Thús
Sjoch Thomas WESTRA, ‘Thús’ foar in beskriuwing fan dit stik.
Sjoch Thomas WESTRA, ‘Thús’ foar in beskriuwing fan dit stik.
Ienakter skreaun foar yntroduksje-byienkomtsen mei nije ynwenners fan Fryske gemeenten en kursussen Frysk.
Guus en Riekje ha in famke fan 11 jier dat swier gehandikapt is en oan tafallen hat. Se is harren iennichste bern. Se ha in goed houlik ûndanks de problemen mei it famke. Riekje tinkt dat de tastân fan de lytse Wiesje har skuld is om ’t se earder nochal wyld libbe hat. Toch wit Riekje better mei har fertriet om te gean as Guus. Stadichoan wurdt Guus in senuwpasjint, as leraar in ûnmooglik mins dy’t syn learlingen as natuerlike fijannen beskôget. Syn galgehumor is in wapen tsjin de machteleazens. Syn mem hat him as bern tefolle bepopke, sadwaande is hy in tige kwetsber minske wurden dy’t op ’t lêst de krêft net mear opbringe kin om jûk te sjouwen en smyt it fan him ôf. Nei in mislukte poging om syn bern te deadzjen lit hy syn gesin yn ‘e steek…
Op yntegere en minsklike wize is yn dit stik it probleem eutanasy behannele; it pynleas deadzjen fan ûngenêslik siken.
In mem jout har sike soan in te grutte doasis fan in sliepmiddel. De frou fan de pasjint is fereale wurden op syn broer, dy t mei ferlof yn it lân kommen is. Dizze leafde hat gefolgen hân. De ferpleechster is fereale op har pasjint en as de dokter foar syn ferstjerren in ûnskuldige deadsoarsaak opjout, wol sy dat justysje tuskenbeiden komt om de de deadsoarsaak offisjeel fêst te stellen. Dit makket de sfear, dy’t nei de dea yn ‘e hus hearsket, tige benearjend. Njonken de mem en de dokter spilet ek de buorman, in âld plysje-autoriteit, hjirby in rol. Nei de beskuldiging fan de ferpleechster dat der in moard begien is komme we min of mear yn de sfear fan in skriller. De selsmoard-teorie blykt ûnhâldber. De ferpleechster fynt yn it feit dat de frou fan de ferstoarne yn ferwachting is in motyf om har fan moard te beskuldigjen. Fan de man kin it bern, fanwege syn ynvaliditeit, ommers net wêze.
Dan docht de mem de bekentenis fan har yngripen yn de natuerlike rin fan it libben. Sy fiert as argumint foar har died it lijen fan de slim sike soan mar ek fan syn jonge frou oan. Sy moat neist him libje sûnder dat har natuerlike libbensfunksjes in kâns krije. De ferpleechster kin har leafde foar de pasjint net mear ferbergje en set dizze yn tsjin de leafde fan de mem, dy’t se feroardielet. Lykwols jout se it lang om let op.
Wat in teater is in toanielstik wêr’t twa stikken troch elkoar hinne spile wurde. In klucht mei in soad gedoch en doarren, mei dêromhinne in tragikomeedzje.
De skitterende klucht stiet op it punt om yn premiêre te gean. Nei dagen fol tsjinslach repetearret de ploech foar de lêste kear, mei mar ien doel: foar middernacht klear wêze mei doarren en de hearring, want dêr draait it hiele stik om…
Nei in pear foarstellingen binne de spanningen heech oprûn. Gelokkich hat it publyk der gjin idee fan dat it achter de skermen net allegear linichjes ferring. Op it toaniel is in protte wille mar achter liket it mear in Griekse trageedzje.
Ronja wurdt berne yn in húshâlding dy’t tahâldt op in berch wêr’t de rôvers fan Mattis skûlje, at se net op rôverspaad binne. De famylje fan Ronja is lykwols net de ienichste rôversfamylje yn de omkriten. Der is ek noch dy oare famylje fan rôverhaadman Bjorka. Beide famyljes kinne net mei elkoar oerwei, de iene kin de oare foar de eagen net sjen.
At Ronja wat âlder wurdt, lûkt se de wrâld yn. Sa komt se op in dei by tafal yn ’e kunde mei Bjirk, lid fan dy oare rôversfamylje. Se witte eins net wat se oan elkoar ha. Oan de iene kant kinne se it goed mei elkoar fine. Mar oan de oare kant witte se ek dat se eins net mei elkoar omgean meie. Harren heiten haatsje elkoar ommers. It falt foar Ronja en Bjirk net ta, se sitte hieltyd yn twastriid. Kieze se foar elkoar of foar de haat fan harren beide heiten?
Teater mei muzyk en bulten blik foar bliksemse bern
It stik draait om Bertus Schweigmann. Ofkard foar it ‘gewoane’ wurk, follet hy syn dagen mei it kosterskip, it fuotbalkrantsje en ien kear it jier spilet er foar Sinterklaas; wa kin him net. Hy is al jierren troud mei Annie dy’t nei it opfieden fan de bern, noch nueter har man folget yn alles wat er docht. Rêst en regelmaat binne de skaaimerken fan it libben fan dit stel.
