Mem

It draait yn Mem allegeare om Anna Fierling. Dizze mem reizget as merketintster achter de legers oan. De oarloch is harren breahear. Troch de hannel kin se har trije bern yn libben hâlde. mar dyselde oarloch nimt har bern ek by har wei. In koart gegeven mei in soad ynhâld: in frou dy’t wurket foar har bern, ta skea foar har bern.

Karel ende Elegast

Sjoch foar in beskriuwing:
SCHOTANUS, Jan, ‘Karel ende Elegast’.

Famylje

Henk Jan hat him ferloofd mei Anika. Dat dielt hy mei oan syn famylje. De famylje wurdt der kjel fan, want it famke hat net sa’n goeie ynfloed op Henk Jan. De famylje besiket him der fan te oertsjûgjen dat hy brekke moat mei Anika. De famylje sjocht dat Anika him der fan wjerhâldt dy dingen te dwaan dy’t er echt wol, lykas piloat wurde. In stik oer doare te kiezen foar wat je echt wolle.

Memmesiel

Diana is sjoernalist. It hat har altyd yntrigearre: froulju achter de traaljes. Hoe binne se oer de line fan dat wat net kin en mei hinne stapt, en hoe tin is dat lyntsje? Diana beslút har frijwillich yn in frouljus-sellenblok opslute te litten. Har doel is om mei de froulju yn kontakt te kommen, harren ferhaal te hearren en in boek te skriuwen. Dit stuitet foaral by de “snoeihurde” Corine op wjerstân. De oare twa, de kreaze Annet en de eksferslaafde Betty wolle lykwols har ferhaal wol dwaan. In ferhaal oer skuld en boete, oer skamte, mei hurde konfrontaasjes mar ek mei wrange humor.

Foarby it Boarkumer fjoer

It fiskersdrama yn Peazens Moddergat

Stoarm yn ‘e lijte

Dit is in revu foar GWS giet dus oer de wettersport. Goed oan te passen foar oare wettersportferienings en sels ek wol oare sportferienings as fuotbal, reedriden kuorbal ensfh. ( Sjoch ek myn oare revu`s.). Men soe der ek in iepenloftspul fan meitsje kinne.

De goudfisk

In man fan 85 jier kin syn âlde leafde net ferjitte en sjocht werom op syn jonge jierren yn in doarp wêr’t alles feroare.

De ferbouwing

Ylka en Thomas, litte harren hûs ferbouwe yn de hope harren houliksproblemen fuort te timmerjen. Der moat in muorre komme om inoar net sa op ‘e nekke te sitten. In muorre om kommunisearje bliuwe te kinnen. Twa ferbouwers fiere de opdracht út. Al moannen binne se der drok mei om’t de plannen hieltyd op ‘e nij wizige wurde. Oant hoe fier moat de muorre rinne? Mei Ylka Thomas sjen kinne as se fan de trep ôf komt? Wa beslút wêr ’t it doarke fan de meterkast komme moat? Der komme hieltyd mear barsten yn de gearwurking tusken de opdrachtjouwers en de útfierders. En tusken de baas Ben en syn help Mike, mar foaral tusken de yn in midlifekrisis sittende Ylka en Thomas. Echt fout giet it pas as Thomas it krekt skuorre doarke werom ha wol op it oarspronklik ôfpraten plak. De ferbouwing groeit út ta in metafoar foar al it fergeze knutseljen oan in net wurkjend houlik.

Sywart de soap

Sywart, in kreaze opteine jongkeardel dy’t yn in lyts Frysk terpdoarpke wennet. Sa op it earste gesicht neat bysûnders, sa op it earste gesicht in bytsje sleau sels. It doarpke, ek sa kreas as in krúsbei; in goed ûnderhâlden tsjerkje en kreaze ynwenners yn goed fersoarge wenningen. Sa op it earste gesicht…
Mar it sit oars! Want alles is mar dekor yn in soap dy’t alle dagen miljoenen minsken foar it byldskerm hâldt. En alle kreaze ynwenners binne akteurs dy’t alle dagen wer harren rol spylje. En dan is der wat bysûnders oan ‘e hân; ien persoan is gjin akteur, Sywart. Dizze haadrolspiler wit net better as dat de soap mei alles der omhinne it wiere libben is, hy wennet fan syn berte ôf yn it dekor.
Sywart is lykwols net oars as generaasjes minsken foar him; hy is nijsgjirrich nei it lân achter de hoarizon, hy wurdt ûnrêstich fan de deistige rûtine en krekt as de minske hûndert tûzenden jierren lyn út Afrika teach om de wrâld te ferkennen, sa wol ek Sywart út it lytse doarpke wei, de wiide wrâld yn.
Mar in súksesfolle soap sûnder de tige populêre haadpersoan, dat kostet sjoggers, sponsors, ynkommen, prestiizje. Op it lêst sil de soap ophâlde moatte en dat mei net gebeure. Hjir wurdt it deilis tusken produsint en haadrolspiler. En it is folslein net te foarsizzen hoe’t dit ôfrinne sil.
Foar it earst is der yn Fryslân in Fryske real-live soap ek live te folgjen. By de opnames fan in oantal ôfleveringen fan dizze súksesfolle produksje wurdt der publyk talitten. It is dus mogelijk om as taskôger in ôflevering van dizze bysûndere soap by te wenjen! Fia dizze site, fia de Fryske media en fia de sosjale media wurde jo op ‘e hichte hâlden.

