Karel ende Elegast

Sjoch foar in beskriuwing:
SCHOTANUS, Jan, ‘Karel ende Elegast’.

Memmesiel

Diana is sjoernalist. It hat har altyd yntrigearre: froulju achter de traaljes. Hoe binne se oer de line fan dat wat net kin en mei hinne stapt, en hoe tin is dat lyntsje? Diana beslút har frijwillich yn in frouljus-sellenblok opslute te litten. Har doel is om mei de froulju yn kontakt te kommen, harren ferhaal te hearren en in boek te skriuwen. Dit stuitet foaral by de “snoeihurde” Corine op wjerstân. De oare twa, de kreaze Annet en de eksferslaafde Betty wolle lykwols har ferhaal wol dwaan. In ferhaal oer skuld en boete, oer skamte, mei hurde konfrontaasjes mar ek mei wrange humor.

Cesilia Tan

De haadpersoan is Cesilia. De geheimen en de dramatyk yn har libben sette de toan.
Trije manlju spylje yn dat libben in wichtige rol:
Johan, de partner fan har mem. Fan bern oan ôf hat er mei jild en fluenske wurden har hieltyd mear fan him ôfhinklik makke sadat sy stadichoan oan syn seksuele ferlet temjitte kaam. Se koe krije wat se ha woe, mar erkende te let dat se dêrby harsels ferlear.
Eduard, de kapelaan. Se fielt har by him fertroud, omdat er besiket syn eigen belangen gjin rol spylje te litten. Se fertelt him har ferhaal.
Walle, ûntkommen gefangene dy’t by har ûnderdak easket. Hy sjocht har krampachtigens en slagget der yn om har te ûntteien. Omdat er fan fijân har leaver wurdt helpt er har om har situaasje ûnder eagen te sjen.
Tsjin de achtergrûn spilet de lytse stêd. De lytse mienskip dy’t har ynweve lit yn ferhalen en fantasieën oer de oantreklike, en dus bedriigjende, mar ek riedselachtige jonge frou dy’t har yn de stêd te wenjen setten hat.

Dochsto it ljocht út

Ald wurde wol elkenien, âld wêze net.
Trije freondinnen besykje mei harren partners om de keunst fan it âlder wurden ûnder de knibbel te krijen. Mar wat in mins ek fan doel is it libben docht wat der wol. En wat je al lang net mear foar mooglik holden, slagget soms ek noch wol. Yn seis scenes sjocht it publyk in pear fan de aaklike mominten dy’t it libben yn petto hat, mar ek de hilaryske, nuvere, idioate, absurde en leafdefolle mominten.

Truth or Dare

Trije froulju, se binne rûn de fjirtich en sitte op in punt wêr’t alles feroaret. It liket der op dat se in suksesfol libben ha, fol mei karriêre, bern en it leauwen yn it eigen kinnen. Dochs komme se yn in midlifekrisis telâne. Hoe kin dat no?
It tik giet oer relaasjes, ferantwurdlik wêze, it hawwen fan ferwachtingen, oer reedlik gelokkich wêze, mar toch langstme nei mear. De tekst is humoristysk, fol myld synisme.
Livemuzyk sil de sfeer fan it stik fersterkje.

Freya

Freya is in frije bewurking fan it Grykske treurspul Antigone fan Sophocles. Utgongspunten binne de universele temas dêr’t Antigone op besearre is. Krekt dêrom sille der oerienkomsten mei de hjoeddeiske maatskiplike en politike situaasje.
It kin oeral en altyd gebeure: de moed fan de ienling om him te fersetten tsjin de macht as dy macht, om it behâld dêrfan, syn humane gesicht driget te ferliezen of b.g. de famyljebelangen skeint.

