Jubileum
Dit stikje wol werjaan de spanning op in repetysje fan in (berops)toanielploech tsjin ‘e tiid fan ‘e útfiering.
Gemis oan rolfêstens fersteurt de sfear omraak en de ynstekker hat der oan om de boel yn ‘e stokken te hâlden. Hy is der optlêst glêd mei oan en rekket omtrint oer syn toeren as de regisseur him ferwyt dat er de holle der net by hat. Op dat stuit is it him oer en stjit er der út dat er krekt hjoed 25 jier ‘yn ‘e bak’ sitten hat.