Sulveren brulloft

Adri en Jelle sille tegearre harren sulveren brulloft fiere mei in itentsje. Troch in ’tige wichtige’ gearkomste is Jelle let thús. Sille se noch wol te iten of toch mar net….

Jins bêste freon

Yn in treinkûpee sit in spantsje dat op houliksreis sil. Sy binne wakker yn petear, mar wat se sizze hat feitlik neat om ‘e hakken.
De lytse stikeltsjes en yrritaasjes jouwe de taskôger it gefoel dat se elkoar no pas goed kennen leare.

Fêste ferhâlding

It echtpear Piter en Hilly is mei fakânsje en kampearret. Hilly is troch in weps stutsen en is op har bril fallen. Dêrom kin se net lêze en ferfeelt har. Se wol no graach oandacht fan Piter. Piter dy’t sit te lêzen hat dêr net folle sin oan. Hilly wol graach in tal saken dy’t har dwaande hâlde kwyt: de tiid, dy’t hurd foarbygiet, it âlder wurden en harren relaasje… Jout Piter noch wol om Har?
KOMMINTAAR:
Dialooch tusken Piter en Hilly. De ien wol lêze en de oare wol oandacht. Dat jout oanlieding ta spanning tusken Hilly en Piter. Der wurde dêrtroch dingen sien, dy’t oars net oant ljocht kommen wiene.

SP