It stik spilet yn in ryk dêr’t de Hastings oan it bewâld binne. Troch it ferstjerren fan de âlde kening Quinten nimt in regint, Vosmar, it behear oer oant ien fan de twa soannen fan de stoarne kening, de twaling Focko en Farid, âld genôch is om it fan Vosmar oer te nimmen. Net allinnich gunt de iene broer de oare de troan net, ek is Vosmar wyls oan de macht ferslingere rekke en net fan doel dêr samar ôfstân fan te nimmen. De ûnderlinge striid tusken de broers gebrûkt er as argumint om oan te bliuwen.
Focko giet iepenlik de striid oan met Vosmar, Farid kiest foar in opportunistyske opstelling yn de omjouwing fan de macht.

De reedlikheid en iepenheid dêr’t Freya har troch liede lit, komme ûnder druk te stean as se tinkt dat lânsbelang en famyljesaken dat fan har easkje.
Freya hat mei elk fan de spilers problematyske relaasjes en hâldt alle triedden stevich fêst. Hoewol se yn it earstoan Vosmar syn rol as regint akseptearje koe, wie dat oer, doe’t ien fan har broers it fan him oernimme koe en hy wegere.
Se ferwyt him syn manier fan regearjen, it krampachtich fêsthâlden oan regels en wetten , fersterke troch in tekoart oan ferbyldingskrêft dat yn de praktyk ta ferstjurring leidt. Ek lytsachtet se him om syn fersyk syn soan, Arèn, har minnaar, tsjin har op te setten. Se gunt Focko de troan, mar is it net iens mei syn tarieding op in gewelddiedige striid. Farid en har suster Anaïs binne troch it oanskeuken tsjin de macht yn har eagen ferrieders. Al dizze gegevens en de gefolgen dêrfan foar de libbens fan alle meispilers is de reade trie troch it ferhaal.
It hiele ferhaal wurdt tekenen troch yntriges en gearspanning, mar ek troch de ynset foar wat as needsaaklik en rjochtfeardich sjoen wurdt. Der sille úteinlik gjin winners wêze. Freya sil wollens en wittens har frijheid opofferje.

Alde doazen

Trije froulju binne de personaazjes yn de nijste komeedzje fan Thomas Verbogt, mei de Fryske titel “Alde doazen”
In ferhaal oer âlder wurde, fitaliteit en wat der fan it libben oerbliuwt as je âlder wurde.
Yn dizze foarstelling draait it om Mimie van der Kwast, dy’t allinnich noch mar mei de parkyt praat. Har hiele libben hat se har weisifere foar har man, dy’t in bekende Fries wie.
No’t hy dea is kinst yn har libben in spjelde fallen hearre. Sa stil is it. Lokkich hat Mimie har suster noch; dat jout noch in bytsje avesaasje. Dan giet de bel. Der stiet in folslein frjemde frou foar de doar. Dizze komt mei in tige opmerklik ferhaal oer de weirekke oare helte, dat as in bom ynslacht…

Hiemhûntsje

Se helje boadskippen en dogge de wosk. Se siede iten, meitsje it hûs skjin en betelje de rekkens. Twa suskes dy’t harren sels opfiede, want harren mem leit op bêd. Al alve moannen en njoggen dagen. Fan de dei ôf dat harren heit mei de auto tsjin ’e beam oan knalde. Boem. Ynienen wie er dea. Mem mist him sa bot dat se net fan ’t bêd komme kin. De suskes betinke healwize fiten om har fan ’t bêd te krijen. Mar wat se ek dogge, it slagget net. Oant der foar it earst sûnt in lang skoft immen op besite komt. In jonge dy’t baarnt fan nijsgjirrigens.

Leave Arthur

De âldere susters Ada en lies wenje noch hieltyd by elkoar yn harren âlderlik hûs. Der is in soad feroare sûnt se jonge wiene. En dan stiet ynienen- nei rom tritich jier – harren nei Afrika emigrearre suster Trude foar de doar. Har man Arthur is stoarn en sy is nei Nederlân werom kommen om de begraffenis te regeljen. Sy wit net dat Ada en Lies harren ferstoarne kat ek nei Arthur neamd hiene.
Stadichoan komme de oantinkens oan earder werom. Oer doe ’t se jong wiene en hoe ’t Arthur yn it libben fan de susters kaam en hoe ’t dat alles feroare.
Foar Trude binne lykwols inkelde dierbere oantinkens oan eartiids út it hûs ferdwûn mar it meast is itselde bleaun.

