De lompert
Helena Ivanova Popov is swier yn ‘e rouwe fan har ferstoarne man: syn ferstjerren hat makke dat se foar har fierdere libben de omgong mei elkenien mije wol en de húsfeint hat se der op ferge nimmen oait mear by har ta te litten. Mar Smirnov, in lânhearre, lit him keare noch twinge, om ’t har man silger noch foar in fiks bedrach by him yn ’t kryt stiet.
Ynearsten wol Helena neat fan him witte; se driget him sels dea te sjitten en ûnder de tsjoen fan har manhaftige hâlding wurdt er sa mak as in laam net allinne, mar rekket ynienen op har fereale.
Dat op it stuit dat it duel-op-’t skerp tusken de twa oangean sil, slacht de haat, ek by har, om yn in alles ferjittend ferlangen nei hertstochtlike oerjefte.