Paspoart

Aurora wol de Nederlânske nasjonaliteit oanfreegje, omdat se tinkt dat dat har libben yn Nederlân makliker meitsje sil, en omdat se ek stimme wolle kin by de earstfolgjende provinsjale en de lanlike ferkiezings. Boppedat wol se dat har soantsje Bernardo yn Nederlân deselde kânsen krije kin as syn klasgenoaten; as sy de Nederlânske nasjonaliteit kriget, wol se dy trochjaan oan Bernardo.
Op it stedskantoar treft se Ingrid, dy’t fynt dat it minsken net te maklik makke wurde moat om de Nederlânske nasjonaliteit te krijen. Einlik wol se dat soks hielendal net bart. Der binne al genôch minsken dy’t in Nederlânsk paspoart krigen hawwe sûnder de taal te praten of ús gebrûken te kennen, fynt se. Hoe sil dit gean?

Lêste pear dagen

In man op jierren  wurdt binnenbrocht op de intensive care. It is Rein Tas dy’t, sa blykt al gau, net mear lang libje sil en syn lêste dagen yn it sikehûs bliuwe moat.

Hy wurdt fersoarge troch ferpleechkundige Ingeltsje Donderdag, dy’t har hieltyd mear oer him ûntfermet en him op ’t lêst hast net mear allinne lit.

Lêste pear dagen spilet mei it besef fan tiid en yntinsiteit. Mei dit stik giet Scheldwacht op ’e siik nei in bewustwêzen dêr’t we yn ús deistich libben besykje oan foarby te gean. Troch de koarte tiid komme de haadpersonaazjes tige fluch ta de kearn en ta elkoar. Ommers, tiid foar ûnsin is der net.

 

Kening Klysterburd

In mearke oer de fernedering fan in heechmoedige prinses. In prinses bespot alle houlikskandidaten. Har heit hat der genôch fan en beslút har oan de earste de beste bidler te jaan. Yn werklikheid docht bliken dat it in kening is, dy’t de prinses bespot hat en him de bynamme Klysterburd jûn hat. De fernedering brekt úteinlik har heechmoed.

Pake wol wer heit wêze

Heit fertelt syn soan dat hy wer heit wurde wol. De soan is it der hielendal net mei iens en de tredde persoan fynt it wakker nijsgjirrich. Oan de ein blykt dat heit yn alle gefallen wer heit wêze wol.


Ienakter 14 siden

2 manlju en 3 manlju of froulju


André Beeksma hat mei ’Pake wol wer heit wêze’ yn de kategory ’Ienakters’ de earste priis wûn by de priisfraach nei oanlieding fan it 50-jierrich jubileum fan de StUFT.

 

 

Drakebloed

Twa suskes gean op ’e siik nei drakebloed. Saskia hat in ûngenêslike sykte en kin net mear better wurde. Suze hat heard dat drakebloed it miskien genêze kin. Mar wêr fine je drakebloed? Hjir binne gjin draken. Mar yn de midsiuwen wol. Tante Siem hat in tiidmasine, miskien kinne se dy wol brûke. Op in jûn stelle se de tiidmasine en reizgje nei de tiid fan de draken. Se reizgje fan de iene tiid nei de oare tiid, mar fine gjin drakebloed en Saskia wurdt hieltyd siker. Uteinlik komme se yn de midsiuwen en fine it drakebloed. De suskes komme ferskate persoanen tsjin dy’t harren helpe mar ek tsjinwurkje en sommigen reizgje mei harren mei. Komme se noch wol werom yn harren eigen tiid en is it drakebloed wol in genêsmiddel foar Saskia?


In toanielstik foar en troch bern fanôf 10 jier. Der binne 20 rollen en figurante-rollen foar wat jongere bern. Te spyljen fanôf 10 persoanen mei dûbele rollen. De personaazjes kinne sawol troch man as frou spile wurde. Der kin gebrûk makke wurde fan besteande ferskes en of muzyk tusken de sênes dy’t passe by it stik.


Aly Cnossen hat mei ’Drakebloed’ yn de kategory ’Bernetoaniel’ de earste priis wûn by de priisfraach nei oanlieding fan it 50-jierrich jubileum fan de StUFT.

Master Lalalaitsjenet

De bern yn groep 5 op de skoalle ‘Slimmernocht’ hawwe in master dy’t noait laket.

Se wolle dêrom net by him yn de klasse sitte. As se master sjogge, dan protestearje se.

Uteinlik komme se derachter dat master wat kwyt is. As er it fûn hat, komt miskien alles wer goed.

