Net normaal

It ferhaal spilet him ôf yn in lân, dêr’t it der net normaal om en ta giet. It lân hat in keninginne, mar dy hat skjin har nocht fan hantsje jaan en lintsjeknippen. Se sit leaver te ierappelskilen as dat se wetten ûndertekenet, dêr’t se sels neat fan snapt. Dat is wyn op ’e mûne fan generaal Isimo, dy’t snakt nei macht. Hy krijt syn sin, want de keninginne draacht de macht oer oan him, wylst se harsels weromlûkt as boerinne Geppy.

It wurdt in hiele omskeakeling foar it folk. De generaal treedt op as in diktator en fiert operaasjes út. Sintraal yn it stik stiet operaasje Bamby: alle net-normale bern wurde oppakt. Net-normaal betsjut ûnsjoch troch bygelyks flapearen, keale holle, skeinspruten, wratten of kromme noas. Foar harren organisearret er in skoallereiske. Mar it is wol in sabeare reiske, want de bern komme net werom: se wurde opsluten yn in kamp. En dêr ûntstiet konsternaasje oer! Der binne lykwols twa ûnkreaze bern, dy’t oan it reiskelot witte te ûntkommen. Sy sweve hiel wat ôf, mar troch harren komt der ek rêding. Boerinne Geppy ûntfermet har oer de beide bern en sy soarget der foar dat alles ta in oplossing komt, mar dan wol wer as keninginne. Op tûke wize makket se de generaal lytsman.