Underdak frege
Hilbrand Lanting is in keurige jongeman. Hij is learaar wiskunde en studearret iverich foar syn doktorstitel. Syn famylje bestiet út twa âlde tantes, Hiltsje en Tine, dy’t in soad fan him hâlde. ’t Is dan ek in freonlike jonge, mar wol in bytsje in harke. Oan de leafde docht er net, tsjinoer froulju is der o sa ferlegen.
As it stik begjint is it jûn en de tantes binne op besite by Hilbrand, sy sille hast wer fuort.
Unferwachte ferskynt syn freon Mark mei in famke, Rykje. Sy mei fan har heit net mei Mark trouwe, is fuort rûn en moat no ûnderdak ha foar de nacht. Mark freget oft Rykje dy nacht by him sliepe kin, hy sil har de oare moarns wer ophelje en net ien hoecht it te witten. Hilbrand kin dit fansels net wegerje.
Hy is der glêd mei oan as hy syn sliepkeamer oan Rykje tasein hat en tante Hiltsje, dy’t de trein mist hat, stiet wer foar de doar en ek by him sliepe wol. Einbeslút sliept hy sels yn ‘e stoel. As Mark de oare moarns fernimt dat tante Hiltsje op ‘e bank sliept hat, giet hy derfan út dat Hilbrand mei Rykje sliept hat en binne de rapen gear.