Hertsear

Dit liet oer de pine fan de leafde giet oer Rike Hottinga en de mienskip dêr’t se ûnderdiel fan is. Se is in krêftige, suver wat manlike frou. Se wit wat se wol en hoe’t oaren oer har tinke ynteressearret har gjin byt. Har doarpsgenoaten hawwe respekt foar har en wolle har fanwege persoanlik belang graach te freon hâlde. Tagelyk binne se deanijsgjirrich nei har dwaan en litten. De sosjale kontrôle is grut. Alle foarfallen wurde breed útmetten en troch elk meibelibbe en fan kommentaar foarsjoen. Oft alles lykwols wier is wat der beweard wurdt?
Hoe dan ek, it persoanlike drama fan dizze frou wurdt in drama fan de hiele mienskip.

Cloaca

Cloaca is in ferhaal oer mannefreonskip. Fjouwer mannen fan midden fjirtich, binne tiidlik by elkoar. Se ha sûnt harren studintentiid altyd kontakt holden en seagen elkoar geregeld, de ien wat mear as de oar. Fan harren dreamen is net alles útkommen. Maatskiplik binne se alle fjouwer ridlik slagge mar yn harren privé libben skeelt der fan alles oan. Se hâlde de skyn fan solidariteit op mar as it der op oankomt litte se mekoar falle as in bakstien. Wat in hechte freonskip like, stelt úteinlik mar in bytsje foar. Dizze mannen kieze spikerhurd foar harren sels.
De mannen beslute op ‘e dolle rûs elkoar út de brân te helpen. Mar as blykt dat it wankele lykwicht wat sy elk yn harren libben fûn ha dêrtroch bedrige wurdt, litte se mekoar falle en kieze foar har eigen hachje. De âlde freonskip en harren eardere ferwachtingen wege net op tsjin harren eigen selssuchtige ambysjes.

Yn de gloaria

In stik oer twa troude stellen en ien mem. Se fiere yn’e rin fan it stik allegear har jierdei.
Mar oft it allegear like feestlik is as de titel oanjout…?

Leave Minsken

Leave minsken giet oer Dree ( in heal jier fan de drank ôf) en Ietsje (eks heroïneferslaafde): twa dakleazen dy’t besykje sille om ‘normaal’ te libjen yn de harren tawiisde flat.
Dat falt net ta. Ietsje in skriemerich type dy’t eins allinnich it goede wol, wrakselt mei de opsternate buien fan de eins sa sêfte Dree. It binne helpleaze sielen.

It dineetsje

In aparte romte fan in eksklusyf restaurant yn in kastiel yn ‘e buert fan Parys. Klassike muorreskilderingen, kroanluchters en in ryklik dekte tafel foar seis minsken.
Achter elkoar meitsje trije mânlju, strak yn ‘t pak, harren yntree. Se kinne elkoar net en al ridlik gau blykt dat se troch harren mienskiplike advokaat útnoege binne foar dit sjike itentsje.
De mannen taaste elkoar ôf, sykjend nei eventuele raakflakken, om der efter te kommen wat it doel fan dit riedseleftige byinoar wêzen wêze kin.
Dan komme der koart nei elkoar trije tige sjarmante en mei smaak klaaide froulju yn.
Unferwachte wendingen en konfrontaasjes folgje. De dinner party rekket yn in streamfersnelling en der ûntspint him stap foar stap in ferrassende yntrige. Yn dizze oangripende relaasjekomeedzje wit Neil Simon syn publyk te boeien en te amusearjen troch in subtile ôfwikseling fan mysterieuze suspens, oprjocht oangripende konfrontaasjes en soms slapstikeftige mominten. En dat allegear trochrûn mei syn briljante oneliners.

Blowing

Heit, mem en twa puberbern. It is mem har 45ste jierdei. It moat en sil in gesellige dei wurde. De dei begjint mei in feestlike brunch, der’t mem o sa’n flyt op dien hat. Dan krijt se har jierdeiskado: in fideokamera. Dizze feestlike dei kin sadwaande daliks fêstlein wurde. Is sa leuk foar letter.
De kamera, hantearre troch soan en dochter, leit ûngenedich fêst hoe’t it feestje út ‘e hân rint. En de hiele húshâlding falt útelkoar.
De oare moarns, as de diggels oprûme binne en de blauwe plakken fuortsminkt, liket alles wer gewoan. Of net?
In ûnomkearber famyljedrama. In portret fan in húshâlding, dat jin konfrontearret mei de frustraasjes, it ûnfermogen fan de âlden, mei it fertriet en de eangst, mar ek de dreamen fan de bern.
Van den Berg skreau dit stik út it perspektyf fan de bern wei. Blykt ek út it taalgebrûk. Al mei al tige werkenber foar jongelju.

