De nije bijrider

Dit stik draait om de jonge garaazje- en rydskoallehâlder Germ Rinkes. Hy hat syn sinnen der op setten om ea noch ris fabryksrider te wurden yn in motor mei sydspan.
Hy wurdt bystien troch syn foarse monteur/ byrider Jilke Balsma, dy’t neffens Germ plak meitsje moat foar in jonge linige keardel.
Dit wurdt de as jonge ferklaaide Marijke Himpel, sûnder dat Rinkes troch hat dat dit in famke is.
Der rinne yn it kantoar fan it pompstasjon noch alderhande figueren, as in negoasjesútelder en in optwingerige fotosjoernaliste, yn en út. De húshâldster, hat lykwols alles goed ûnder kontrôle.
It fuortbestean fan it pompstasjon, falt of stiet mei de oanlis fan in nije dyk, dy’t der úteinlik wol komt. Marijke komt yn it sydspan terjochte en wit Germ syn hert foar har te winnen.

Stelle op stand

Twa susters tusken de fyftich en de sechstich jier ha der in gewoante fan makke om út poere sensaasjesucht út te stellen te gean. Dêrby steane se net foar in bytsje. Dat spultsje rint speak as de âldste suster fereale wurdt op in juwelier, dy’t se bestelle sille. As dy bui driget, soarget se lykwols foar in relaasje fan har suster mei in notaris, dy’t deselde gefolgen hat. It draait dus by eintsjebeslút by beide susters op trouwen út en dêrmei hat it stik syn happy-end.
Foardat it safier is, bart der fansels noch wol it ien en oar. Sa ûntfytmanje de susters de ferloofde fan de tsjinstfaam in bedrach fan tûzen gûne en misse se by de buorfrou in antike sulveren taartskeppe, dêr’t de tsjinstfaam fan dy buorfrou de skuld fan kriget. Fierder is harren muoikesizzer, Alwine, dy’t in healjier lyn de doar út gien is fanwege de dieverijen, no wer thúskommen, sadat dy it lêste fyt noch meimakket en sadwaande deabenaud is dat har feint efter de praktiken fan har muoikes komme sil en har om dy reden net mear ha wol.
Mar as it ienkear safier is dat de leafde yn it spul komt by de muoikes, dan bringe se oan elk it stellene spul werom en sadwaande binne der oan ‘e ein fjouwer lokkige pearkes.

Frou en faam

Steven Stadema, soan fan in grut skipsbouwer, komt fan praktykwurk út Frankryk wer thús. Sonder dat heit en mem der fan witte, is er dêrjinsen troud mei in française, Monica, in tige ynnimmend jong frommeske, dy’t er meinimt. De omstannichheden op it stuit fan harren oankomst meitsje it Steven onmooglik om mei dizze ferrassing foar ’t ljocht te kommen, sa’t er fan doel west hie. Tafallich komt Monica net tagelyk mei har man ûnder de eagen fan syn âlden en like tafallich sitte dy op ’t selde stuit te wachtsjen op in Frânsk tsjinstfamke dat it arbeidsburo harren tasein hat. Boppedat wolle de Stadema’s, dat Steven him ferseit oan in goede freondinne mei in slompe jild, om heit en de saak út ‘e pine te helpen. Beret en handich lit Monica har de rol fan de nije faam oanplakke, mei alle konsekwinsjes dy’t dat foar de jongelju beide meibringt, oant….
In alderaardichst, fris blijspul, fol koartswyl en romantyk, dat men allinne foar kar nimme moat as men it oer alle boegen goed besette kin.

//Dit stik is net mear leverber. Jo kin fan dit stik gjin boekjes mear keapje. Wol ha we noch in pear sichtboekjes, se kinne dus noch wol lêzen wurde.

As jo dit stik spylje wolle, matte jo sels de boekjes kopiearje.

