Tink der om, gjin wurd

Clementine Jaffa, pensjonhâldster giet mei har gasten werom nei it ferline, wylst de skilder de trep fervet. Der is wat nuvers geande: by de deistige post sit hieltyd in geheimsinnich pakje foar ien fan har pansiongasten. En wat is der doch mei Eva-Marie en har twillingsuster Eva-Jeanne oan ‘e hân? Kleptomany? Wroeging? In o sa gefoelich en knap opboud stik mei skitterjende rollen.

De hear Van Ocksefurd

Jildau en Loadewyk binne fereale en wolle trouwe. De heit fan it famke, in begoedige boarger, wol har ta ha oan de hear Van Ocksefurd, in aadlike boer ut Keallegea, dy’t dêr in grou stik jild foar betelje sil. Tsjin it sin fan de jongelju fansels. Loadewyk betinkt dêrom mei syn feint Skarlun- de klassike skelmefiguer- alderhanne snoade plannen om de hear Van Ocksefurd foar de winige doar komme te litten. Van Ocksefurd wachtet dan ek in wiere nachtmerje. Dokters prate him siik, aptekers steane klear mei klystearspuiten en bloedsûgers, advokaten betichtsje him fan mearwiverij, rjochtstsjinners wolle him oan ‘e galge bringe, en hiersoldaten ûntnimme him syn lêste bytsje selsrespekt. By eintsjebeslut reizget er as frou ferklaaid en ûntsien fan alle ylluzjes ôf.
De jongelju krije mekoar. It feest kin begjinne. In fleurich folksstik, mei sang en dûns.

Dreame by midsimmernacht

In mearkeëftige komeedzje, mei tal fan ferhaallijnen. In fjouwertal fereale jongelju falt yn hannen fan elfen dy’t harren ferealens op ‘e nij yndiele wol troch middel fan in krûd.

Twa kear twa is twa

It loftige ferhaal fan in pear maten dy’t mei fakânsje yn in bungalow belânje dy’t ek oan twa jongfammen fersein is. In pynlike sitewaasje, dy’t op ’t lêst in oplossing liket te krijen, as omke en muoike net op besite kommen wiene……

Dûbel spul

Richard Corban is pas troud mei in frou mei jild (Françoise), mar is drok dwaande om dat jild der troch te bringen mei gokken en sûpen. Syn frou hat dêr har nocht fan en wegeret fierder fan har jild te jaan.
De tsjinstfaam, Louise, hat ferkearing mei ien dy’t krekt út ‘e finzenis frijkommen is en dy’t as twa druppen wetter op Richard liket. As dy in sakereis makket, hellet Françoise út need in notaris yn ‘e hûs om in skieding mei har man te berêden. Om tawurd te jaan, moat Michel, sa hjit de frijlitten feint, foar Richard trochgean.
It rint oars, omdat Richard earder thús komt as dat soe. Hy kriget rûzje mei syn frou en by de fjochterij dy’t dêr út fuortkomt, wurdt Richard deadlik rekke troch in kûgel út syn revolver. As notaris ûntdekt dat er mei in oar as Richard te meitsjen hat, ferskuort er de skiedingsformulieren en wol er de plysje ynljochtsje. Mar no komt Louise fanwegen, omdat Michel faaks wer opsletten wurde soe. Hy sjit de notaris dea en de beide liken wurde efter yn ‘e tún begroeven.
Sa gau ’t Françoise de kâns kriget, skillet se de plysje en as dy dwaande is mei it ûndersyk, komt Richard wer thús en seit dat syn frou wol faker waanfoarstellings hân hat, mar dat it diskear wol och sa slim is.
As de plysjes ôfsette, kriget Françoise te hearren dat se yn ‘e fûke rûn is (en se is de fyfte al): Richard leit it allegeduerigen oan mei rike froulju en set harren der dan sa tusken, dat se harsels tekoart dogge, sadat hy mei syn helpers – Louise en de saneamde notaris – it jild opstrike kinne.
As dy skurken dat oan Françoise ferteld hawwe, is de lêste slach foar har. Unferwachts binne de plysjes der wer en rekkenje it trijetal yn. Françoise wie nammentlik in lokfûgel fan ‘e plysje.

## Dit stik is net mear leverber. Jo kin fan dit stik gjin boekjes mear keapje. Wol ha we noch in pear sichtboekjes, se kinne dus noch wol lêzen wurde.

As jo dit stik spylje wolle, matte jo sels de boekjes kopiearje.