Stone Mansion

It ferhaal spilet yn in âld ferlitten hearehûs yn it Lauwersmargebiet. Eartiids wie de filla eigendom fan de smoarrike John Stone, dy’t der frjemde praktiken op nei hâlde: hy makke it libben fan de minsken yn syn omjouwing ûndraachlik. It stik spilet tsien jier nei syn dea mei syn soan Riek yn in bjusterbaarlike haadrol. Mei de neilittenskip fan syn heit hat er nea wat dwaan kinnen, om’t er yn in ynrjochting bedarre. As er de ynrjochting ferlit, nimt er syn dêr opdiene skizofrene freondinne Sirène mei nei Stone Mansion. Hy hat mar ien doel: wraak nimme op de minsken dy’t syn libben ta in hel makke hawwe.
Dat docht er net as Riek, mar as Lord Darrel Grut. Hy lit berjochten de wrâld yngean dat Riek net mear libbet en noeget de erfgenamten út om it besit te ferdielen. It stik begjint mei de komst fan de gasten, allegearre minsken oan wa’t in stekje los is. Yn ’e rin fan de foarstelling wurdt de taskôger stikje by bytsje gewaar wat him eartiids yn Stone Mansion ôfspile hat.

De Opera

It ferhaal fan De Opera spilet him ôf yn Venetië, foar en yn in ta hotel omboude âlde skouboarch. Dêr wurde tariedings makke foar in yn it Turkske Smyrna te spyljen opera. De rike Turk Ali is op syk nei in selskip foar dy opera. Foardat er lykwols arrivearret, is alles al yn rep en roer. Sjongers en sjongeressen, ympressario’s en in tekstskriuwster rûke harren kâns en melde harren mei mar ien doel: it bemachtigjen fan in kontrakt foar dy opera. It artystefolk docht hiel wichtich, de iene achtet him noch better as de oare en se swetse wat ôf oer wat se wol net berikt hawwe. Mar dat is skyn, want se sitte allegearre sûnder wurk en hawwe neat op ’e melis.
As de Turk Ali ferskynt, begjint de striid pas echt en nimt de kompetysjedrang grutte foarmen oan. De artysten wolle allegearre in haadrol, mar lit dy Turk no gjin ferstân fan muzyk hawwe. Ien ding is wol wis: oer frouljusfleis blykt er al te beskikken en dêr liket er him troch liede te litten. Undertusken tsiere de artysten wat ôf. Se helje alles út ’e kast om mar yn ’e geunst fan de Turk te kommen. Al gau rekket de Turk folslein mei de situaasje oan. Hy blykt him net thús te fielen yn de artystewrâld en set yn ’t genyp wer ôf nei Turkije. De artysten bliuwe efter by it hotel, dêr’t de yndrukwekkende einsêne plakfynt.

Straf

It ferhaal spilet him ôf yn in fersoargingshûs op’e keamer fan Anton. Anton hat nei syn ferhúzjen gjin wurd mear sein en hat him del jûn yn syn rolstoel. Sa no en dan komt de dochter fan Anton op besite. Se hâldt fan him, mar syn swijsumens en ûnwil om syn hûs te ferkeapjen, spilet har parten. Suster Carla en Sylvia fersoargje him, mar de taak wurdt te swier; der moat ien by komme. Dizze help wurdt Bert, dy’t in taakstraf hat. Bert wurdt folge troch syn reklassearringsamtner. Bert is feroardiele omdat er ien oanriden hat, krekt dêr foar hie der in bankoerfal west in pear strjitten fierder. De dieders binne pakt, mar de bút is net werom fûn en Bert wie de sjauffeur. Bert liket in soarchsume fersoarger te wêzen. Ut skuldgefoel? Binne der oare motiven dy’t in rol spylje? En wa is Wendy? In moai plot, in protte humor en út en troch wat oandwaanlike mominten.