Lekker koese

Otto, in yntellektueel fan kwizekwânsje, is by syn frou weirûn en hat in flatsje hierd. Dêr komt buorman Freark by him, dy’t in pear doarren fierder wennet en dy’t ek wol fan syn wiif ôf wol, mar net wit hoe’t er dat ha moat. Hy freget Otto om ried. Dan set er dochs troch en leit syn matras yn it flatsje njonken Otto sines.
Underwilens hat Otto syn frou Ankeline alris oer de telefoan besocht kontakt mei Otto te krijen, mar as dat net slagget, komt hja sels om de sitewaasje ris te ferkennen. It duorret net mâle lang of Tet, Freark syn wiif, komt ek alris te sjen. It liket op partnerruil ta te gean, dêr’t de froulju it ek wol in bytsje op oanlizze. Dan sjogge wy dat de sivilisearre Otto him yn dwaan en litten ferleget ta it triviale peil fan Tet en dat Freark him besiket op te lûken oan dat fan de ‘sjike’ Ankeline. Hja ferkeare dan mei har fjouweren yn itselde flatsje. Ankeline lykwols sakket it earst troch de koer en Freark, dy’t yn Otto syn ideaal seach (dat is in man; dy set troch) en sels dochs al net sa stevich yn ‘e skuon stie, giet ridlik gau deselde kant oer as Ankeline.
Otto liket syn bekomst fan Tet te krijen, mar hy wol, sa’t er seit, neat mear fan froulju witte. Dat de beide dames wurde der mei har matrassen út set. Freark hat Otto wol gewurde litten mei dat útsetten, mar kin it sûnder syn frou net úthâlde. As Ankeline, as hja al op bêd lizze, oanskillet en seit dat Tet op him leit te wachtsjen, hoecht Freark him net te berieden en siket syn wyfke wer op. Mei Otto hinget it der gâns swierder yn. Hy kin himsels mar net oerwinne. Mar as Ankeline it ta it uterste komme lit, giet hy der ek ûnder troch en giet wer mei syn frou op hûs oan.

Oer en tefolle

De ferstoarne boer Banning hat by testamint fêstlein dat nei syn ferstjerren syn suster Pauline, âldfaam, syn frou helpe moat op ‘e buorkerij en dat harren dochter nei har 25ste trouwe mei mei wa ’t se wol, mar foàr dy âldens de tastimming fan muoike Pauline ha moat, alteast salang ’t dy de pleats net út frije wil ferlitten hat.
It probleem is dúdlik: de dochter wol earder trouwe….. mar foldocht net oan ‘e betingsten. Pauline spilet de baas oer elkenien op ‘e pleats. Dat is foaral Jelle, in broer fan ‘e frou (de boerinne), min nei ’t sin. Dy Jelle no betinkt allegearre middels om Pauline de doar út te krijen en dêr binne hynstemiddels by. En it slagget net.
Oan ‘e ein fan it stik giet Pauline om oare reden dochs fuort en is der in lokkige útkomst.

De tsien fan Foltsum

It hâlden en dragen fan ûnderskate minsken, byinoar yn in feestkomitee yn in lyts provinsjestedsje, om in hystoarysk barren te betinken. Men soe ’t neame kinne: in karakteristyk fan dy ûnderskate figueren yn de omgong meiïnoar, dêr’t de wize fan dwaan en litten en sizzen en swijen belangriker is as it ûnderwerp wêroer en de omstannichheden wêryn it barren pleats hat. Dit tema is útarbeide yn in tal gearkomsten fan it komitee. Der sil in optocht organisearre wurde, dêr’t lykas eartiids it gewoane folk en soldaten foarinoar oer komme te stean. Dat ûnderwerp bringt mei dat der ek yn it komitee twa partijen ûntsteane en dat jout wer stof ta petear en aksje. Pas yn it lêste tafriel sjugge wy dan noch in stikje fan de útfiering fan it plan.
Omdat yn dit stik it hóe folle belangriker is as it wàt, d.w.s. dat de wize dêr’t it ûnderwerp op behandele wurdt, de betsjutting fan it ûnderwerp sels fier oerskadet, komt it winliken alhiel op ‘e persoanen en harren karakters oan.
Kinne dy wiermakke wurde, dan is it in hiel aardich stik, dat him by it publyk wol ‘ferkeapje’ litte sil.