Fred

Mary hat krekt har man begroeven. Se wennen tegearre by Paula yn. De trije-ienheid, wer’t elk syn neuroazes beskerme liken is no fersteurd en de gleone Mary wol neat leaver as wer in man yn ‘e hûs. Dat wurdt de sleauwige Arthur, dy’t him ûntwikkeld as in gefaarlike gek mei in memmekompleks. Hy fersterket de ferwidering tusken de sjagrijnige Mary en de trage Paula.

Heksesabbat

Fjouwer froulju binne om en by de fyftich, fit en modern. Se probearje twa kear yn ’t jier in kear byinoar te kommen, mar de perioade wurdt gauris wat langer. Dizze kear wie de beurt fan Marchje.
Johannes, Marchje har man, is yn earsten stoarsinder en lûkt him fan regels, fan gastfrijens neat oan. Hy is oan ien side ferlamme troch in attaque en dat hat syn karakter, dat dochs al erchtinkend en de noartske kant neist wie, noch fierder negatyf beynfloede.
De froulju hawwe it drok mei harsels, fine Johannes in klier, hawwe in protte wille, binne in bytsje tè oerstjoer miskien, te lakerich, te obsternaat, tè fan fan alles. Geane ek oerein om wat te besjen as dat yn har opkomt, se ha út en troch ris in opstiging, se fiele har thús by har freondinne.

De trije wierheden

It stik spilet him ôf yn’t lêst fan de twadde wrâldoarloch. Wy sjogge hoe’t in joadsk gesin, in Frysk gesin dy’t it joadske gesin ûnderdak jout en in groepke Dútske soldaten elts fanút hun eigen perspektyf dizze oarloch belibbet. Bliken docht dat elts syn eigen wierheid hat troch alles wat hja meimeitsje. De trije wierheden is in oangripend ferhaal wêryn sichtber wurd hokfoar djippe wûnen de oarloch slein hat by dyjingen dy’t it neifertelle kinne.

Hotel Atlantico

In moaie jûn oan de Portugese kust. Fjouwer freonen komme alle jieren by inoar yn Hotel Atlantico om harren freonskip, harren sukses te fieren. Mar dit jier is alles oars. In ûnbetroubere wurkster, in ridderoarder, in ôfwizing, jaloerskens en de dea goaie roet yn it iten. It oars sa ûnbesoarge laitsjen kriget in bange echo, de wyn in wanhopige ôfdronk. Hoefolle stoarm kin in freonskip ferdrage?

Cesilia Tan

De haadpersoan is Cesilia. De geheimen en de dramatyk yn har libben sette de toan.
Trije manlju spylje yn dat libben in wichtige rol:
Johan, de partner fan har mem. Fan bern oan ôf hat er mei jild en fluenske wurden har hieltyd mear fan him ôfhinklik makke sadat sy stadichoan oan syn seksuele ferlet temjitte kaam. Se koe krije wat se ha woe, mar erkende te let dat se dêrby harsels ferlear.
Eduard, de kapelaan. Se fielt har by him fertroud, omdat er besiket syn eigen belangen gjin rol spylje te litten. Se fertelt him har ferhaal.
Walle, ûntkommen gefangene dy’t by har ûnderdak easket. Hy sjocht har krampachtigens en slagget der yn om har te ûntteien. Omdat er fan fijân har leaver wurdt helpt er har om har situaasje ûnder eagen te sjen.
Tsjin de achtergrûn spilet de lytse stêd. De lytse mienskip dy’t har ynweve lit yn ferhalen en fantasieën oer de oantreklike, en dus bedriigjende, mar ek riedselachtige jonge frou dy’t har yn de stêd te wenjen setten hat.