It prieel

De ûntsleine ferpleger út in ûntwenningsynstitút sjantearret, mei help fan inkelde tsjustere figueren, eardere pasjinten.
Dat besiket er ek mei Rob Nijman, in skriuwer fan TV-stikken, omdat dy syn frou Nel foar ûntwenning fan drugs opnommen west hat.
Rob rekket sa yn ‘e knipe, dat er Loman by him thús komme lit om jild op te heljen en him dan deasjit. It lyk bedobbet er op it plak, dêr’t de oare deis beton stoart wurde sil foar in prieel.
De oare deis heart Rob fan syn buorman, dy’t substitút-ofsier fan justysje is, dat Loman yn syn eigen hûs deasketten is. Rob moat dus in oarenien deasketten ha.
As Rob allinne thús is, wurdt er oerfallen troch twa hantlangers van Loman. Se bine him fêst en krije op ’t lêst yn ‘e gaten wêr’t it lyk is. Se helje it boppe de ierde en lizze it by de fêstbûne Rob yn ‘e keamer. As de dei dêrop de plysje komt en Rob ta in bekentenis bringe wol, sjocht dy tafallich de kûgels dy’t er ôfsketten hat yn it kezyn sitten.
As de dokter ferklearret dat Loman oan in hertoanfal stoarn is, lykje Rob en Nel út ‘e brân te wêzen. Lykwols, der is ien bûten harren, dy’t wit hoe’t it allegearre om en ta gien is: harren freon Herman, de substitút-ofsier fan justysje…… Mar dy swijt…….

Deadedouns

It houlik fan kaptein Edgar en Alice wurdt nei hast 25 jier oerhearske troch haat en narjen. Beide sjogge werom op in mislearre libben. Se wenje op in lyts eilân, yn ôfsûndering fan de oare bewenners.
De neef fan Alice, Kurt, kriget wurk op dit eilân. Edgar en Alice besykje beide him as bûnsmaat te krijen yn harren striid tsjin elkoar. Kurt hat meileien mei it pear mar op it hichtepunt fan’e striid lit er harren allinne. Hy fielt dat er oanstutsen wurdt troch it kwea.
Edgar en Alice berêste yn’e tastân en beslute oant de dea, dy’t harren faaks nij libben jaan kin, byelkoar te bliuwen, yn ôfsûndering fan oare minsken.

De ytkeamer

Yn 19 meast ynelkoar oerrinnende sênes stiet de sfear fan de ytkeamer mei de yttafel sintraal. Foech sechstich minsken (bewenners fan it hûs troch de tiiden hinne) belibje op it toaniel de sfear fan dizze keamer op harren wize, yn harren tiid en mei harren problemen.
In tiidrek fan sechstich jier giet oan jin foarby, mar net hielendal yn chronologyske folchoarder.
Somtiden is de sfear yn de ytkeamer fleurich, somtiden wurdt er benearjend, mar elk ûndergiet wat fan dy wûnderlike sfear.

Jins keninklike heechheid

In handich abbekaat yn it Amearika fan 1869 bringt foaroansteande dames yn ‘e waan, dat hja fia neikommelingsskip troanopfolchster binne fan Frankryk….. Allinne der mist noch ien lyts bewyske.
Wy sjogge trije dames en elk fan harren is yn in fierder stadium:
De earste wurdt mei it ‘feit’ fan troanpretendinte op ‘e hichte brocht, de twadde is al safier, dat hja mient de keninginne fan Frankryk te wêzen en is sadwaande ryp foar it deltellen fan gâns jild om dat lêste bewyske boppe wetter te krijen. De tredde is útmolken en de abbekaat wit wol in wei om fan har ôf te kommen.

Emmaus 2000

Ynjûn troch it bibelferhaal fan de twa Emmaüsgongers, dy’t Jezus net earder werkenden as nei’t Hy bôle brutsen en útparte hie, is dit stik skreaun troch de dramaturch Manuel Straub. Pyt v.d. Zee hat der in knappe oersetting fan makke.
It spilet him ôf yn in kafee, dêr’t fertsjintwurdigers fan tsjerke en maatskippij elkoar moetsje yn in gearkomste oer de adopsje fan in lyts stedsje yn Afrika troch harren eigen gemeente. In ûnbekende skoaier”, dy’t krekt foar de mannen sûnder jas yn de streamende rein as in fersûpte kat yn it kafee kommen is en troch de dochter fan de kastlein sûnder te beteljen wer wat op ferhaal brocht is, sit as in ûnwolkomme gast, swijend by de kachel.
Oan ‘e ein fan it stik krijt ien fan de manlju ûnder it heechrinnende petear in hertoanfal en liket dea. De “skoaier” bringt him wer by en ferdwynt, de mannen alhiel fan ’t sintrum efterlittend, elk reagearrende op syn eigen wize: Leauwe – ûnleauwe – machteleazens. In wûnder.