De Presidintes

Trije froulju ha it oer de problemen en mislearringen fan it libben. De hypokrisy fan de Eastenrykse nei oarlogse maatskippij en de bekrompen boargerlikheid wurde útpluze mei bittere humor en eigensinnish taalgebrûk.

Skoft

It spilet him ôf yn de kantine fan in supermerk of eins yn in needkantine op de 3de ferdjipping fan it gebou. Dizze kantine is folop yn gebrûk, omdat de meiwurkers fan de supermerk graach even skoftsje meie. Dat it net altyd slagget, dat skoftsjen, blykt wol út de kasjêre dy t wol kofje ynskinkt, mar der noait ta komt om dizze op te drinken. Der wurdt grute dat der in oername komt en de 1 miljoenste klant komt ynkoarten, it personiel hat it der mar drok mei. De klok en de lift spylje in de haadrol yn dit stik, lykas de kast, it húske en it kantoar fan de baas. Twa meiwurkers yn en ut de kast soargje foar in soad fermaak. De ûnderhaldsman en de klanten service ûntbrekke ek net, lykas de kontroleur fan de keuringstsjinst. De rabberij draait op folle toeren as de frou fan de baas sa no en dan del komt. O, o en dan dy 1 miljoenste klant!

Hanna

Hy sit thús te wachtsjen oant er nei in ôfspraakje kin. Dat ôfspraakje hat er mei in frou, nei oanlieding fan in kontaktadvertinsje. De man hellet him dingen foar de geast fan eartiids. Oer de famkes dy’t er doe kennen hat en hoe’t it no mei dizze ferrinne sil. Hy sels hat noait troud west, mar hy fynt wol dat hy dêr no oan ta is.
Hoe ferrint de moeting tusken de frou en de man? Soenen se by elkoar passe? Of….?

Hillige gloede

Op yntegere en minsklike wize is yn dit stik it probleem eutanasy behannele; it pynleas deadzjen fan ûngenêslik siken.
In mem jout har sike soan in te grutte doasis fan in sliepmiddel. De frou fan de pasjint is fereale wurden op syn broer, dy t mei ferlof yn it lân kommen is. Dizze leafde hat gefolgen hân. De ferpleechster is fereale op har pasjint en as de dokter foar syn ferstjerren in ûnskuldige deadsoarsaak opjout, wol sy dat justysje tuskenbeiden komt om de de deadsoarsaak offisjeel fêst te stellen. Dit makket de sfear, dy’t nei de dea yn ‘e hus hearsket, tige benearjend. Njonken de mem en de dokter spilet ek de buorman, in âld plysje-autoriteit, hjirby in rol. Nei de beskuldiging fan de ferpleechster dat der in moard begien is komme we min of mear yn de sfear fan in skriller. De selsmoard-teorie blykt ûnhâldber. De ferpleechster fynt yn it feit dat de frou fan de ferstoarne yn ferwachting is in motyf om har fan moard te beskuldigjen. Fan de man kin it bern, fanwege syn ynvaliditeit, ommers net wêze.
Dan docht de mem de bekentenis fan har yngripen yn de natuerlike rin fan it libben. Sy fiert as argumint foar har died it lijen fan de slim sike soan mar ek fan syn jonge frou oan. Sy moat neist him libje sûnder dat har natuerlike libbensfunksjes in kâns krije. De ferpleechster kin har leafde foar de pasjint net mear ferbergje en set dizze yn tsjin de leafde fan de mem, dy’t se feroardielet. Lykwols jout se it lang om let op.

