Frou siket boer

Herman Beekman, fynt it heech tiid wurden dar har soan Dick in frou kennen leart, skriuwt dêrom in brief nei de redaksje fan televyzje programma “Boer siket Frou”. Der binne mar twa froulju dy ’t reagearje. De redaksje fan it televyzje programma fynt dit sa unyk, dat Dick “yn è race” bliuwt. Dan komme de froulju. Suus, in skruten en senuweftich typ, yn selskip fan har buorman en freon Louis. Ria, in hoerke, yn selskip fan har freondinne en kollega Corry. Dick Beelman sil in kar meitsje moatte.

Falske memmeleafde

Leonie Vlek hat it net maklik. Har mem, Cynthia, is in aakliksma dy`t gjin sprankeltsje leafde foar har fielt. Slimmer noch: Cynthia liket sels har tige bêst te dwaan har dochter sa ûngelokkich mooglik te meitsjen. Al sûnt har bernejierren is Leonie it wend om as in slavinne behannele te wurden. Wylst Cynthia as in dwylsinnige besiket om in bestjoersfunksje te bemachtigjen yn it Dames- komitee foar Woldiedigens, siket Leonie wat treast by har freon Paul. Dit ferrint net sûnder wryt of slyt, want Cynthia docht alles om harren leafde te rampoaien. Dan komt der in nije buorfrou yn`e strjitte wenjen. Sy komt op ûnferwachte mominten binnenfallen en siket dúdlik nei WAT. Stadichoan wurdt dúdlik dat Cynthia in tsjuster geheim te ferbergjen hat. Ien ding is wis: Leonie har libben sil nea wer itselde wêze.

De ferkochte breid

De ferkochte breid is in komysk, jûnfoljend stik.
De klassiker fan Arie v/d Lugt, bewurke troch Maurits Keyzer. De tsjinstellingen tusken ryk en earm, kâlde kak en gewoane minsken is dúdlik oanwêzich. Uteinlik giet it om de leafde en it gelok, net allinnich om jild en oansjen.

Freddy Foxtrot

“Dansen bij Janssen”, It stiet op de gevel fan de dûnsskoalle mar der bard op dit momint neat.
Jan, de eigener en dûnsleraar hat syn foet brutsen en dat is syn frou Ellen min nei it sin.
It jild dûnset by har yn de bûse, mar ja wat der net binnen komt kin ek net útjûn wurde.
De oplossing is gau fûn, it bêste toppear fan it Noarden komt om dûnsles te jaan,
allinne ha Jan en Ellen allebeide in oar toppear útnûge.
It toppear fan Ellen ferskynt as earste op de dûnsflier, en se ha der nocht oan.
Hun hannen jokje, de teannen tintelje want sa fanatyk binne dizze mannen, ja mannen.
Dat hienen jim net ferwachte. No, Ellen likemin!
Jan hat ek in echt toppear komme litten, en dat binne se. As earlik sein, dat wienen se… fyftich jier lyn. Want no sit alles wat fêst ruske.
Moatte dizze twa antikers de dûnsskoalle dan rêde??? Nettsjinsteande dat alles piepet en kreaket tinke se dat se noch hiel wat binne. Mar ja, as jo neist jo skuon rinne, krije jo smoarge sokken!
It is maklik dûnsjen op in oar syn flier, mar dizze beide pearen geane folslein út de maat.
Hoe dit no fierder moat, en as hjir ea noch wer muzyk yn dizze dûnsskoalle komt……….

Lit mar hingje!

