Toanielen om juwielen

Gerlof en Mike, broer en suster, beheare tegearre in kafee. It is karnaval en dêr wolle hja beide graach hinne. In âld freon fan Gerlof sil dy jûn op ‘e saak passe. As dy tinkt dat der dochs gjin mins komt, en hy dus de saak mar slute wol om op bêd te gean, komme der dochs noch guon.
Neidat earst Hermine mei in pistoal yn ‘e hân dêr al oer de flier west hat, komme Floaris Ringma en Sandra Gerlands en freegje om nachtferbliuw. Hja hawwe in koffer by har, dy’t as twa druppen wetter op Bonne sines liket. It docht bliken, hja hawwe dy koffer fol mei juwielen en soks. Hermine, dy’t dêr earder wie, is Floaris syn frou en dy sit de beide oaren efternei. It is har net om har man te rêden (dy wol se wol slite), mar om dy djoere juwielen.
Sandra fertrout it spul dêr net rjocht en wol wer fuort, mar Floaris wol de ôfspraak neikomme dy’t hja makke hawwe om it spul yn dit kafee oan in sekere Alma oer te dragen en dêr de ôfprate fjouwer ton foar te barren.
As it pear àl efkes ôfreizget, komt Hermine wer op it aljemint, mar treft wer net ien en set wer ôf.
Mar de juwieledieven komme wer en belânje op it bêd fan Mike. Omdat dat in ienpersoans is, hat Bonne dêr dat fan Gerlof mar by set. As dy dan fan it karnaval mei in faam thús komt en dy keamer brûke wol, is de kaart ferjûn fansels. De faam, dy’t dochs al net sa happich is, wol dan nei hûs, mar Gerlof wit har te bewegen om te bliuwen. Lykwols, hja wurde kear op kear fersteurd, dat it liket mei harren op neat út te rinnen.
It spul rekket hielendal fan aaien as de beide koffers ek noch ferwiksele wurde.
Misferstannen wikselje elkoar fierder ôf, mar oan ‘e ein krije Bonne en Mike elkoar en sa sil it ek wol komme mei Gerlof en syn faam Martine; in blier beslút dus.

Twa kibje, twa skuld

In stik oer en foar it amateurtoaniel. As Hiddo Walkema ál tefolle yn it toaniel opgiet, sinnicht dat syn frou, Alian, mar min. Man en frou libje dan ek byelkoar lâns. As Alian telefoantsjes fan in ûnbekende oanbidder kriget, seit se dat om dy reden dan ek net tsjin har man. Dy hat it ek fierstente drok mei de jonge kreaze haadrolspylster.
Alian har mem wol ha, dat Alian ek mei toanielspylje sil, dan kin se yn Hiddo syn hobby diele en kin alles wer yn ’t rjochte spoar komme. De ûnbekende oanbidder wurdt bekend en wurdt n.b. lid fan Hiddo syn toanielselskip! No driget de situaasje pynlik te wurden!
De stjerspylster fan it selskip wurde slieptabletten tapart, dan kin Alian in jûn har plak ynnimme om it sadwaande wer mei har man iens te wurden. De repetysjes wurde by Hiddo en Alian oan hûs hâlden, mar mei troch de eigen sinnen en nuveraardichheden fan de spilers, rint alles yn ’t hûndert. By einsluten docht bliken dat Hiddo, earst as in grapke, letter út erchtinkendheid, de persoan wie dy’t Alian anonym skille hat. Beide witte dan dat se tenei mear betrouwen yn elkoar ha moatte.