De Fisk

In jonge sjoernalist beslút tsjin ’t sin fan syn mem yn, syn heit op te sykjen dy’t nooit wat fan him hearre litten hat. As suksesfol popmuzikant is heit nei jierren út it bûtenlân werom kommen. Heit hat in drege ferhâlding mei syn twillingbroer, in mislukte keunstskilder dy’t lêst hat fan surrealistyske dreamen en it noch hieltyd dreech hat mei it ferlies fan syn ‘ideale frou’. Yn it ynterview konfrontearret de jonge sjoernalist de muzikant mei syn heitwêzen, mar dan blykt- wat it publyk al earder troch hat- dat net de muzikant mar de keunstskilder de man is wêr’t syn mem eartiids it bêd mei dield hat.

Dea Gewoan

De essinsje fan it stik is dat de maatskippij net sa goed wit wat se mei jongeren oan moatte, benammen at de jongeren ‘oars’ binne. It spilet him ôf yn in ynrjochting foar jongerein en yn ‘e himel. De jongeren ha troch de folwoeksenen yn de maatskippij in stimpel krigen omt sy ‘oars’ binne. Mar ‘oars’ wol toch net sizze dat se gek binne. It is in komysk stik mei in serieuze ûndertoan.

It dilemma fan Rose

Yn har lúkse filla oan it strân fan East Hampton stiet skriuwster Rose Steiner op in kearpunt yn har libben. Se hat al jierren neat mear skreaun en har jild rekket op. Har eardere minnaar, de literêre reus Walsh McLaren, biedt har – fan út syn grêf – de kâns miljoenen te fertsjinjen. In boek moat ôfmakke wurde, dan is se ryk. Dat sil net maklik wêze en se moatte der in spookskriuwer foar brûke. Dy is net maklik te finen. Rose mei de kandidaat, Gavin Clancy, dêr’t Walsh mei oankomt, net snuven hearre. Mar it boek sels ôfmeitsje kin se ek net. Hoe moat it dan? Dit is in oandwaanlik, grappich, romantysk en ûnfoarstelber toanielstik, skreaun troch Amearika’s favorite blijspulskriuwer en winner fan de Pulitzer priis.

Reboelje yn de âlde jachthaven

Wat in reboelje yn de âlde jachthaven, wêr’t it altyd sa rêstich en gesellich wie. De minsken hawwe troch krigen, dat it spul ferkocht wurde sil. Grutte konsternaasje as dan ek noch blykt dat der in kontroleur ûnderweis is en nimmen wit hoe hy der útsjocht. In havenmaster dy’t net swimme kin, in direkteur fan in grut bedriuw, dy’t ferdwûn is en sels syn sekretaresse wit net wêr ‘t hy is. Wat in drokte dêr yn de “FEILIGE HAVEN” en komt it allegearre wol wer goed???

Hotel/Pension Rûnom

Fam. Wierda hat in hotel/pensjon yn in âlde wettertoer. It stik spilet yn ‘e hal fan de wettertoer. Om ‘t de wettertoer net al te grut is moatte se harren behelpe wat de romte oanbelanget. Dit is it earste wykein fan ‘t nije seizoen dat se gasten ha sille. It wie altyd in pensjon mar is no ferboud, oan de iene side fan it gebou ta in hotel. It hoteldiel wurd troch Wierda bestierd en it pensjon troch frou Wierda. Wierda fynt it wichtich dat de minsken yn lúkse harren fakânsje trochbringe kinne mar frou Wierda fynt dat ek it gewoane folk in plakje ha moat om efkes fuort te kinnen. Mar om ‘t se krekt begûn binne ha se noch net folle personiel en moatte sy in protte sels dwaan. Wierda fynt dat it personiel no ek oare klean oan ha moat en harren oars gedrage moatte. Dit stuitet fansels op ferset fan syn frou dy mient dat se sa gewoan mooglik dwaan moatte. Sy hat it ek neat mei lúkse bobbelbaden en mini-bars op ‘e keamers. As der dan ek noch gasten komme dy’t in bytsje frjemd dogge, ha jo de poppen oan ‘t dûnsjen.