It rint sa as it rint, ek al rint it út de hân. Sa giet it al jierren mei it kafee fan Oene en Anneke. Harren kafee yn de Pein begjint in âld stofnêst te wurden en hat net in soad oanrin mear. De iennige klant dy’t se noch hawwe, dêr wurde se net ryk fan. Lolle fynt bier dat hy om ‘e nocht kriget fierwei it lekkerste en hy hat dan ek noch nea in
reade sint betelle. Mar ja fan in keale hin kinne jo ek net plukke fansels. Oene lit de moedfearren dan ek al hingje. Dochs komt der gâns wat flecht op ‘e koai. Earst
komt der in famke dy’t in keammerke hiere wol. Op it earste gesicht soenen jo sizze: Hjir bestiet yn ‘e hiele wrâld gjin twadde fan, sa nuver en sa ûnnoazel. Mar wat kinne jo jo dochs yn minsken fersinne want sy blykt ek noch sa’n suske te hawwen. Jo hawwe it noch nea sa frjemd sjoen. Apen kinne jo fan alles wol leare, mar dizze beide?? It wurd noch healwizer as der in wat útdaagjend frommeske oer de flier komt. Sy blykt fertsjintwurdiger te wezen fan de Unisex masine. De Unisex is spesjaal op ‘e merke brocht foar manlju, sadat dizze de froulju it wurk út hannen nimme kinne. De reek komt Oene en Lolle út de earen as se dit hearre. Tsja dizze beide skiep steane fansels ek al jierren te fretten fan it selde stikje lân. Dit lied fansels ta in ûnmooglike situaasje, dat kinne je wol begripe. Mar ynienen stiet skoanmem nei 10 jier wer op ‘e stoepe. Se blykt in bekstik te wêzen, dy’t grutte heibel yn it kafee makket. Se easket op koarte termyn fiiftûzen Euro werom foar in saneamde houliksreis mei har Frânsman. Dit is in stumper dy’t folslein by har ûnder plak it sit. Mei de help fan linke Leo (in echte hús, tún en keuken krimineel) besykje se skoanmem der ûnder te krijen mar dat slagget fuort net. Drank, slieppillen, laksearmiddel, rolmopsen, neat skynt tsjin har te wurkjen. Se moatte foarsichtich te wurk gean omdat plysje Walter Hibma regelmjittich binnen rint, al hawwe se foar dy knoffelkont net sa folle te freezjen. Dochs binne se oan it ein fan de rit dy âld fekke te snoad ôf mar hoe…