Oant der yn de gemeente in nij dûmny oansteld wurdt. Sy set wat yn wurking wat net te stuitsjen is en de lytse wrâld fan de Schweigmanns mitert yninoar.
Jean-Pierre Lambert is troch syn rike heit, fuotballeafhawwer en bestjoerslid fan de klup Racing, fan lyts ôf oan in fuotbalkarriêre yn treaun. Om syn soan de ultime eare te ferskaffen om by Anderlecht te spyljen hat heit sels mei fikse bedragen tsjinstanners omkocht. By de, foar de transfer nei Anderlecht, beslissende wedstryd wie it J-P’s jeugdfreon Richard, dy’t yn it doel stean sil.
Om’t by dy gelegenheid J-P Richards knippel stikken skopt en fanwegen earder levere seksuele tsjinsten, sjantearret Richard heit Lambert, dy’t gek is op jonge ûnskuldige ‘pupillen’ en ‘kadetten’. By einbeslút wegert J-P it oanbeane kontrakt by Anderlecht en trout mei Sonja, dy’t it fuotbaljen hatet. Sûnt dy tiid stelt hy Sonja ferantwurdlik foar syn mislearring.
Dit stik fan it humoristyske skriuwersduo Lanoye en Brusselmans, wêr ‘t rom fan teater-effekten gebrûk makke wurdt, is troch de brede rezjy- en dekôroanwizingen ek oan te rieden as lêsdrama. It hoecht foar kenners fan it oeuvre fan de skriuwers: foar leafhawwers fan humor, satire en synisme.
Dizze ienakter is skreaun foar yntroduksjebyienkomsten mei nije ynwenners fan Fryske gemeenten en kursussen Frysk.
Heit, mem en twa puberbern. It is mem har 45ste jierdei. It moat en sil in gesellige dei wurde. De dei begjint mei in feestlike brunch, der’t mem o sa’n flyt op dien hat. Dan krijt se har jierdeiskado: in fideokamera. Dizze feestlike dei kin sadwaande daliks fêstlein wurde. Is sa leuk foar letter.
De kamera, hantearre troch soan en dochter, leit ûngenedich fêst hoe’t it feestje út ‘e hân rint. En de hiele húshâlding falt útelkoar.
De oare moarns, as de diggels oprûme binne en de blauwe plakken fuortsminkt, liket alles wer gewoan. Of net?
In ûnomkearber famyljedrama. In portret fan in húshâlding, dat jin konfrontearret mei de frustraasjes, it ûnfermogen fan de âlden, mei it fertriet en de eangst, mar ek de dreamen fan de bern.
Van den Berg skreau dit stik út it perspektyf fan de bern wei. Blykt ek út it taalgebrûk. Al mei al tige werkenber foar jongelju.
It stik spilet yn de taap fan in doarpsherberch earne op it Fryske plattelân. Ornaris is it in rêstich kafee mei gemiddeld sa’n seis, sân klanten. Drokte is der mei de jierlikse toanieljûn en fansels mei de merkedagen. Freed- en sneontejûn wurdt der oanstutsen troch de jongerein, dy’t nei tsienen syn heil fierderop siket. Mar der binne ek jûnen dat de doar om healwei tsienen op slot giet. Jûn is it lykwols ûnferwachts tige drok. It rint de kastlein en it kastleinske Klaas en Jantsje van der Zee-Sikkema suver wat oer de fûst.
Theo en Trees, soan en dochter fan de legindaryske Bariton fan de Klaai sette syn klienkeunsttradysje fuort. In slagge boekeramsjer hat harren ynhierd foar syn personielsútsje, om se sa te stypjen en in kâns te jaan op in breder publyk. As de groep komt blykt der lykwols folle mear belangstelling foar it iten as foar it optreden. It wurdt in geweldige ôfknapper. De nije technikus Foead, ynhierd fia in regeling fan it arbeidsburo, docht der alles oan om it duo troch de jûn te skuorren en nimt sels it programma oer. It is de ein fan it duo.
noch gjin beskriuwing
Kieze foar de polityk, betsjutte dat Piter Jelles Troelstra ôfstân nimme moast fan syn Frysk dichterskip. Terpstra symbolissearret de striid yn Troelstra tusken de dichter en de strider, troch in sjonfaam Jildou en in striidfaam Marianne, dy’t beide hieltyd wer op Troelstra ynprate. Se binne symboalen foar twa lûden yn Troelstra sels, dy’t in wikseljende ynfloed hiene op syn hâlden en dragen, ek yn de polityk.
Yn De Triljende Ierde is it kiezen fan Troelstra it haadtéma. Hjir spilet him dat logysk ôf yn it fermidden fan de sosialistyske beweging. Mar eins is Piter Jelles yn dit stik it symboal fan it wifkjen fan in protte minsken tsken har idéalen en de feilige wei. Dat jout De Triljende Ierde in algemiene betsjutting.
