Ai ai ai Caramba

Wolkom op Ibiza! Wolkom yn Hotel Mirador!
In stel Friezen, Geart en Berta Bonkema, hat dit âlde hotel kocht, neidat Berta har baan as bewarder kwytrekke troch sluting fan de finzenis. De omskeakeling fan sipier nei gastfrou is lykwols dreech, Berta falt noch geregeld werom yn âlde gewoanten.
It hotel hat in protte achterstallich ûnderhâld en dêrom ha se oannimmer Kobus – Krekt – Kerkstra oerkomme litten. Mar it sjit net op, want Kobus nimt al gau de Spaanske maňana-mentaliteit oer. Dêrby begjint it jild dat se liend ha fan Berta har tante Lydia no op te reitsjen en de ynkomsten falle ôf. In faillissement driget. Ta oermaat fan ramp krije se ek noch stevige konkurrinsje fan in bekende hotelketen.
Der moat wat barre en gau ek. Tafallich treft it dat âld-buorlju Piter en Sjouk op besite komme. Geart-en-dy hiene se útnûge en hoewol se noch noait yn it bûtenlân west ha, doarre se de reis oan. Se binne lykwols noch mar amper oankaam, of de hel brekt los.
Hoe dat sa? Gean der mar ris goed foar sitten, dan sille jim it sjen.

It Feest

De foarstelling giet oer in famylje-reuny op de jierdei fan de suksesfolle sakeman Helge.
Hy hat famylje en freonen útnûge om dit mei him te fieren. Fanôf it begjin wurdt wol dúdlik dat ûnderlizzende relaasjes hiel gefoelich lizze.
Ien fan de dochters hat har sel te koart dien, in heal jier lyn, en stadich mar wis komme we troch de syktocht fan soan Christian achter de tadracht hjirfan.
De skynbere pracht fan rykdom en sukses blykt de dekmantel fan broeiende famyljerelaasjes, leagens en bedroch.
It feest rint lykwols út ’e hân wannear’t Christian yn in taspraak dramatyske famyljegeheimen oan it ljocht bringt.

Festen lit de hipokrisy sjen fan in yn en yn boargerlike famylje, dêr’t ynsest en rasisme de ûderlinge ferhâldingen de boel bedjerre

In de Vlaamsche Pot

It ferhaal spilet yn it restaurant ‘In de Vlaamsche Pot’’, dat we wol kenne fan de telefysjesearje. De yntriges om de hysteryske eigner Karel, syn partner en sjef-kok Lucien, de jildwolf Frits en syn grutte leafde Dirkje komme ta in hichtepunt as in âlde kennis fan Lucien delkomt. In keatlingreaksje fan de idioate fratsen is it gefolch.

Sjantaazje

In pear froulju fiere aksje tsjin de plannen fan de gemeente.
Se wolle in âld feilinggebou oankeapje foar allerhanne akiviteiten.
Ien fan de aksjefierende froulju wurdt sjantearre, mei bleatfoto’s, om hjir tsjin te stimmen.
Se moat hjirfoar in sit nimme yn de gemeentried.
Der mei net ien achterkomme dat it feilinggebou no brûkt wurdt as drugslab.

Bertus en Brochje

Bertus, frijfeint en breklik, wennet op himsels. Al rekket syn wenkeamer sa stadichoan aaifol mei allerhanne rotsoai, hy fielt him der noflik by.
Syn maat Rein mient dat er de boel wat yn ’e gaten hâlde moat, mar folle helpt it net.
As buorfrou Maria, troud mei Magdalena, de gemeente ynljochtet oer de rotsoai by Bertus, stjoert dy in maatskiplik wurkster dy’t besykje moat de boel by Bertus wer wat op regel te krijen.
As Saakje, Bertus syn suster, nei tweintich jier út Dútslân wei op besite komt mei har ûnderdienige man Nelis en dan ek noch ien en al each is foar it âld skilderij wat by Bertus oan ’e muorre hinget, wurdt Bertus syn rêst grouwélich fersteurd.