De belle, de belle

As sportlearaar Jip Wiegant tinkt dat hy in goed idee hat, heart hy yn syn holle in beltsje rinkeljen. Hy docht dan in soarte Indianedûns en ropt: De Belle. De Belle. Yn dit blijspul docht hy dat faak. Hy kriget ommers mei faasje mei nuver problemen te krijen wêrfoar hy like nuvere oplossingen betinkt. Ta ûntsetting fan elkenien dy`t der by belutsen rekket. It earste probleem ûntstiet as Jip syn oansteande skoanheit, Neutje, yn in grêft springt, omdat hy tinkt dat hy troch syn strange dochter Myléne op dronkenskip betrape wurde sil. Jip en syn âlde skoalfreon Klo, in begjinnende psychoterapeut, nimme Neutje mei nei it hûs fan Klo om dêr drûge klean oan te lûken.
It toanielstik begjint as it span de sprekkeamer fan Klo ynkomt. Alle trije binne harren oant ferklaaien as Yvonne Meslier der ynkomt, de assistinte en ferloofde fan Klo. Sadree se Jip sjocht, wurdt se lilk. Sy en Jip binne ferloofd west. Sy hat de ferloving ferbrutsen, nei`t Jip har oerhelle hie ta in frijpartij yn in gymnastykseal wêr`t se troch Yvonne`s muoike betrape waarden. Sy tinkt dat Jip har noch altyd efterfolget en dat hy har mei in ferlechje oan Klo optwongen hat. Yn har lilkens smyt se Jip seis Sineeske komkes nei de holle. Neffens Klo binne dat kostbere stikken antyk dy`t hy fan syn mem lient hat. De skatte skea: tweintichtûzen euro. It slimste is dat Klo syn mem, Linda, de komkes meikoarten wer ophelje sil. Sy en Klo hawwe bargebiten. Se seit gjin wurd mear tsjin him. Jip fynt in oplossing foar it probleem. Hy hat fan Myléne tweintichtûzen euro krigen om harren houliksreis te beteljen. Dy lient hy oan Klo om oare komkes te keapjen. Syn houliksreis is pas oer trije moanne yn dizze tiid moat Klo as psychoterapeut sa`n bedrach wol fertsjinje kinne. Neutje seit dat hy de brutsen komkes wol reparearje sil mar Jip set syn plan troch. Neutje hat ek in idee; hy giet nei syn dochter, Myléne fertelle dat hy him troch Klo foar syn dronkenskip behannelje lit. Spitich blykt Jip syn plan yn it wetter te fallen as blykt dat Klo fan kjellens syn stim kwyt rekke is. Hy sil foar in lange tiid gjin pasjinten behannelje kinne. Mar wer hat Jip in oplossing: hy sil, mei masker, Klo syn plak ynnimme en de pasjinten neffens Klo syn skriftlike oanwizingen fan harren problemen ôf helpe. Wilens is Neutje syn nije freondinne oankommen: Linda ten Havezate, de mem fan Klo. Dat lêste wit nimmen, útsein Klo, mar dy kin net prate. Linda sels makket ek nimmen wizer en negearret Klo hielendal. De oare moarn behannelet Jip neffens plan Klo syn earste pasjint: in man dy`t tinkt dat hy in hûn is. Jip docht dat mei sukses, mar op sa`n frjemde wize dat hy der gjin jild foar kriget. De oare saneamde pasjint is Neutje. Jip moat krekt dwaan as of hy Neutje echt behannelet, want Myléne is mei har heit meikommen. Trochdat Jip him ferpraat, ûntmaskeret Myléne him al gau. Sy wurdt poerlilk, en lêst Jip it mannewaar op, mar soarget der ek foar dat Klo wer prate kin. No blykt ek dat Linda Klo syn mem is. Sels wurdt Myléne nuet makke troch Yvonne dy op it lêst dochs wer de kant fan Jip kiest. Linda ferteld dat de brutsen Sineeske komkes goedkeape neimakke antyk wiene en Myléne keapet echte antike Sineeske komkes foar fiif en tweintichtûzen euro. Linda helpt Neutje fan syn drankproblemen ôf. Klo en Myléne reitsje fereale op elkoar en Jip en Yvonne foarmje wer in spantsje. Op it lêst kriget Jip syn lêste bel idee; hy lit it doek ticht gean.
Problemen……..As Jip yn syn holle in beltsje rinkeljen heart, hat hy foar elk probleem in hiel bysûndere oplossing. Utsein foar de wurge kaken fan it publyk yn`e seal.

Hyt ûnder de fuotten

Jo nimme in cruise skip , neame it de Fleurige Flipper en sette der twa fleurige helpen op sa as John en Dick. Derby sette jo alderlei frjemde gasten op it skip en jo ha in
hilarysk ferhaal. Wat as in earsterangs boer ( Bokke ) mei syn simpele soan ( Gaatse ) yn de kunde komme mei in wat apart frommes ( Tryn ) dy’t harren seit wer it op stiet , stiet by de mannen it hier rjochtop yn ‘e nekke. Mar as soks no komt fan lilkens as fan wat oars… wa sil it sizze? Wat soe der barre as der in jong steltsje mei harren beiden oan boat komme, teminsten dat tinke se. Sawol Gerjan, profesjoneel seurpiet, as syn freondinne Ankie krije ûnferwachts besite fan in famyljelid hokker se leaver net op dizze reis tsjinkaam wiene. Mar ek Mirjam, de eks fan , bringt in protte leven op de Fleurige Flipper. Om it spul hielendal klear te meitsje sette jo der ek noch in hiele nuver fûgel op , dy se de hiele reis fleanen sjocht. No dan krije jo in stik wat Suver Nuver is.