Romme fan fjouwer hat syn pake yn de kost: ek letterlik yn in kast. Pake kin net mear op himsels passe, en pakesizzer Romme fersoarget him sa goed sa kwea. Pake hat de kast fol mei foarwerpen dy’t it ferhaal fan syn libben fertelle: sy binne basearre op de ferhalen fan Romke de Leeuw dy’t it stik 170 kear foar Tryater spile. Pake kin geweldich toverje en gûchelje, mar as er it wetter rinne lit en lang om let yn de broek docht, giet it Romme oer de hege skuon. Pake docht syn lêste gûcheltrúk: hy ferdwynt yn de kast, en Romme makket regaad yn Pake syn dierberheden.
In jong famke wurdt frege om foar koarte tiid de rol fan de stoarne Veronika te spyljen, om Veronika har suster, dy’t al jierren yn it ferline libbet, in tsjinst te bewiizen. Sa begjint, yn earsten in ûnskuldig spultsje, wat lykwols geandewei in nachtmerje wurdt mei persoans- en wurklikheitsferwikselingen.
Nei it hommels ferstjerren fan syn heit is Hamlet, prins fan Denemarken, werom kaam nei it hof. Like hommels is no ek syn mem hertrouwd en wol mei in omke fan Hamlet. Dit noarsket him hielendal net. Troch de geastferskining fan syn heit, begrypt Hamlet dat syn heit fermoarde is troch syn broer, Hamlets omke Claudius. Hamlet krijt opdracht om syn dea te wreken, mar mei lykwols neat ûndernimme tsjin syn mem.
Hamlet is ûnwis en betrout no net ien frou mear. Op rûge wize makket er de ferkearing út mei Ophelia, de dochter fan earste minister Polonius. Dy hat de taak om út te sykjen wêrom’t Hamlet sa mankelyk is en wat er krekt wit oer it ferstjerren fan syn heit. Hamlet krijt dat troch en stekt Polonius de gek oan.
Troch in toanielstik fan in ploech reizigjende spilers te feroarjen besiket er wissichheit te krijen oer de rol fan syn omke by de dea fan syn heit. Mar as er dy ien kear hat, duort er him dochs net te deadzjen. It is yn it foarste plak de miening fan syn mem dy’t him tsjinhâldt. Hamlet krijt wurden mei syn mem. Hy deadet Polonius as er fernimt dat sy ôflústere wurde. Claudius fynt dat er no mar fuort moat nei Ingelân. Hy jout syn feinten opdracht Hamlet ûnderweis te fermoardzjen. Mar Hamlet fermoardet de feinten en komt werom. By it grêf fan de dwylsinnich ferstoarne Ophelia krijt Hamlet spul mei har broer. Claudius sjocht no in kâns om troch in duel tusken Hamlet en dizze broer mei him ôf te weven. Om wis te wêzen wurdt de punt fan de degen yn in drankje fergiftige. It rint oars. Hamlet wurdt lykwols deadlik rekke, mar de degens wurde ferwiksele en de mem drinkt by fersin it fergif. No pas doart Hamlet it oan en fermoardet de moardner fan syn heit.
De twa bruorren Coleman en Valene Connor libje allinnich yn it âlderlik hûs nei de dea of moard fan harren heit, it hinget der mar fan ôf oan wa’t je it freegje. Se kinne net tegearre libje sûnder algeduerigen út te barsten yn rûzjes mei geweld oer de meast ûnbenullige en ûnskuldige saken. Pastor Welsh of Walsh, it hinget der mar fan ôf oan wa’t je it freegje, is nij yn dit troch God ferlitten doarp oan de Ierske westkust. Sûnt syn kommen hat hy al trije moarden en in selsmoard meimakke.
Sels de famkes fan it fuotbalalftal slagje der algeduerigen yn harren tsjinstanners it sikehûs yn te skoppen. Pastor Welsh besiket lykwols syn parochianen op it rjochte paad te hâlden. Hy fielt him ferplichte de bruorren mei inoar yn it lykwicht te bringen foardat it einiget yn in bloedbad.
In doarp mei al syn yngrediïnten. Elkenien kin elkoar en foaral elkoars geheimen en langstmen. Der wurdt rabbe mar noch mear kweasprutsen. Der hearsket wurkleazens. Wa’t noch it lef hat om syn dreamen nei te jeien , giet nei it bûtelân: it rike part fan West-Europa, of Amearika. Mar sy dy’t net mear fuort kinne, wolle net allinnich efterbliuwe: elk middel wurdt tastien om de lêste trouwe doarpsbewenners thús te hâlden. Dat sprekt foar himsels. Foar wa’t syn neisten te benearjend fynt, is moard fansels de ienichste útwei. Dat sprekt foar himsels. Om ‘e nocht siket de polysje nei moardners. Om ‘e nocht besiket de jonge, oan alkohol ferslaafde doarpspastor syn parochianen fan moard ôf te hâlden.
“In skelet yn Ierlân” giet oer it swarte bestean fan de pleatslike deagraver dy’t sûnder ienich moreel besef libbet.