Filoktêtês

Filoktêtês, op in iensum eilân efterlitten, wurdt troch de smjunt Odysseus en de griene, earlike Neoptolemos weromhelle, om’t hy en syn bôge nedich binne foar it ynnimmen fan Troje. It is in karakterdrama, dêr de ienfâldich te mislieden Neoptolemus yn hifke wurdt op syn earlikheid.

Kening Oidipoes

It ferhaal fan de tragyske omkear yn it lot fan de grutske hearsker fan de stêd en de steat Thebe. Oidipoes, dy’t it folk ferlost hat fan it meunster Sfinks, wurdt ferballe as bliken docht dat er sels de oarsaak is fan de pest. Hy hat, hoewol’t hy dat net wit, syn heit deade en is mei syn mem troud (bloedskande). Dit stik, dêr’t de term ‘oedipuskompleks’ wei komt, is in masterwurk fan dramatyske en lyryske krêft en hat de spanning fan in moderne detektive.

Oidipoes yn Kolonos

Oidipoes komt oan ‘e ein fan syn swalkjen werom yn it Attysk gea fan Kolonos en kriget der syn grêf. Syn dochters binne him yn need trou bleaun; syn soannen wurde ferflokt.