Firma list en bedroch

By de bruorren Willem en Tinus Klep stiet alles sa’n bytsje yn it teken fan auto’s. Sa hat Willem al jierren in wat tsjustere autosloperij en Tinus hâld him ek mei fan alles dwaande wat it deiljocht eins net ferdrage kin. No hat der wer in hanneltsje opsetten yn âlde auto’s, mar ja om âlde auto’s oan de man te bringen slagget fuort net . Dêrom hat der ien fan it útstjoerburo komme litten en wat foar ien. Dizze hat it buskrûd net útfûn, lit stean fan de auto. Op it mêd fan auto’s hoege jo de bruorren neat te learen mar froulju binne hiele oare apparaten. Nim no de beide buorfroulju, beiden de simpele kant it neist. Hoe hâlde jo sokken mei in bytsje fatsoen bûten de doar? Dit slagget sowieso net mei Fokje. Fokje is in fleurich jong famke mei it bekje op it goeie plak. Nee, dizze sette jo fuort net op ‘e rem. Om de gaos hielendal kompleet te meitsjen komt der ek noch sa’n eigenwiis Hollânsk frommes te útfanhúzjen. Hoe moatte de manlju harren mei sa’n ien no hâlde en drage? Sjoch as it no auto’s west wiene hiene se it wol witten. Auto’s binne in hiel oar ferhaal, dizze kinne jo altiten noch foar de sloop fuort dwaan, mar froulju…

Stimmen oan de oare kant

In bûtengewoan spannend spiritueel toanielstik foar ferieningen dy it publyk grizelje litte wolle. It spul begjint yn de achttjinde ieu, wêr inkelde ûngelokkige earme sielen ophongen wurde yn in gerjochtsgebou. Ieuwen letter, yn dizze tiid, is it gerjochtsgebou omboud ta wenhûs. Evalien Verhoeven, in nochtere frou dy`t oant betterjen is fan in skieding, komt mei har suster en dochter yn it hûs wenjen. In searje eangstige barren begjint. Der sweve geasten yn it iuwenâlde pân om en dy ha it op dochter Evie fersjoen. In serieuze thriller wêryn hja gebrûk meitsje kinne fan spannende effekten, dy`t maklik te realisearjen binne. In thriller dy`t sels de meast nochtere minsken ta it ein yn`e besnijing hâldt.

Ferhaal:
Dit spul befettet in apart en orizjineel ferhaal. De earste útkomst spilet him ôf yn de 18e ieu. Wy befine ús yn in rjochtseal. Fjouwer fertochten wurde dêr ta de dea feroardiele. Dit bedriuw is ien en al fertriet en ûnrjochtfeardich. Ek de spikerhurde rjochtspraak út dy tiden sil wiidweidich nei foaren komme. Alhoewol fiksje, leit dit net fier fan de wierheid. Rjochtspraak yn dy dagen wie net te fergelykjen mei wat wy no kenne. Wannear de fjouwer fertochten ophongen wurde, yn dizze selde romte, geane wy fierder mei it twadde bedriuw fan dit toanielstik. Yn it twadde bedriuw meitsje wy in tiidsferrin nei hjoed de dei. Wy befine ús yn itselde gebou. No gjin gerjochtsgebou mear, mar omboud ta in wenhûs. De bewenners ha gjin flau benul fan de ferskriklike tafrielen dy him hûnderten jierren lyn yn harren húskeamer ôfspile ha. It wurdt ús subtyl en stadich dúdlik dat der wat net yn`e heak is. Evie, de dochter, kriget regelmjittich besite op har sliepkeamer. Se praat mei de ferstoarne minsken dy yn har hûs terjochte steld binne. Evie wurdt net begrepen en har mem is bang dat se gek wurden is. Uteinlik skeakelt se dochs help fan in parapsycholooch yn. Oft hy yn steat is om te begripen wat de omdoarmjende geasten wolle, is noch mar de fraach. Wa begrypt de; Stimmen oan`e oare kant?
In spul dat it begryp “ spûkferhaal” in oare draaiïng jaan sil. Lykas earder beskreaun. Men is yn steat om mei dit spul it publyk grizelje te litten.