Femke

Tema: Problemen yn de man-frou relaasje. Remmelt Donia hat slim oan ‘e drank west, mar is troch in ûntwenningskuer wer op it rjochte paad kommen. Syn frou, Lokke, is wat in sêft type, dy’t har it ferstjerren fan harren hûntsje Femke tige neinommen hat. Se kin it net litte en rop sa no en dan by de efterdoar it hûntsje syn namme. Se hawwe in tige goede húsgenoate oan Marijke Bolding, dy’t befreone is mei Tamme, dêr’t se ek mei op en út giet, en dy’t ferkearing hat mei Benno, dy’t om utens wennet. Oan Rimmelt is te merken dat er mear as gewoane belangstelling hat foar Marijke en dat er it suver net útstean kin as se mei Tamme thúskomt. Oan Lokke kin men witte dat se wat apart niget hat oan manlju mei in goed postuer.
As Marijke Tamme in nacht mei yn har sliepkeamer nimt, kin Rimmelt him net langer goed hâlde en grypt er nei de flesse. Fangefolgen komt er foar in wike yn in psychyatryske ynrjochting telâne. It seit himsels dat Lokke dêrtroch ek wer alhiel fan ‘e wize rekket. As Marijke mei Benno trouwe sil en it hûs út rekket en Rimmelt wilens wer thúskommen is en allinne mei Lokke efterbliuwt, lizze de problemen tusken en yn dy beide minsken wer dúdlik bleat.
Tewyl’t Lokke de jiskepûde bûten set, jit Rimmelt al wer in skoat jenever troch syn fruchtesop, dat syn frou foar him klearset hat….

It heft yn hannen

Twa âldfeinten op in pleats libje har eigen libbentsje: se fiskje wat en litte de buorkerij ferhûneloatsje. Mar se wurde tige neiriden troch harren suster, dy’t it spul ervje wol foar har dochter. En om no fan dy earnige suster ôf te kommen, nimme se in húshâldster.
Dy pakt de saken noch helte hurder oan, mar se kinne gewoan net wer fan har ôf. Dy húshâldster hat in man dy’t libbet by de graasje fan sûpen en mâltjirgjen – se hat it kear op kear op ‘e nij mei him besocht, mar doe wie ’t har oer en hat se har by de twa manlju bestege.
En se pakt it fûleinich en hurd oan, sûnder dat de manlju yngripe doare: se ferkeapet earst in stikje sompich lân fan ûnwearde foar in rûge 20.000 gûne – se lit geandewei it hiele spul opknappe en de buorkerij útwreidsje en dan nimt se in feint yn ’t wurk, dy’t ferkearing hat mei in dochter fan dy fûlekaan fan in suster fan ‘e bruorren.
In ferkearing dêr’t dy suster poer op tsjin is.

Hawar, as de proeftiid fan ‘e húshâldster om is, dan wurdt se it dochs noch wer mei har man iens. Mar foardat se ôfset, lit se de twa manlju in hierkontrakt tekenje dat de jongelju op ‘e pleats komme en ek noch in testamint dat se letter it spul erve.

En by eintsjebeslút giet de suster dêr dochs mar yn mei. In happy end dus.

Albedil

Frou Happert, de arbeidster fan makelaarskantoar Weltens, fynt op in jûn in lyk op ien fan ‘e keamers. In manspersoan, dêr’t hja fan mient dat it har baas, mynhear Weltena, is. Hja is net al te bot fan ’t hynder (in echt folkstype mei in rap mûltsje en tige byderhant) en skillet de polysje. As dy komt, is it lyk nearne mear te finen, mar der binne wol bloedspoaren. Haadynspekteur Tiering hat al gau yn ‘e rekken dat alle personielsleden en ek de frou fan it slachtoffer, eins wol in motyf hiene om de man oan kant te helpen. Frou Happert, dy’t alles wit en alles sjocht, wat der op it kantoar bart, sil de polysje wol ris even helpe de moard op te lossen, mar se jaget de boel yn ‘e bulten en de haadynspekteur op ‘e kast…
Weltena blykt noch te libjen en dóchs is der immen fermoarde! Mar wa? Dan falt der noch in slachtoffer en no kriget frou Happert dochs byt.
Mei kostlike dialogen en libben toaniel rint it stik nei syn ein en de oplossing dy’t tige nijsgjirrich is. Bline ferearing, leafde, oergeunst en haat, fermongen mei irony en net te min humor, foarmje meielkoar dit geve stik.