De jossen

Yn De Jossen komme jo yn ‘e kunde mei in hecht selskip. In selkip mei in brede skiednis. Fol fertrouwen en enerzjy begjinne se mei harren ritueel. Mei elkoar. As ienheid. As Jossen. Dan bart der wat ûnferwachts….
Jos wol der mei ophâlde. Mar dat sinniget de groep net. Der wurde fragen steld, kanten keazen en noazen brutsen, oant de groep – it is net te kearen – út-elkoar falt. It âlde fertroude hat plak makke foar erchtinken en jildingsdriuw. En de leafde dy’t der wie, liket der net mear te wêzen.

De jossen is in ritmyske energike foarstelling wêryn’t de kracht en de ynfloed fan de groep sintraal stiet – sfeerfol en fysyk, foar jong en âld.

Fan leafde en balkons

In modern stik oer it spyljen fan in stik mei ’t klassike tema oer oergeunst, rûzje en fjochterij tusken de famyljes Espre en Capo. De âlders fan Julia sille op in feest bekend meitsje dat harren dochter trouwe sil mei Paris, de soan fan de kening. Op it maskere bal ferskynt lykwols ek Romeo en dy dûnset mei Julia, ynstee fan Paris, dy’t noch altyd oan memme’rokken hinget. En dêrom trout Julia stikem mei Romeo, mar dan slacht it needlot ta; troch dommens en misbegryp stjerre Paris, Romeo en Julia…
De ’trochgong’ fan it ferhaal wurdt hieltyd dien troch twa fertellers en dêrby komt dat it eigentiidske en humoristyske taalgebrûk hiel ferrassend wurket. In stik dat grif de jongerein oansprekke sil.