Sfear setting:
De sfear moat yn it earste bedriuw oars wêze, as yn it twadde en tredde bedriuw. It earste bedriuw is nammentlik it begjin, de kearn fan dit ferhaal. Wy witte no dat it wenhûs ienris in rjochtbank west is, wêr de ferskriklike foltere en eksekúsjes plak fûnen. Wichtich: Yn it earste bedriuw is de romte in rjochtseal, en letter wurdt dit in wenhûs yn it twadde bedriuw. Hja meie sjen dat de keamer troch de rin der iuwen feroare is. Echter moatte der wol kearnpunten bliuwe, dy yn de 18e ieu en op dit stuit noch altyd itselde binne. Bygelyks in nis yn de muorre of in sierlist dy`t der altyd al hongen hat. Dat is nammentlik de magy fan dit toanielstik: Wat barde der doe en wat bart der no, yn dizze selde romte. It publyk is ommers de iennichste dy ’t tsjûge west is fan de ferskrikkingen dy plak fûnen yn de 18e ieu. De spilers dy it gesin Verhoeven spylje witte net dat harren húskeamer iuwen lyn in rjochtseal wie. Dit makket de situaasje spannend en bizar

Op bêd? Mei sa’n portret?

Liesbeth van Tilburg, in skieden jonge frou besiket mei wikseljend sukses in Bêd en Brochje oan see te behearen. Paul, har eardere peetomke, stipet har út en troch dêrby. Op in dei komt hy mei in apart ferhaal, dat mei ien klap in ein meitsje kinne soe oan har finansjele problemen. As hja troud mei – de foar har folsleine frjemde – Freek Wagemakers, sille sy en hy erfgenamt wurde fan in hiele protte jild.
Liesbeth is nettsjinsteande dochs wol hiel nijsgjirrich nei de ûnbekende houlikskandidaat…..Wannear hy as gast nei har B en B komt, kriget se de kâns him kennen te learen. Om sels dêrby op de eftergrûn te bliuwen, betinkt se in nuodlike list.
Dêrneist hat se noch te krijen mei in aardige, mar trochloaie ynwenjende neef, en in net te snoade helpke, frjemde buorren en op in stuit ek mei de twa ferskate susters fan de mooglike brêgeman.
Hoe giet se dêr mei om?

It Crusoë kwartet

Earne healwei de reis, fergiet midden op de Stille Oseaan “De Simmerstream”, it meast lúksueuze cruiseskip fan de wrâld. De oare moarns betiid spiele fjouwer misken oan op in lyts ûnbewenne eilantsje. Sa’t it liket binne sy de iennichste oerlibjenden fan de ramp.

De fraach is no:sille sy ek it ferbliuw op it eilân oerlibje?

Sin, snoad en swierte

Alex is op jild út en hy hat foar syn baas Frank in kompjûterprogramma ûntwikkele. Omdat dizze ûnsympatike fint de opbringsten hjirfan foar himsels hâlde wol, besiket hy syn freondinne Rian foar syn karke te spannen. Mar omdat Rian de dochter is fan baas Frank, jout dat grutte problemen. Dêrom betinkt Alex in pear listen om syn doel te berikken. Lestich foar him is dat de keunstskilder Ivo, dy’t in portret makket fan Rian, smoar fereale wurdt op syn model. Komme noch by; Floor, de keapsike frou fan de hast fallite Frank, de ûnbetroubere help, de ynklauwerige Loes mei har geheim en Thea, dy simpele mar o sa tûke help yn de húshâlding fan Frank en Floor en it resept is klear om elkoar it libben behoarlik lestich te meitsjen. Fansels komt nei alle healwize ferwikkelingen alles op syn poatsjes telâne.