Yn it skaad fan de delling

In folksaardich stik mei in ienfâldige plot. In swalker kloppet jûns oan by in iensume buorkerij. De frou (Nora) noeget him der yn. Se fertelt dat har man krekt ferstoarn is. Hy leit noch ûnder in wyt lekken yn de keamer. Noar freget de swalker om even de wacht te hâlden sadat sy in jonge skieppehoeder helje kin om har te helpen. sy is de doar noch net út of it lyk riist oerein en begjint in tirade tsjin syn wiif: se hat him allang dea ha wold om der dan fan troch te gean mei de skieppehoeder. Hy behellet de swalker yn it komplot om de frou ôf te straffen. As Nora mei har Michael werom komt springt de man fan it bêd ôf en reaget syn frou de doar út en jaget de swalker der efteroan. Dan drinkt hy mei de skieppehoeder noch in whisky.

Der hinget in man oan de lampe yn de keuken

In koart absurd toanielstik oer in frou dy’t alle dagen grientesop siedt foar de troepen, yn it lânsbelang. Har man, in sûch, giet alle dagen mei in aktetas fol belangrike papieren nei syn wurk. Wat er krekt docht wit de frou net en neffens him is it foar him en foar har better dat se it net wit.
Wylst se oan’t sopsieden is yn har keukentsje, knalt der in man oan in parasjute troch it plafond. De man wol dat de frou him losmakket, mar se fertroud him net. In kop sop kin er krije. As se him úteinlik al losmakket, mishannelt er har. In oerke letter komt der in soldaat yn har keuken dy’t op’e syk is nei de ferdwûne parasjutist. Dat blykt nammentlik in fijannige soldaat te wêzen en in moardner. Yn it lânsbelang moet er fûnwurde. Dan komt de man fan de frou thús fan syn wurk. De beide mannen komme te praat oer de oarloch en de fijannige parasjutist moat oppakt wurde. Se ferwachtsje dat de parasjutist werkomt en ferstopje harren yn de keukenkast. De frou moat spylje as wie se allinne thús. Dan kloppet de parasjutist op’e doar, hy wol deryn. Troch ferrie fan de frou ûntdekt er de beide yn’e kast. Hy nimt beide mannen ûnder skot mei nei bûten ta. Wylst se deasketten wurde, giet de frou troch mei sopsieden.

Ien fleach oer it koekoeksnêst

It stik spilet him ôf yn in deiferbliuw fan in psychiatryske ynrjochting. Seis manlike pasjinten bringe dêr de tiid, elk yn eigen wrâldsje, troch ûnder tafersjoch fan twa ferpleechsters en in no en dan observearjende dokter. Op fêste mominten wurde medisinen tatsjinne en fine groepspetearen plak. Dat bart allegearre ûnder troch de pasjinten akseptearre gesach: oarder en regels moatte der wêze.
Mar alles feroaret mei de komst fan de sânde pasjint: Max Midland. It is in man mei in foarskiednis: hy hat ûnderskate delikten plege en bedarre yn de finzenis. Dêr wit er him foar te dwaan as soe er gek wêze en dêrom wurdt er foar observaasje oerbrocht nei de ynrjochting. Hy hopet dêr op mear frijheid en set alles op ’e kop om dy ek te krijen. Hy spot mei alle foarskriften en regels, hat it mier oan gesach en giet neat út ’e wei om dat te ûndermynjen.
Foar de seis pasjinten hat dat ek gefolgen: de regelmaat fan al den dei is fier te sykjen en de sleur wurdt behoarlik trochbrutsen. Max fersteurt de groepspetearen, makket yn de eagen fan de lieding it deiferbliuw ta in gokhal, neamt de strange haadsuster in ‘kloatemokkel yn unifoarm’ en trunet de oare pasjinten oan om net alles te pikken.
Hy organisearret sels in nachtfeestje, wêrby’t er in frommes fan lichte seden de ynrjochting ynhellet. Foar ien fan de pasjinten hat har komst úteinlik desastreuse gefolgen. Mar net allinne foar him rint it net goed ôf!