It lyk yn `De Cast`

Toanielferiening ‘De Cast’ sil de skriller ‘De moardner is ien fan ús’ op ’e planken bringe.
It stik spilet him ôf op in ôfdieling fan de psychiatryske ynstelling ‘Het land van Maas en Waal’ en begjint mei in praatsessy fan in tal minsken dy’t ‘lekker yn ’e war’ binne.
Ynearsten binne we tsjûge fan in repetysjejûn fan toanielferiening ‘De Cast’.
It is dúdlik dat der noch in soad oefene wurde moat.
Dan giet it stik fierder mei de try-out fan de skriller. Yn dizze try-out blykt dat Paul, dy’t de rol fan de bewenner Hank spilet, ynienen fuort is. As even letter it lyk fan Paul fûn wurdt, wurdt it spul fan need stillein. Alhoewol…
As Hank wer op it toaniel ferskynt en trochspilet krekt of wie der neat bard, ûntstiet grutte betizing en docht de fraach him foar… wêr hâldt werklikheid op en begjint fiksje?
It is fan belang om te neamen, dat it publyk yn in grutte (mooglik dûbele) rûnte om de spilers hinne sit.

Wij binne hjir foar Robbie

It is in famyljeferhaal fol mei skerpe humor en emosjonele konfrontaasjes.

Yn it âlderlik hûs dat krekt renovearre is komt in (Haachske) famylje by-elkoar om Robbie te betinken.
It famyljediner einiget yn in fiasko. De cateraar lit it sitte, de parketlak is net úthurde en it stúkwurk is noch wiet.
Nije leafdes wurde yntrodusearre, mar de âlde skiedingsperikelen kinst noch goed fiele. Foar de eagen fan in nije gast ûntwikkelt him in pynlik demasqué. En as wie it noch net moai genôch, stoart ek noch de sjyk klearmakke tafel yn.

Op de keukensflier, tusken de diggels, evaluearje de personaazjes harren libben.

De ultime fermeageringskuer

Trije froulju dy’t it skoan dwaan kinne, ferbliuwe yn in welness-sintrum. Se ha dêr in soad jild foar betelle mar no falt benammen it iten tige ôf. Gelokkich hawwe twa fan ’e froulju in metoade fûn om dochs wat lekkers te bemachtigjen. Dat liedt ta in tal grappige sênes.
Flora, ien fan ’e froulju dy’t oars bêst wol in aardich frommeske is, is sa min te brûken troch it bytsje iten dat se kriget, dat se mei elkenien rûzje siket. Oan it ein fan it earste bedriuw stjert se samar.
Esmee, ien fan ’e oare froulju, tinkt oan moard. Neffens de dokter fan it sintrum is it in natuerlike dea. Mar der sit wat net hielendal goed mei dizze dokter.
En wat hat de eigeneres fan it sintrum by de ein?
En is de sjarmante persoanlike trainer wol te fertrouwen?
En de hieltyd wer opdûkende túnman is wol hiel sinister.
As oan it ein fan it tredde bedriuw it twadde slachtoffer falt, stiet fêst dat it in moard is.
Yn it tredde en fjirde bedriuw rint de spanning heech op. Nei in tredde moard slacht de benaudens ta. Benammen as alle telefoanen ûnklear makke binne en de auto ek net mear starte wol. De iene fertrout de oare net mear, elk kin ommers de moardner wêze. In tafallige ûntdekking liedt nei in ferrassende ûntknoping.
In grappich en in spannend stik mei in tal aardige rollen.

Jild is ek net alles

Gary Powell en syn frou Ruth binne op houliksreis. As se yn it hotel oankomme ûntdekke se dat der in label fan ien fan de koffers mist. It blykt net de eigen koffer te wêzen: dizze sit fol mei jild. Al rillegau komt der immen om de koffers te ferruiljen. It slagget om de eigen koffer te pakken en de koffer mei jild net mei te jaan. Dan meldt de plysje him oer de tillefoan om oer de jildkoffer te praten. It blykt dat dizze beller ek yn fan de bindeleden is. It slagget har om de koffer net ôf te jaan. Mar de beiden manlju litte it er net by sitte. Garry moat eins nei in kongres en hy giet ek. Hy kin gjin plysje ynskeakelje, want Ruth bliuwt as gizelder bei Allen Green en Cassidy efter. As Allen om iten giet besiket Ruth Cassidy te ferlieden en se ferstoppet de koffer. Of hy stiet op it balkon, of se hat de koffer yn de Thames smiten. As Gary wer thús komt, sjogge wy Cassidy yn panyk oan it balkon hingjen. Allen moat wol helpe. It slagget net en se falle beiden nei ûnderen yn de Thames. Dan fertelt Ruth dat se de koffer al earder nei ûnderen smiten hat. Garry en Ruth beslúten sa gau mooglik nei hûs te gean. Gary kontrolearret de koffers noch efkes en ûntdekt dat Ruth de ferkearde koffer fuortsmiten hat. Op it stuit dat hy de koffer mei jild foar him stean hat, wurdt der kloppe. Plysje?