Stoarm oer lyts Mankum

Dean, in jonge frou fan 30 jier, dy’t har troch de need net altyd ta deugd oansteld hat, is folslein op it goede paad terjochte kommen en dat wurdt bekroane troch har houlik mei de fabrikant de Jong, dy’t wol om ende by de 50 jier is en al in troude en in net-troude soan hat, mar dat dochs tige lokkich foar har liket te wurden.
Mar der komme komplikaasjes: De bern en benammen de jongste soan en de skoandochter, binne op jild fan de âlde hear út en dat komt troch dit houlik fierder fan harren ôf te lizzen. Dat as it pear fan de houliksreis werom komt, is der oars net ien thús as de húshâldster, dy’t de nije mefrou ek al mei skeane eagen oansjocht. As bliken docht dat beide soannen yn de tiid dat heit op reis wie har grutte bedragen út de saak taëigene hawwe, dan kriget heit in hertoanfal, dy’t slimmer is as de earste kear. In âlde muoike wit it stellene jild en de stellene auto fan de jongste soan werom te krijen en de jonge mefrou fynt út dat de húshâldster fan har húshâldjild troch de jierren tolve tûzen gûne efteroer drukt hat. Dat jild is der noch en dêrmei wurdt de skuld fan de âldste soan lyk makke.
By einsluten binne de bern harren jonge twadde mem tankber foar wat se dien hat, al komt der in skieding tusken de âldste soan en syn frou út fuort. It ‘laat geluk’ sit dan wol oan fêst dat Dean mei in wrakke man fierder moat. Mar wa wit komt it letter noch sa, dat se de âldste soan trouwe kin, want dat liket as reserve foar har no wol ynboud te sitten.

Keamer te hier

Alke Brakman hat A.O.W. krige, mar dêr kinne se einliks net fan rûn komme. Se wolle dêrom in keamer ferhiere. Mar…. sûnder it fan elkoar te witten, dogge se it elk op har eigen wize: hy oan in jonge frou en sy oan in jonge man. It treft dat de iene altyd nachts arbeidet en deis sliept en de oare (de jongfaam) de keamers nachts brûkt.
Mar de moard komt fansels in kear út en dat jout gâns misferstannen en brike sitewaasjes. De jongfaam is nammentlik sekretaresse en lit har foar troude frou trochgean om de baas syn oare helte net al te oergeunstich te meitsjen.
En – hoe kin ’t sa bryk – de faam har mem is tafallich krekt troud met de heit fan de jonge. Dat hat ek de reden west dat se op har sels woene. No’t se mekoar, sûnder fan dy relaasje ôf witten, kennen leare, is it foar harren letter better te fertarren en groeit der linkenoan in pearke út dat by de heit fan de jongfeint yn ‘e saak opnommen wurdt. Typen yn it stik binne: Sienema, in buorman mei in lulk wiif en mefrou Feringa, de frou fan de ‘baas’ fan de jongfaam, dy’t sa oergeunstich is.

As it jild rinkelt

Eldert Jonkers hat in heal miljoen yn ‘e lotto wûn en komt mei Jilte Kapma oerien dat it op dy syn namme komt, tewyl’t hy in skuldbekentenis tekent foar itselde bedrach. Utset tsjin in rinte fan acht persint wurde se der alle jierren in tweintich tûzen gûne better fan. As de húsgenoaten fan Kapma, t.w. syn suster (dy’t by him de húshâlding docht), syn soan en syn dochter, yn ‘e rekken krije dat heit in sparbankboekje hat fan in heal miljoen, meitsje se dêr út op dat er mei lotsjen in grouwe priis wûn hat en se fine it mar frjemd dat er dêr noait gewach fan makke hat. De soan, dy’t ferkearing hat mei in frommeske út ‘e bettere stân, wit gâns in gat yn heit syn kaptaal te meitsjen, fral no ’t syn oansteande skoanmem oan ‘e weet kommen is dat der oan ‘e oare kant modder oan ‘e kloet sit.
En Kapma sels komt troch dat jild, dat sines net is, wer by syn âlde baas telâne, net yn it pakhús lykas doe, mar as firmant.

En sa sjocht men dat elkenien op ‘e knibbels te krijen is, dy’t in sparbankboekje sjen litte kin.