Blau bloed

Beppie en Karel in âlder, suterich, pear. Sa as altyd om ‘e wike op sneintemoarn, komme harren dochter Bianca en de pake- en beppesizzers Judith en Erik op ‘e kofje. Dizze kear kriget de besite wol in tige ferrassende draai as der ûnferwachts ek noch oare gasten op ‘e stoepe stean.
Beppe Beppie blykt de lêste telch te wêzen fan de keninklike famylje van Klompenstein, in lyts keninkryk yn it Dúts-Eastenryks grinsgebiet. Beppie en de oaren meitsje kâns om diel út te meitsjen fan it keninklik hûs.
Dêrfoar moatte se earst in soarte fan eksamen ôflizze en allinnich as dit suksesfol is kinne se echt oanspraak meitsje op harren keninklike titel.
De folgjende 2 wiken wurdt der ûnder lieding fan dhr. Von Schlippenbach, dhr. Von Nebelhausen en mefr. Hompasch zu Buttershein dan ek flink studearre om alle kunde en feardichheden ûnder de knibbel te krijen. Dit gie lykwols net sûnder problemen. Slagje Beppie en har famylje deryn om it eksamen te heljen? Of rêde se it net en is it fuortbestean fan keninkryk Klompenstein yn gefaar?

Komt ferstân mei de jierren?

Ruurd Baron is in man mei jild. Hy mei graach foar de telefyzje sitte mei in goed glês wyn en in goeie sigaar. Syn, húshâldster en dochter wenje by him. Hy lit syn húshâldster foar him drave, wêr`t sy fansels net bliid om is, want it wurk wêr`t sy foar oannommen is bliuwt dan lizzen. Hja sitte dan ek faak te hottefyljen. Ulke, is in âlde boantsjelap dy`t ferskate lytse putsjes yn en om it hûs docht. Hy slofket. Omdat hy soms wat yn`e war is, docht hy de dingen faak dûbeld. Ruurd syn suster, Meintsje, is op syn jild út en tinkt dat Berber en har dochter dêr ek op út binne, wol se dêr in stokje foar stekke. Dêrom wol se Berber derút wurkje, sûnder dat Ruurd dat yn`e gaten kriget. Jochem, de man fan Meintsje is in suertsje, hy hat thús neat te sizzen. Mei graach in slokje en in sigaar, mar dat mei net fan Meintsje. Aaf de dochter fan Meintsje, wurket yn in winkel. Se sjocht derút as in frou mei skiere knibbels. Har freon Gerrit is in krimineel en hâldt, krekt as in ekster, fan alles wat glimt, sels de toto fan Ruurd is net feilich. Akke de freondinne fan Meintsje moat besykje Ruurd om te krijen sadat hy it personiel fuort docht. Mar soe dat slachje…….?

De roaze pyama

It begûn mei in pyama. Roas fan kleur en hiel ienfâldich. Neat om jin drok om te meitsjen. Dochs? Joost Bramzaaier tinkt dêr oars oer. Fan ôf it momint dat hy de pyama ûnder eagen krige, begûn de ellinde. Syn skoanmem – in ôfgryslike draak fan in frou – beskuldiget him fan troubrek. En dat koe der noch krekt by komt Joost yn de macht fan twa gemiene sjanteurs. Wa kin him helpe? De plysje? De direkteur fan in kleanwinkel? Marjan, de tûke wurkster? Of faaks in priveedetective? Ien ding is wis: de roaze pyama soarget foar sliepeleaze nachten.