Famylje

Henk Jan hat him ferloofd mei Anika. Dat dielt hy mei oan syn famylje. De famylje wurdt der kjel fan, want it famke hat net sa’n goeie ynfloed op Henk Jan. De famylje besiket him der fan te oertsjûgjen dat hy brekke moat mei Anika. De famylje sjocht dat Anika him der fan wjerhâldt dy dingen te dwaan dy’t er echt wol, lykas piloat wurde. In stik oer doare te kiezen foar wat je echt wolle.

Stookoalje & Sangria

Yn Stookoalje &Sangria komme twa stellen elkoar tsjin op in Spaanse fakânsjebestimming.
Se moatte, sûnder dat se dat wolle, itselde appartemint oan it strân diele.
Dit soarget foar ûnferwachte situaasjes.
As der op de lokaasje ek noch in earnstige miljeuramp plak fynt, wurdt it fakânsjegefoel wol hiel bot op ~e proef steld.

Stookoalje & Sangria is in klucht dêr’t fakânsjewille en toeristeleed gefaarlikl ticht by elkoar komme.

Cruise

Neidat de man fan Betty stoarn, en Fieps skieden is,
beslute de beide skoansusters dat se fieder tegearre troch it libben sille.

Dat feroaret as in eardere eks fan Betty op deselde cruise sit as de beide froulju.

In boek fol fantasy

In famke dat net fan lêzen hâldt, lêst in boek oer Eva. Eva har hûn is dea. Se hat in protte fertriet, en dan stiet dêr samar in wite keninginne foar har. De wite keninginne kin har hûn wer ta libben bringe mei help fan de trije kaaien. Eva moat op syk nei de trije kaaien – of is it no it famke? Underweis moetet se ferskate bisten dy’t se earst helpe moat, mar dy’t har ek helpe om de kaaien te finen. Mei gefaar foar eigen libben fynt se de trije kaaien. Mar hoe rint it ferhaal ôf? En wat is der dochs mei dat boek? Hat se it no echt belibbe of wie it mar in ferhaal?

In mearke mei ferskate personaazjes, lykas in knyn mei in mobyl, in grutte slang, in flinter mei in seare fleugel, bijen, in bline kat, frjemde heksen, in wite en in swarte keninginne, domme ridders en in gefaarlike wolf. In spannend ferhaal mei in knypeach nei de fantasy en werklikheid. Dit toanielstik is skreaun nei oanlieding fan in ferhaal fan in 10-jierrich famke. Wat is der no moaier as dyn fantasy ta libben te bringen?

Bakte seekob

It stik spilet yn op in fraach dy’t al wer in skoft spilet.
Defoarstelling jout in yndruk yn it hjirneimels. Trije sweagers, dy’t ferûngelokke binne, besykje te funksjonearjen,
mar dat blykt ek noch net sa maklik.

Nije Buorlju

Herman hat in ferrassing foar syn frou Barbara, sy hat altyd graach op in buorkerijke wenje wollen, ergens oan de râne fan in doarp. Oant no ta wennen se yn de stêd, mar no’t se wat âlder wurde, wurdt ek it langstme nei dat buorkerijke grutter.

Herman hat, sûnder dat Barbara dat wist, in buorkerijke kocht, ergens fier bûten de stêd. Barbara wurdt sechstich en dit is neffens Herman it perfekte kado foar dit heuchlike feit. Yn it geheim riedt hy in grut feest ta yn it krekt oankochte buorkerijke.

Hy hat lykwols gjin rekken holden mei de nije buorlju. At dy der achter komme dat Herman miskien wol in hiel grut geheim mei him mei draacht, is de hikke fan de daam. Farsk fleis yn it doarp wurdt altyd mei arguseagen besjoen.
Mar is dat wol terjochte?

Diagnoaze B.E.R.N.

Tom is in jonkje mei in protte fantasij. En dat moat ek wol, want hy is wol gauris allinnich thús.
Syn heit en mem binne altyd oan it wurk en dêr binne se tige grutsk op. Under iten prate se ek inkeld mar oer harren wurk. En se harkje alhiel net nei elkoar.
Tom sit mar wat ferlern by al dat gekeakel. It hûs , dêr’t se yn wenje stiet alhiel oan ’e oare kant fan de stêd en Tom syn maten wenje dus, jawol, krekt oan de oare kant. Ferfelend, as men alteast net sa’n protte fantasij hat as Tom.
As syn âlders der net binne en somtiden ek as se der wol binne, fantasearret Tom hiele ferhalen by elkoar. Syn fantasij is sa grut, dat er alle karakters, alle bisten en meunsters en minsken ek echt sjocht en fielt. Mar syn âlders dus net en dat is hiel spitich, want dan kinne se net meidwaan yn syn ferhalen. Dat dogge se dan ek net!