De hier opsein

Benny en Lize, beide al wat op jierren, hâlde it meiïnoar. Mar Lize hie in man. Om dy kwyt te reitsjen hawwe se him by in hege kelderstrep del trûzelje litten en dat hat er net oerlibbe. Koartlyn hat de eigener it flatgebou ferkocht op betingst, dat it leech oplevere wurde moast. Benny en Lize sitte krap yn’t jild, dat as de eigener harren twatûzen gûne biedt, ûntromje se de flat, mar geane der fuort letter as kreakers wer yn. It duorret net sa lang, dan komt der in fertsjintwurdiger fan de nije eigener om harren der út te praten: as se net yn goedens wolle, dan sille der maatregels nommen wurde.
Benny en Lize bringe it praat op’e kelder en fansels wurdt de man nijsgjirrich. As sy him it paad dêrhinne wize, falt er yn itselde tsjustere gat as syn foargonger.
Fan him binne se dus ek ôf, wa wit komt der noch in tredde kandidaat.

Moany’s feintsje gûlt net

Moany is in frijbûtser dy’t it leafst syn hiele libben yn de bosken omslaan soe. Mar troch dat syn frou befallen is fan in lytse poppe moat hy yn it fabryk wurkje omdat der sinten op ’t kleed komme moatte. Lykwols kin hy it thús net út hâlde en op in nacht, at hy wer ris net yn sliep komme kin, pakt er syn bile en sil der fan troch. Mar syn frou triuwt him de poppe yn de earmen, want dêr wol sy net mei sitten bliuwe. Mei de poppe op de earm beslút Moany om te bliuwen.

Kommintaar:
In ienakter dy’t net sa geskikt is foar begjinnende spilers: it freget wier wol wat ûnderfining om de beide rolfigueren goed del te setten. At der twa sokke spilers binne, sille dy der wol mei nocht oan wurkje kinne.

GD

Himmel waar hjoed

It stik spilet him ôf yn in ynrjochting foar geastlike ‘probleemgevallen’. Dizze minsken binne fêstrûn. Hieltyd wer dogge se deselde dwangmjittige hannelingen, meitsje se op deselde wize kontakt mei oaren, wêrfan se tinke dat it sa yn de maatskippij wenst is. Mar dy maatskippy hat dizze minsken al lang lyn oan kant skood.
Dêrtroch binne se op elkoar oanwiisd. De ûnderdienige, passive Albert is as tahearder ûnmisber foar de swetsende Haring. De groteske mânljusgek Katryn hat de skriemerige Minke nedich om har agresje kwyt te kinnen. Oanienwei meitsje se elkoar fertocht en dogge dan wer in berop op elkoar. Mar elke kear as immen him jilde litte wol, kriget er inkeld befêstiging om ’t de oar geastlik ôfwêzich is.
De mânlju helje fertekene bylden op oer de oarloch. Of der wurde anekdoates út harren ferline ferteld dy ’t as los sân oan elkoar hingje. Sa tôgje se harsels fan moarnsbrea nei jûnsmiel. Troch it banale praat hinne kriget de taskôger lykwols hieltyd mear sicht op de leechte yn it bestean fan dizze minsken. Mar ek sjocht er hoe ’t harren omgongsfoarmen útfergruttings binne fan de wize fan mei elkoar omgean yn de “normale” maatskippij.

Kommintaar:
Krekt as yn “De Sate” (sjoch de beskriuwing dêr) wurde ek yn dit stik de karakters hiel goed beskreaun. It stik is in maatskippijkrityske oanklacht, sûnder moralistysk te wêzen. Nettsjinsteande de tryste sitewaasje is it in stik mei in soad humor en komyske tastannen, sûnder de personaazjes bespotlik te meitsjen.

NB Yn 1983-’84 spile troch Tryater.

De ferstoarne

Twa freondinnen (Julie en mefrou De Campon) lykje enoar min ofte mear tafallich tsjin te kommen. Hja begjinne in petear oer Victor, de ferstoarne man fan Julie. Yn earste ynstânsje is it ridlik normaal petear oer de ûntrou fan Victor, mar neigeraden it petear foarderet, wurde de teksten hieltiten frjemder en (skynber) ûnlogysker. Julie begjint hieltiten fremdere ferhalen oer Victor te fertellen. Uteinlik komt it safier dat de twa freondinnen enoar net mear werkenne en enoar oare namme jaan geane. It stik einiget mei de wurden “oant moarn” en “deselde tiid…”.
KOMMINTAAR:
It is in ienakter dêr’t men in soad kanten mei op kin: it kin bloed serieus spile wurde of absurdistysk of humoristysk en miskien wol alle trije tagelyk. De tekst variearret fan tige logysk en direkt oant poëtysk en tige ûnlogysk. Gearfetsjend sein is it in reedlik nuodlike ienakter mei in soad mooglikheden. In oantreklik stik.