Streek troch de rekken

Paul en suster Lynn hawwe fan harren âlders hotel Aaftink erve. Paul beheart it hotel en Lynn wurket by de plysje. Broer en suster hawwe hieltyd bargebiten. Lynn wol dat it hotel ferkocht wurdt want se wol jild om libje te kinnen. Oars te libjen kinnen. En grif omdat se, mei har freondinne Anne, by de plysje op`e dyk setten binne. Der melde trije frjemde gasten yn it hotel……In mynhear Vrolijk dy nei sizzen de sykte Multiple Personality Syndrome ( MPS) ûnder de lea hat. De iene kear is hy in homofile cowboy, dan wer in bokser, en úteinlik in dokter. Mar yn werklikheid is ús hear Vrolijk in privee detective mei in opjefte. Ek komt der de wat frjemde Waltraut fan Wemelding-Hoogstade mei har tuttige dochter Venus yn it hotel útfanhúzjen. Se dogge harren foar as oft se út in hiele rike famylje komme. Mar se hawwe in hiel oare foarskiednis. Se hawwe al meardere, âldere manlju fan harren miljoenen berôve. Waltraut wol Venus oan Paul keppelje, omdat se te witten kommen is dat hy fiif miljoen ervje sil. Foar’t se spoarleas ferdwine wol, wol se as lêste putsje noch efkes fiif miljoen ynkassearje. Venus is net de dochter fan Waltraut. Mar omdat sy wat fan har wit wurdt se twongen har as har dochter te begelieden om sadwaande it fertrouwen te winnen fan dy âlde rike manlju. Venus wol by Waltraut wei, mar wit net wêr dy it jild ferstoppe hat. En se wol dochs wol har oandiel Of oars sein, se wol alles. As Lynn en Anne dêr efterkomme wolle se ek in oandiel yn de bút. Der folget in yngewikkeld spul om de knikkers. Úteinlik pike der twa mei de miljoenen fan Waltraut út.

Hûnehotel ‘De byljende hûn’

Regina is it sêd om thús te sitten. Se hat betocht om in eigen saak te begjinnen. En dan ek noch eat mei bisten. Se begjint dêrom in hûnehotel. Dat se net goed beseft wat dat allegear ynhâldt blykt wol út it feit dat se ferjit dat har man allergysk is foar hûnen. Boppedat komme der besikers fan alderlei minsken oer de flier. Wat te tinken fan in frou dy mar gjin ôfskied nimme kin fan har leafste of fan dy geheimsinnige frou dy`t in soad belangstelling hat foar it hûnehotel mar faaks noch wol mear fan de man fan Regina. As wie it noch net moai genôch komt ek noch ris de mem fan Regina útfanhúzjen omdat it fersoargingstehûs ferboud wurdt. En dan rint der ek noch in handich boantsjelap om. Allinnich spitich dat hy sa nijsgjirrich is. Koartsein alderlei tûkelteammen yn it nij hûnehotel.

Skiteldeftich en rosmos

Troch in ûngelokkich tafal kriget de asosjale famylje Stomp nije buorren. De elitêre famylje de Prael fan Goudenjagt komt neist harren wenjen. Dizze deftige minsken sykje in tydlik ûnderkommen wylst harren nije filla boud wurdt. Hja hiene gjin minder adres treffe kinnen. De spanningen tusken de famyljes rinne heech op. Se helje elkoar it bloed ûnder neilen wei. Der ûntsteane fûle konflikten. En wannear der in net winske leafde opbloeit, is it kermis yn`e hel……

Take 5

Yn it lytse Ingelske stedsje Framlingham, Sufflok, beheare de hear John en de hear George in bank: The Caitlin & Ratcliff Bank. De hearen steane bekend as bûtengewoan ryk en aristokratysk. Hja binne neven fan inoar en fan de âlde stimpel, dus echte hearen mei bolhoed. It is wykein en der komt besite. Net allinnich harren ferloofden, mar ek harren bemuoisuchtige memmen en muoikes mei tsjinstelde belangen binne fan de partij. It is dus stressen foar de hearen. Fierder is dan ek noch de ferneamde krimineel Mad Jack ûntsnapt. Hy komt graach by de minsken thús.

Opskuor yn it meditaasjesintrum

Julia beheart it meditaasjesintrum Rusty, bystien troch har stazjêre Haijo. Op in dei komme der ferskate gasten. Wat te sizzen fan it folkse pearke Bart en Roxanne? Hja komme wol hiel ûnferwachts en binne tige erchtinkend nei elkenien. En wat fiert de skiteldeftige mefrou Heleen de Rooij út? Hja hat wol in hiel soad belangstelling foar it sintrum. Mar it wurdt pas echt stressen foar de gasten as der in plysjeynspekteur opdûkt dy`t foar har wurk wat freegje moat. Allegear fragen wêr jimme op it ein fan dit blier spul andert op krije.