Nije buorlju

De nije buorlju fan in troud pear meitsje nochal wat leven. De man wit fuortdaliks: de nije buorlju doge net. De rede fan syn frou en ek it tragyske ferhaal fan de nije buorfrou feroarje him net.
Hy bliuwt ûnferdraachsum en fol foaroardielen: in planke foar de kop.

Soarch

It stik spilet op de 80e jierdei fan Mem dy’t tegearre wennet mei har 60 jierrige dochter.
It liket gesellich te wurden, mar it krijt al gau it karakter fan in wapenstilstân dy’t skeint wurdt.
De froulju slagge gjin gelegenheid oer om elkoar it libben soer te meitsjen. Doch binne der ek mominten fan tearens en oandwaning. Ek binne de froulju nettsjinsteande de grutte ferskillen, emosjoneel en fysyk ôfhinklik fan elkoar.

Omdat der hieltyd mear oer harren achtergrûnen ferteld wurdt, hawwe we oan it ein in kompleet byld fan harren relaasje.

Fier om utens

Om’t minsken yn de takomst net mear op ierde libje kinne binne der lytse romteskippen, mei elk twa minsken oan board, de romte ynstjoerd, mei it doel om nei tûzen jier werom te kommen as de ierde tsjin dy tiid wer better wurden is.

Abe en Froukje binne ien sa’n pear dat yn beferzen tastân de lange reis makket. Healwei de reis wurde se wekker makke om’t der wat mis is mei harren romteskip.

Se binne foar harren reis yn in datingshow matcht troch in kompjûter, mar it docht al gau bliken dat se net sa goed by inoar passe as de kompjûter tocht hie…

Om op te fretten

It stik is basearre op besteande ferhalen.
Moaie klassikers, dy’t hjir trochinoar hutsele binne en in nij jaske krigen ha. Tegearre foarmje sy in nij ferhaal.

Wêryn pasteitsjes bakt wurde fan minskefleis, manlju en froulju inoar de holle gek meitsje en it skjintme-ideaal foar swiete koeke slikt wurdt.
Wat der ek bart: de pasteitsjes, de swiete koeke en de froulju en manlju binne allegearre om op te fretten. Oant se dat net mear binne, fansels…

De apel foar de moaiste

Dit stik is in komyske werjefte fan it ferhaal út de Grykse mytology: it Paris-oardiel. It is geskikt foar feesten mei as tema: Griken en Romeinen.

It begjint op de brulloft fan Thetis en Peleus, dêr’t ien goadinne net útnûge is. Se komt dochs en smyt in apel tusken de gasten mei de tekst: ‘foar de moaiste’. Dit soarget foar ûnrêst en skeel tusken de gasten. Oppergod Zeus ornearret dat trije goadinnen mar nei de skieppehoeder Paris gean moatte, dy sil wol in objektyf oardiel hawwe.
De twadde sêne is by Paris op de berch Ida. De trije goadinnen, meinommen troch de boade Hermes, paradearje foar Paris en besykje him om te keapjen. As de goadinne fan de leafde Paris taseit dat er trouwe mei mei de moaiste frou fan de wrâld is er gau út de rie. Hy seit dat Aphrodite de moaiste frou is. De oare goadinnen binne lilk en foarspelle de Trojaanse oarloch. Mar yn dit stik rint it oars ôf as yn it mytyske ferhaal.

Ricottataart & lijne (2 ienakters)

Ricottataart is in sober stik oer skamte en skuld. It stik fertelt it ferhaal fan 2 manlju, Ien en Oar. Ien sjocht werom op in traumatysk foarfal dat syn libben hielendal feroare hat. Oar lústert en jout kommintaar. Yn in oangripend spul besykje beide it libben wer op ’e rit te krijen.

Lijne giet oer freonskip en ferrie. It stik fertelt it selde ferhaal as yn Ricottataart, mar no sjoen troch de eagen fan de twa froulju dêr’t sprake fan is yn it earste stik.

(Alhoewol de twa ienakters yn elkoars ferlingde lizze, kinne de stikken ek apart spile wurde)

Londen 1994

Dit ferhaal spilet him ôf yn Ingelân, Londen.
Fjouwer manlju, eks-kriminelen op leeftiid dy’t yn it ferline alle fjouwer fêst sitten ha foar bankrôven, beslute om noch ien kear in grutte kreak te setten.
It inisjatyf leit by Albert, dy’t it libben mar ientoanich fynt en de spanning, de sensaasje en it risiko mist.
As Albert it plan foarleit oan syn maten Collin, Brian en Danny ferslite se Albert foar gek.
Hoesa nochris it risiko rinne om pakt te wurden? Dochs slagget it Albert om syn maten oer te heljen.
Fjouwer manlju dêr’t it jongste ôf is, dy’t noch ien kear in kreak sette sille… mar dat plan kriget in kear der’t net ien op rekkene hie.