Hotel Hellman

Hotel Hellman is in eigentiidske, fleurige en absurde oade oan Fawlty Towers en sit grôtfol mei yntriges en rarichheden.

De hystearyske hotel-manager besoarget himsels net allinnich in hege bloeddruk mar ek allegearre swierrichheden. Tsjinwurke troch syn Dútske skoanmem, syn wat ûnnoazele frou dy’t gek fan musicals is en de altyd fleurige mar tige nijsgjirrige buorfrou, besiket hy syn smoar rike tante yn te palmjen om jild te ynvestearjen. Wylst de help besiket te rêden wat der te rêden falt, meitsje de gasten der lang om let in soadsje fan. In drankoargel fan in aktrise en in wat heal-sêfte dokter is noch dêroan ta. Mar mei de komst fan de eardere “gûchel-assistinte” fan de manager wurdt it in gekkeboel.

Elk hat wol wat te ferbergjen en it publyk wit nei trije kertier fan de foarstelling hast net mear wat wier is en wat net. Hotel Hellman hat alle yngrediïnten fan in klucht, mar is eins noch folle komplekser.Want hoe lang kinst op ’e rin wêze foar dyn ferline? Hoefolle troude manlju leaust noch? Hoefolle alkohol kin in mins ferneare? Hoefolle geheimen kin dyn gewisse oan? Yn hotel Hellman binne se der allegearre fan oertsjûge dat sy it wol oant yn de ivichheid folhâlde sille. Oant it earste lyk út de kast komt. Letterlik.

 

Try-out

It toanieltsje fan in doarpshûs stelt in sliepkeamer foar. Amateurspilers binne noch drok dwaande mei de tariedings as de foarsitter syn praatsje hâlde wol. Dan giet it gerdien op en sjogge wy in sliepkeamer. De man fan de omballings sjout noch mei in toiletpot om, dat hielendal klear is de saak noch net. De spilers hawwe it der efkes letter tige dreech mei om it publyk op in frijsêne te traktearen. Grappige diskusjes oer wat toanielspyljen no eins wêze moatte soe wurde ôfwiksele mei oandwaanlik gewraksel.
In tige aardich skreane parody op it hâlden en dragen fan in amateurtoanielploech.
It stik is útjûn troch de Koperative Utjowerij yn Boalsert as ‘Ljochtmoanneboekje’.

In deserteur

Twa finzenen sitte boeid yn in âlde skuorre. Se wurde fêsthâlden troch de Guerilla. De twa finzenen binne in soldaat en in luitenant. De Guerilla wol witte wat sy yn de bosk diene, de luitenant hâldt fol dat se ferdwaald wienen en fierder neat fan doel wienen. Op in bepaald stuit besiket de soldaat út te naaien. Hy wurdt daliks delsketten. Dan sit de luitenant allinnich yn de skuorre. Eve hâldt de wacht en de luitenant en Eve komme yn ‘e kunde. As se tegearre yn ‘e skuorre sitte, geane se freonskiplik meiïnoar om. Sa gau der oare wachten by komme docht Eve krekt oft se de luitenant net lije mei. Oan de ein kriget Eve de opdracht om de luitenant dea te sjitten. Se kin it net en dan moatte se wol tajaan dat se fan elkoar hâlde.