DS

Myn soannen

De fabrikant Joe Keller, in man dy ’t it skoan dwaan kin en ien fan de “pylders fan de maatskippij” is wurdt achterfolge troch syn ferline en úteinlik ta de ûndergong dreaun. Dreaun troch ynklauwerigens hat er yn de oarloch gammele fleantúchmotoren levere oan it leger. Dêrtroch hat er de dea fan ferskeidene piloaten op syn gewisse. Yn in proses skoot er de skuld yn ‘e skuon fan in sakefreon. Kellers posysje en oansjen liket ûnskansearre, mar syn wrâld stoart noch yn as er derachter komt dat syn soan net yn ‘e oarloch sneuvele is. Oan dizze “heldedie” ûntliende de heit in part fan syn gloarje. De soan is lykwols yn de oarloch al achter de tsjustere praktiken fan syn heit kommen en hat út skamte him tekoart dien. Ek syn soan Chris ferliest syn heit op it stuit dat er beslút it âldershûs achter te litten.
Joe Keller sjocht yn dat er allinne dreaun waard troch habsucht en in falske leafde tsjinoer syn bern. Brutsen benimt er himsels it libben. KOMMINTAAR:
Al is dit stik net sa ferneamd as “Dood van een handelsreiziger” of “Sjoen op in distânsje” (sjoch beskriuwing dêr), ek “Myn soannen” is in yndrukwekkend stik. It is maatskippijkritysk fan aard en skreaun yn de styl fan it realisme. Foar amateurs dy ’t ris in earnstich stik spylje wolle is it seker spylber.

HB

Sjoen op ’n distânsje

De havenarbeider Eddie Carbone is fan Italiaanske komôf en kriget twa neven fan Sisylje op besite. Hoewol ’t se gjin ferbliuwsfergunning ha, wolle se dochs in kânske weagje yn “het land van de onbegrensde mogelijkheden”. De ûnderlinge spanningen yn de te krappe wenning, wêr ’t de neven by Carbones ûnderdûkt sitte, wurde ûndraachlik as de jongste neef Rodolfo fereale wurdt op de dochter fan Carbone, Catharine. De gefoelens komme fan beide kanten, mar Carbone wurdt út bangens om syn “famke” te ferliezen, ferskriklik ôfgeunstich. Uteinlik ferriedt er de twa neven by de plysje. Yn in slimme rûzje mei Rodolfo’s broer Marco, wurdt er twong om de tjirgjende Eddie Carbone mei syn eigen mes del te stekken.
Yn de earste en lêste sêne fan dit stik hearre wy it kommentaar fan de advokaat Alfieri. Fan de (Brooklyn) brêge ôf fertelt er oer de dreamen en it tekoart oan kânsen fan dy minsken “dêr ûnder” yn in fersutere arbeiderswyk.

Kommintaar:
Troch it ramtferhaal fan de advokaat kriget it stik in bysûndere maatskippijkrityske lading. Alfieri lit ús, de taskôger, om samar te sizzen út ‘e hichte wei delsjen op it gewrot fan wat wy hjoeddedei
“kânsearmen” neame soene.
Yn dit stik hat Miller de sosjale oanklacht en it drama fan de jaloerskens op in knappe wize byinoar brocht.

HB

in piano yn it gers

In jonge, rike widdo hâldt op it Frânske plattelân in reunie om de yddilyske sfear fan ‘e jierren ’60 wer omheech te heljen.
Ze reizget har deiboek nei. It wachtsje is op har grutte leafde fan doe…

Kommintaar:
Net in spektakelstik of in klucht. Wol in fyn, psychologysk drama.

TM

De les

In âlde professor jout priveelessen oan studintes. Op in dei komt der in nijsgjirrige, mar in wat domme studinte by him. Hy jout har les yn optellen, geografie en taal.
Neigeraden dat de les foarderet, rekket de professor hieltyd mear fol fjoer en wurdt agressiver en de studinte wurdt hieltyd minder drok en earmhertiger. De professor draait yn syn útlis oer taal hielendal troch en stekt de studinte dea. De faam fan de professor komt deryn en jout de professor in reprimande. It docht bliken dat it de fjirtichste studinte is dy’t hy fermoarde hat. Op dat stuit giet de doarbel en stiet de folgjende studinte klear foar har priveeles.
Kommintaar:
De les giet oer taal, oer komminukaasjeproblemen en oer it maatskiplik isolearre fan de professor. Yn earste ynstânsje liket oer neat te gean en is it gehiel tige komysk, mar, ’tusken de rigels’ is it sa’t Ionesci sei: “In komysk drama; it is in grappich, mar tagelyk in grimmitich en pessimistysk drama”.

DS