De yslike wierheid

Húshâldster Jane fynt Mathilde van Dalen dea yn bad.
Hat se harsels tekoart dien, is se in natuerlike dea stoarn, of hat immen har ombrocht? It is oan ynspekteur Groen en syn team om de wierheid te achterheljen. Op útnoeging fan notaris van Bohemen komme der fiif erfgenamten opdraven. Dan docht al gau bliken dat de kreaze Mathilde van Dalen út noch yn gjin kreas libben libbe hat en omstapte mei in grouwélich geheim. In geheim dat ûnder it foarlêzen fan it testamint by de oanwêzigen lilkens en misbegryp opropt.