De bernedokter

Thalia Sluyter is in pensjonearre bernedokter, se wennet, tegearre mei Giuseppe, dy’t har helpt mei fan alles en noch wat en mei har dochter (?) Beth, fier fan ’e bewenne wrâld yn in berch-/lânhûs mei in grut stek der omhinne. Thalia hat 6 eks-pasjintsjes útnûge.

Wylst Giuseppe kreas docht wat de dokter graach wol en Beth opsletten sit yn har ‘sel’ ferrint de besite fan de dames dochs wat rommeliger as dat dokter Thalia tocht hie. Beth ûntsnapt, in tal persoanen wurde wei yn it grutte hûs fan de dokter en de jierdeitaart sit fol sliepmiddels.
De reden wêrom’t de dames by dokter Thalia komme is dúdlik, mar wêrom wol de dokter eins dat de dames by har komme? Dit ôfgryslike geheim wurdt pas oan it ein ûntdutsen en fernuveret sawol de froulju as de taskôgers fan dit sinistere blijspul, dat humoristysk, spannend en ferrassend bliuwt oant it ein. In toanielstik dat it publyk bytiden yn it moed taast en de grutte tema’s net mijt.

Muzyk op souder

Irma hat tegearre mei har man in terapy-sintrum.
Se fine it wichtich dat minsken mei ferskillende problemen mei elkoar yn kontakt komme en fan elkoar lere kinne.
Jierren is it goed gien mei it sintrum, mar de lêste jierren moatte se mear muoite dwaan om minsken binnen te krijen.
Irma makket har soargen oer har man Manfred, hy feroaret. Hy is net mear de man dêr’t se mei troud is.
Manfred is ferbittere en gedraacht him oars tsjin de kliïnten. Hy docht geheimsinnich en Irma hat it gefoel dar er soms tsjin har liicht. Manfred hat in trauma oerholden oan syn dominante mem.
Der barre frjemde dingen yn it sintrum, en is Irma wol de frou dy’t se tinkt dat se is?

Droomoord

Trije studinten tinke dat se in protte jild fertsjinje kinne troch yn harren studintehûs in hotel/restaurant te begjinnen.
Se neame it hotel: “Jongerenhotel Droomoord” en pleatse in advertinsje mei de tekst:

Hotel/restaurant Droomoord
waar al uw dromen uit komen

in oarspronklik frysk stik

De kloklieders

Op útnûging fan har earste leafde Gilbert, dy’t koster is, sjocht Justine op in jûn, boppe-yn de tsjerketoer, nei de fallende stjerren.

Wylst se de kiker foar de eagen hat, komt se der achter dat se sa ek har eigen hûs sjen kin.
En wat se dêr sjocht, dêr rekket se totaal troch fan streek. Har man Erik leit op bêd mei Laura, de bêste freondinne fan Justine. Justine wol mar ien ding, wraak! Mar hoe dogge je dat?
Op in grut feest, dat in jier letter holden wurdt, omdat Erik dan fiif en sechstich wurdt, fiert Justine har plan út.
En hoe sil dat ôfrinne?

Gouwe Ouwe

Trije totaal ferskillende froulju mei ien oerienkomst: se wurkje by in fastfoodrestaurant wylst se op leeftiid binne.
Dogge se dat foar de gesellichheid, om by de tiid te bliuwen of is hjir hiel wat oars oan ’e hân?
En wêrom wurdt it filiaal dêr’t se wurkje sa populêr?

Gouwe Ouwe is in komeedzje mei in serieuze ûndertoan oer de posysje fan âlderen yn ús maatskippij en it grize plafond

Te Keap

Se hâldt echt noch wol fan him, seit se. Mar se hat mear romte nedich yn har relaasje.
Dêrom wol Astrid net mear yn ien hûs wenje mei Theo; se wol in LAT-relaasje

Theo syn ûnbegryp, eangst en protesten kin net helpe, Astrid set troch en set it hûs te keap.
Dy dei komt in stel te sjen. Ta grutte skrik fan Astrid blykt de man Kasper te wêzen, de leafde fan har libben, mei wa’t de relaasje einige yn in net útsprutsen fertriet.
As se even allinne binne, besiket Kasper Astrid op ’e nij foar him te winnen. En dat wurdt in test foar alle relaasjes.

