De mieu

It stik spilet him ôf op de bûtenpleats fan Pjotr Nikolajewitsj. Syn Suster Arkadiena, in bekend aktrise, bringt dêr de fakânsje troch. Se wurdt beselskippe fan har freon en oanbidder Trigorien, in ferneamd skriuwer, en har soan Kostja, ek al in skriuwer, mar dan ien oan it begjin fan syn karriêre. Hy hopet alteast hertstochtlik op sa’n karriêre. Foarearst is hysels lykwols de iennichtse dy’t dêr yn leaut. Hy hopet him te bewizen mei in toanielstik, dat foar famylje en kunde spile wurde sil yn de tún fan de bûtenleats.
Foar de mar, dy’t dêr sa prachtich leit oan de râne fan de lannen fan de bûtenpleats, wurdt in teaterke boud. En Nina, dochter fan in boer út de buert, dy’t like graach aktrise wurde wol as dat Kostja him in takomst dreamt as skriuwer, sil it stik – in poëtyske monolooch, fol symbolyk – spylje .
It stik begjnt mei de tariedingen fan dizze “foarstelling”.
En fansels komt dêrnei alles oars as Kostja en Nina foar harsels dreamd hawwe. Teloarstellingen, ûnbeantwurde leafde, ferbittering, mankelikens, it neistribjen fan gelok en it oanfurdigjen fan it lijen dat dêrby heart, dêr giet it oer yn dit ferneamde stik fan Tsjechov.

De spion

Keulen, 1935. In reinige sneintemiddei. Man en frou freegje harren eangstich ôf wat oaren minsken fan har tinke. Sa swije se fluch as it tsjinstfamke deryn komt en binne se deabenaud dat sy hearre sil dat de man krityk hat op it polityke systeem. Sels fan harren eigen bern binne se bang dat dy heit en mem ferriede kinne.
Stik oer de paranoia ûnder de nazi-diktatuer fan de jierren tritich.
(Kin hiel goed los spile wurde.)

De joadske frou

Frankfort, 1935. In frou pakt senuweftich har koffers yn en telefonearret dan in ferskaat tal minsken. Hjirút docht bliken dat sy fan doel is om te flechtsjen nei Hollân. Se is in joadske frou en wol
har man net langer yn gefaar bringe. Boppedat is ek dúdlik dat man en frou troch de spanningen útynoar groeid binne.
As de man komt seit se dat se fuort sil, mar hy makket him sels wiis dat it net mear as in tydlik útstapke wêze sil.

Bern fan in mindere God

James Leeds is krekt oansteld as spraaklearaar oan in lyts dôveynstitút. Hy wurdt mentor oer Sarah, dy’t al ferskate dosinten fersliten hat. James begjint entûsjast oan syn taak; Sarah makket it him net maklik. Nei ferrin fan tiid groeit de relaasje, en net folle letter lûkt Sarah by James yn en dat falt by de oare klasgenoaten net goed. Sarah stiet tusken beide partijen yn. Dit wurdt pynlik as se frege wurdt mei te dwaan oan in aksje tsjin de lieding fan it ynstitút. Se moat foar har gefoel kieze tusken James en de oaren. It wurdt dúdlik dat se dit net kin. Fan dat stuit ôf sjocht se yn dat de wrâld bestiet út twa kampen; dy fan de hearrenden en de net-hearrenden. Dizze twa sille nea byelkoar komme kinne, om’t net ien fan beiden by steat is om yn de oare wrâld te krûpen. De relaasje mei James stiet dan ek ûnder spanning.
Oer de foarm: it stik spilet him ôf yn de geast fan James Leeds. De spilers meitsje harren by wize fan sprekken los út syn ûnthâld om in sêne te spyljen of wol om in pear sinnen út te sprekken. Yn dit stik wurdt gebrûk makke fan dôve-taal. Dit makket dat it stik net samar spile wurde kin. In betûfte ploech kin der lykwols in nijsgjirrige foarstelling fan meitsje: in prachtich stik!

Bedroch

Jerry en Robert binne freonen foar it libben, mar ek saaklik oan elkoar ferbûn. Sels it feit, dat Jerry jierrenlang mei Emma, Roberts frou, in ferhâlding hân hat en hjirfoar in flat oanhold, kin de bân tusken de twa mannen net ferbrekke.
It stik begjint twa jier neidat de ferhâlding ferbrutsen is.
Robert en Emma wolle skiede, omdat Robert ek al jierren mei oare froulju gedoente hat en sy in oare frijer út it literêre miljeu fan de mannen hat.
Emma wol noch ris mei Jerry oer it ferline prate.
De skiednis springt dan yn sênes werom yn de tiid.

Op hoop fan segen

De stuft is der tige wiis mei dizze klassiker út ‘e Nederlânske toanielliteratuer, yn ‘e treflike oersetting fan Pyt en Tryntsje van der Zee, yn it ljocht jaan te kinnen.
Om’t wy de ynhâld fan it stik as bekend beskôgje, folsteane wy op dit plak mei in part fan it foarwurd sa’t de oersetters dat sels oan harren wurk tafoege ha:

“Heijermans hat dit stik, krektlyk as syn measte oare stikken, net skreaun yn it A.B.N., mar yn in soarte fan ‘keunstdialekt’. Om it folkse karakter dat er dêrmei berikt hat, safolle mooglik rjocht te dwaan, is by dizze oersetting dan ek net yn ’t foarste plak útgien fan standertfrysk, mar mear fan de sprektaal.”
“Likegoed ûntkomt men der as oersetter net oan om bepaalde âlde of ferâldere wurden te brûken, it stik spilet no ienkear yn 1900. Dêr komme yn dit gefal noch typyske termen út ‘e skipfeart en de fiskerij by, dy’t net altyd yn hjoeddeisk Frysk oer te setten binne, of dy’t by minsken ‘oan ‘e wal’ frjemd binne. Wannear’t al dy termen weilitten wurde soene, soe Heijermans Heijermans net mear wêze en soe dus in soad fan dizze typyske sfear ferlern gean. Foar safier mooglik wurde ûnbekende wurden/begripen yn fuotnoaten ferklearre.
Fansels hat it publyk der neat oan, mar as de spilers sels begripe wat se sizze, en wêrom, en dat mei oertsjûging spylje, sil it publyk dochs wol sa likernôch begripe of fiele wêr’t it om giet.”

Mei sletten doarren

Trije persoanaazjes binne nei de dea feroardiele ta in ferbliuw yn ien keamer oant yn ivichheid. Dit ferbliuw wurdt ta in marteling om’t de konfliktsituaasjes dy’t ûntsteane, net ta in oplossing brocht wurde kinne. Sels in útwei troch moard of selsmoard is net mooglik.
Yn it lêste tafriel jout ien fan de personaazjes de filosofy fan Sartre dúdlik wer: “De hel, dat binne de oaren.”
In útdaging foar de bettere toanielploech.

NB De beskriuwing by de oersetting fan Klaas Bruinsma is wat grutter.