolúsjonêr Büchner op 23-jierrige leeftiid ferstoar. De sfear yn dy tiid wie benearjend. De reaksjonêre rezjyms fan fóár de Frânske Revolúsje wiene wer ynoarder. Tsjin dy eftergrûn skreau Büchner in op in wiere anekdoate basearre stik, dat no bestiet út 27 fragminten. Earst in tsiental jierren letter ûntdiek men de bysûndere kwaliteiten fan de skriuwer, dy’t fuortdaliks as in foarrinner fan it ekspresjonisme sjoen waard. Letter is der fan it stik in opera makke en it is ek ferfilme. Nettsjinsteande it fragmintaryske karakter jout in skerp tekene byld fan de wrakseling fan in simpel minske oan de ûnderkant fan de maatskippij. De oersetting fan Wadman ferskynde yn 1987, mei in koarte ynlieding, yn it tiidskrift Trotwaer.

HB

In slet fan tsien dollar

It strjithoerke Lizzy wurdt lestig fallen troch in jonge swankebast fan goede komôf. By de rûzje dy’t dêrop folget wurdt in neger, dy’t tafallich tjûge wie, delsketten. Letter besiket men syn kameraat de skuld yn de skuon te skowen. Ophise troch rassewaan liket hy troch in groepke blanken lyncht te wurden. Dêrnei siket hy in skûlplak by Lizzy, dy’t krekt bliid is mei de belangstelling fan Fred, de soan fan in senator. De swarte jonge wol dat it famke de wiere tadracht oan it ljocht bringt, om’t allinne dat him fan syn efterfolgers rêde kin. Dizze Fred is lykwols in neef fan de echte skuldige. Fred en syn heit dy’t heech oanskreaun stiet, besykje it famke, yn ruil foar jild, ta meineed te bringen: goed besjoen is it in died út heitelânsleafde, as troch har ferklearring in nutteleaze neger opoffere wurdt foar de ûnbetochtsumheid fan in respektearre blanke. Under druk jout it famke ta, ferriedt de neger en mei dêrnei heit en soan fan de senatorenfamylje ta har regelmjittige besiters rekkenje. Nettsjinsteande dat fielt Lilly har besibbe oan de swarte jonge: beide binne misbrûkt troch de riken en berôve fan harren weardichheid. Mar gjinien fan de ûnderdrukten is by steat om yn opstân te kommen.

Kommintaar:
It stik spilet yn de tiid dat de skieding fan rassen yn in soad súdlike steaten noch offisjeel polityk wie. De tekening yn it stik is net allinne letterlik, mar ek figuerlik nochal swart-wyt. Mar it stik is mear dan in oanklacht tsjin de rassehaat en tsjin maatskiplike útrûpeling en fernedering fan de rjochtleazen troch de besittende klasse. Sartre naam in links, marksistysk stânpunt yn, mar yn tsjinstelling ta bygelyks de (westerske) kommunisten stiet by him it yndividu sintraal. Dat yndividu moat in kar meitsje, dêryn leit syn besteansgrûn. Dat betsjut net dat tsjin Lizzy in moralistysk fingerke opstutsen wurdt, om’t hja in foute kar makket. Krektoarsom, it stik wol sjen litte, dat as immen de stim fan syn gewisse net folgje kin, it mei syn weardichheid dien is.
Om hjoeddedei noch spile te wurden, soe it stik faaks bewurke wurde moatte. Swierrichheden tusken ferskillende (etnyske) groepen binne der noch hieltyd, mar de tsjinstellings lizze net mear sa swart-wyt.

HB