In protte spul om neat

‘In protte spul om neat’ spilet him ôf op it paleis fan faorst Leonato, dêr’t it jonge stel Hero en Claudio meikoarten brulloftsje sille. As tiidferdriuw sette se in falle op foar de mûlripe Beatice en de arrogante Benedikt. Underwilens besiket de trochtrape Don Juan it houlik dwers te sitten troch Hero falsk te beskuldigjen. Oan ‘e ein blykt it allegear ‘Spul om neat!’
Dizze sprankeljende komeedzje kin in lust foar each en ear wurde, dêr’t sa likernôch 50 spilers, grut en lyts, foar in prachtich spektakel soargje kinne!

Ynstappe & Utstappe

Wylst in begjinnende omropster frjemde meidielings oer it perron ropt, sjogge wy in nuver, fertuterze famke op in bankje sitten. In âldere fertsjinwurdiger besiket om ‘e nocht om kontakt mei har te krijen, mar hy hâldt dêr úteinlik allinne in mysterieus foarwerp oan oer. As se fuortgien is, reagearret de man syn teloarstelling ôf op in argeleaze, weetlike learaar. Fia de learaar kriget it famke it frjemde kadootsje lettter werom.
Dizze licht absurdistyske ienakter kin apart spile wurde, mar ek diel fan it fjouwerlûk, neamd “Komme & Gean”. Sjoch fierder by de titel.
It ferhaal fan it famke kriget in ferfolch yn “Utwei”, de lêste ienakter fan dizze fjouwerlûk, wêr’t ek de omropster yn werom komt. it is ek mooglik om allinne dizze twa ienakters te presintearjen yn ien foarstelling. De learaar sjogge wy werom yn de ienakter “Connie en Nico”.

Utwei

Nei slutingstiid rommet in servearster de stasjonsrestauraasje op. Mei tsjinsin lit se in fertutearze famke deryn, dat stiet te wachtsjen op “ien”. Under it skjinmeitsjen fertelt de servearster oer har “oansteande”. As se tinkt dat se it famke herkent, praat dy har hieltyd mear fêst yn har leagens en heale wierheden. Se beskuldiget Rudi, de freon fan de servearster. Mei de komst fan Rudi wurdt bytsje by bytsje dúdlik wat der tusken him en it famke wol en net foarfallen is. Nei de dramatyske ûntkoping bliuwe alle trije personaazjes ûntheistere achter. Misbegripen, hilaryske en pynlike mominten wikselje elkoar allegeduerich ôf yn dizze tragikomyske ienakter.
Dizze ienakter kin apart spile wurde, mar is ek diel fan in fjouwerlûk, neamd “Komme & Gean”.
It famke en de servearster komme yn “Ynstappe en Utstappe”foar; de ferloofde Rudi yn “Appeltsje”. It is ek mooglik om “Ynstappe en Utstappe”en “Utwei” tegearre as ien foarstelling te presintearjen.

De streken fan Skarlún

As er werkomt fan in lange reis, komt keapman Argante der achter dat syn soan Octave yn de tiid dat syn heit der net wie, stikem troud is. Argante wol dit houlik daliks ûntbine litte, omdat hy ôfpraat hie dat syn soantrouwe soe mei de dochter fan syn freon Geronte. Geronte hat ek in soan, Leandre, dy ’t ta syn heite fertriet hopeleas fereale is op in sigeunerfamke. Dit leafdeslok komt yn gefaar, omdat it famke, Zerbinette, troch de sigeuners meinommen wurde sil, as Leandre net gau mei jild op ’t kleed komt.
De soannen roppe de help yn fan de tûke feint Skarlún. Dy slagget it, nei alderhanne yntriges, om oan de deune heiten it jild te ûntfytmanjen dat de soannen sa bitter noadich hawwe.
Yn it tredde bedriuw nimt Skarlún op hurdhandige wize wraak op Geronte, dy ’t him by syn jonge master yn diskredyt brocht hat. As de beide heiten der achter komme dat se troch Skarlún bedroegen binne, swarre se dat se mei Skarlún en syn streken ôfweve sille.
By tafal wurdt dan ûntdutsen dat de twa earme froulju, om wa’t it allegear begûn is, yn feite de dochters binne fan Argante en Geronte. De heiten respektearje de kar fan de soannen en alles kin sa útrinne op in “happy end”, sa as wênst yn elke goede komeedzje.