De mysterieuze psychiater

Beppe Wilma skriuwt boeken. Detektiveboeken.
Omdat yn har nije boek in psychiater mei in trauma foarkomt, freget se har beppesizzer, dy’t sekretaresse by in psychiater is, om in rapport om mear te witten te kommen.
Mar beppe is ek alle dagen mei har freondinnen oan it breidzjen foar de bern fan flechtlingen. As se wer byinoar komme, sjogge de freondinnen it rapport en tinke se dat it oer Wilma giet.
Se wolle har op alle manieren helpe om har trauma te boppe te kommen en ien fan de freondinnen sil sels har neef, dy’t psychiater is, in kear meinimme om beppe anonym te observearjen. Beppe fynt it mar frjemd dat elk ynienen sa besoarge is om har en se freget har beppesizzer om es in kear mei har baas, de psychiater, te kommen en de freondinnen anonym te observearjen.
De beide psychiaters komme op itselde momint, se witte fan inoar net wat se binne. Der ûntsteane dan fansels hilaryske tastannen, mar de konklúzje fan de psychiaters is itselde: noch beppe noch de freondinnen ha in trauma, mar se ha wol serieuze twivels oer elkoars geastestastân en riede in behanneling oan.

Kluchten en Kueren

It giet net goed mei it kueroarde fan Fons en Tina. De rekkens wurde of te let of hielendal net betelle en foaral de rekken fan de stroom en it wetter binne dan gefaarlik fansels. Wat is in kueroarde sûnder stroom en wetter? Neat. It personiel is ek al yn staking gongen omdat se de lêste moannen it lean net krigen ha. En no stean Fons en Tina der dus tegearre foar. Dat past harren eins net, want keninklike heechheid prinses Clothilde sil, lykwols ynkognito, in wike meidwaan oan in kuer om te fermeagerjen. Mar stel dat se it de prinses wol nei ’t sin meitsje kinne, dat soe de bêste reklame wêze dy’t se ea hân ha. Mar slagget dat sûnder personiel? Fons en Tina betinke in twillingbroer en twillingsuster dy’t as personiel opdrave moatte. Dit soarget foar de nedige kommoasje by de gasten

De Moaiste Dei

Houliksplanner Sylvia sjocht as eigeneres fan De Moaiste Dei allinne mar rekkens binnen streamen.
Se tinkt dat se ynkoarten de boel slute moat.
Dan komme Herbert en Saskia harren brulloft regeljen fia Sylvia. Dit betsjut aardich ynkomsten, omdat Herbert út in rike famylje komt. Allinne hinget der in luchtsje oan dizze brulloft. Ferskate famyljeleden besykje it houlik tsjin te hâlden of krekt trochgean te litten.
En wolle Herbert en Saskia sels wol sa graach mei-inoar trouwe? De moaiste dei wurdt in dei fol persoansferwikselingen en ferklaaipartijen.

Te let

Eva, in frou op leeftyd, sit yn tsjerke te wachtsjen op it begjinnen fan de begraffenis fan har man Bram.
Lotte, de beppesizzer, (dit kin ek in jonge wêze fansels) is by har. De begraffenisûndernimmer, mei de kiste fan Bram, is der noch net, hy is te let!
Yn seis tafrielen fertelt Eva oer it leven mei har man en hoe’t hy it foarmekoar krige om altyd te let te kommen, sels op syn eigen begraffenis!
Dit stik is ek hiel geskikt om as ienakters spile te wurden. Alle seis tafrielen binne perfekt apart fan elkoar as ienakter te spyljen, sûnder dat je de ynhâld fan de oare tafrielen noadich binne.

Hoe is’t mei him?

In man en in frou. Krekt skieden, dy’t ôfsprutsen ha dat se bêst de caravan hâlde kinne en him beide brûek kinne. Krekt as hy him ynstallearre hat foar twa wiken op de camping, komt sy ek mei har koffer oansetten. De caravan diele, jawis! Mar nét tagelyk! Wa bliuwt en wa giet fuort? En dan komt ek noch de nije freondinne fan de man mei in kofferke oansetten. Ferrassing… En wa is dochs dy “him” dêr’t hieltyd nei frege wurdt hoe’t it mei him giet?
In ferhaal mei in protte humor om de faak werkenbere situaasjes, mar ek mei in ûndertoan: it sear fan twa minsken dy’t út inoar dreaun binne troch omstannichheden.