Op folle see

Trije kreas klaaide mannen sitte by inoar op in flot op folle see. Se liede skipbreuk. Harren foarried iten is op en ien fan de trije sil no opiten wurde. Troch in seleksje yn ‘e foarm fan in ferkiezingskampanje falt it lot op de Lytse. De Middelste leit alfêst it itersark klear. De komst fan de post mei in telegram en fan in keamerfeint dy’t in ûnthulling docht, kin gjin feroaring yn de situaasje bringe. De argumentaasje is sa sterk dat dizze ta macht wurdt.
De Dikke en de Middelste sitte klear mei mes en foarke. De Lytse fielt him no einliks in kompleet mins en hâldt oan é ein noch in koarte redefiering oer de ynhâld fan it begrip ‘frijheid’. Syn oarspronklike gefrjocht om syn hûd te rêden is totaal fuort riddeneard.

Puntila

De rike heareboer Puntila is in man mei in twaslachtich karakter: noflik, gesellich en royaal as er de noadige gleskes achteroer slein hat, mar o wee as nochteren is – wat aldergeloks net sa hiel faak foarkomt – dan gedraacht er him suver as in beest. Syn dochter, mar ek it personiel wit der fan mei te praten, spesjaal syn sjauffeur Matti. Matti op syn beurt wit syn master aardich te bespyljen, balansearret dêrby bytiden op it sloppe koard, mar hat tefolle gefoel foar eigenwearde om misbrûk fan de situaasje te meitsjen. Likegoed, of miskien wol krekt dêrtroch, kin ek hy net oan konflikten op de State ûntkomme. En dat hat gefolgen…
Puntila is al mei al in fleurige komeedzje oer ryk en earm, mei ûnder dat fleurige laachje de noadige Brechtiaanske (iroanysk ferpakte) maatskippijkrityk.

Hamlet

De kening fan Denemarken is hommels ferstoarn syn broer Claudius trout gaueftich mei de widdo en nimt it plak fan syn broer op ‘e troan yn. Keninginne Gertrudes soan Hamlet komt no út Dútslân werom. Op in nacht sjocht hy de geast fan syn heit en heart fan him wat hy al tocht hie. Mei de winsk: “Wreekje dizze moard” ferdwynt de geast en dan begjint de eigentlike hanneling. Hamlet docht oft hy gek is en hopet achter dit masker de dieder makliker fine te kinnen. De âlde Polonius tinkt de waansin te ferklearjen troch in net beandere leafde fan Hamlet foar syn dochter Ophelia. Mar de kening is erchtinkend en lit syn neef troch Rosencranz en Guildenstern yn’e gaten hâlde. Tsjin de tearhertige Ophelia oer gedraacht Hamlet him mei opsetsin sa útdaagjend en ferfelend dat sy ek oan him begjint te twiveljen.
Dan komt der in ploech toanielspilers oan it hôf. Hamlet praat mei de spilers ôf dat sy in trageedzje spylje sille mei in ôfrin sa ’t de geast fan syn heit foarsein hat. Oan de reaksjes fan de keninklike taskôgers wol hy sjen kinne hoe ’t ien en oar him ôfspile hat.
Noch foar it slot fan ‘e foarstelling rekket Claudius hielendal fan ’t sintrum en set ôf. Hamlet twivelet no net mear, mar nimt noch gjin beslút. Wol ferwyt hy syn mem fan alles en stekt Polonius, dy ’t efter in gerdyn alles ôflústert, dea om ’t hy tinkt dat it Claudius is. Claudius wol no syn neef nei Ingelân stjoere mar Hamlet kriget troch dat men fan him ôf wol en hy komt werom.
Op it tsjerkhôf heart hy dat Ophelia der begroeven wurdt. Sy is yn grutte geastlike need it wetter ynrûn. Har broer Laertes daget Hamlet út ta in duel neidat hy syn wapen fergiftige hat. De kening sit ek yn it komplot. Hy doch fegif yn in beker dy ’t foar Hamlet klear stiet. Tidens it gefjocht drinkt de keninginne by fersin fan ‘e wyn en stjert. Laertes en Hamlet wurde beide troffen en stjerre nei ’t Hamlet ek Claudius deade hat.