Skippersbitter

Skipperbitter fertelt it ferhaal fan Hylke en Sjoerd. Twa mannen út it skipperslaach dy’t elkoar moetsje by in wedstriid fan it Skutsjesilen op ‘e Lemmer. Twa generaasjes dy’t elk mei harren eigen fisy op it silen en de skipfeart yn it libben stean. Mei ferhalen en bylden fan sawol it ferline as no groeie de beide mannen hieltiid mear nei elkoar ta. Mar is de moeting tusken Hylke en Sjoerd wol sa tafallich as it liket?

Dochsto it ljocht út

Ald wurde wol elkenien, âld wêze net.
Trije freondinnen besykje mei harren partners om de keunst fan it âlder wurden ûnder de knibbel te krijen. Mar wat in mins ek fan doel is it libben docht wat der wol. En wat je al lang net mear foar mooglik holden, slagget soms ek noch wol. Yn seis scenes sjocht it publyk in pear fan de aaklike mominten dy’t it libben yn petto hat, mar ek de hilaryske, nuvere, idioate, absurde en leafdefolle mominten.

Truth or Dare

Trije froulju, se binne rûn de fjirtich en sitte op in punt wêr’t alles feroaret. It liket der op dat se in suksesfol libben ha, fol mei karriêre, bern en it leauwen yn it eigen kinnen. Dochs komme se yn in midlifekrisis telâne. Hoe kin dat no?
It tik giet oer relaasjes, ferantwurdlik wêze, it hawwen fan ferwachtingen, oer reedlik gelokkich wêze, mar toch langstme nei mear. De tekst is humoristysk, fol myld synisme.
Livemuzyk sil de sfeer fan it stik fersterkje.

Freya

Freya is in frije bewurking fan it Grykske treurspul Antigone fan Sophocles. Utgongspunten binne de universele temas dêr’t Antigone op besearre is. Krekt dêrom sille der oerienkomsten mei de hjoeddeiske maatskiplike en politike situaasje.
It kin oeral en altyd gebeure: de moed fan de ienling om him te fersetten tsjin de macht as dy macht, om it behâld dêrfan, syn humane gesicht driget te ferliezen of b.g. de famyljebelangen skeint.

It stik spilet yn in ryk dêr’t de Hastings oan it bewâld binne. Troch it ferstjerren fan de âlde kening Quinten nimt in regint, Vosmar, it behear oer oant ien fan de twa soannen fan de stoarne kening, de twaling Focko en Farid, âld genôch is om it fan Vosmar oer te nimmen. Net allinnich gunt de iene broer de oare de troan net, ek is Vosmar wyls oan de macht ferslingere rekke en net fan doel dêr samar ôfstân fan te nimmen. De ûnderlinge striid tusken de broers gebrûkt er as argumint om oan te bliuwen.
Focko giet iepenlik de striid oan met Vosmar, Farid kiest foar in opportunistyske opstelling yn de omjouwing fan de macht.

De reedlikheid en iepenheid dêr’t Freya har troch liede lit, komme ûnder druk te stean as se tinkt dat lânsbelang en famyljesaken dat fan har easkje.
Freya hat mei elk fan de spilers problematyske relaasjes en hâldt alle triedden stevich fêst. Hoewol se yn it earstoan Vosmar syn rol as regint akseptearje koe, wie dat oer, doe’t ien fan har broers it fan him oernimme koe en hy wegere.
Se ferwyt him syn manier fan regearjen, it krampachtich fêsthâlden oan regels en wetten , fersterke troch in tekoart oan ferbyldingskrêft dat yn de praktyk ta ferstjurring leidt. Ek lytsachtet se him om syn fersyk syn soan, Arèn, har minnaar, tsjin har op te setten. Se gunt Focko de troan, mar is it net iens mei syn tarieding op in gewelddiedige striid. Farid en har suster Anaïs binne troch it oanskeuken tsjin de macht yn har eagen ferrieders. Al dizze gegevens en de gefolgen dêrfan foar de libbens fan alle meispilers is de reade trie troch it ferhaal.
It hiele ferhaal wurdt tekenen troch yntriges en gearspanning, mar ek troch de ynset foar wat as needsaaklik en rjochtfeardich sjoen wurdt. Der sille úteinlik gjin winners wêze. Freya sil wollens en wittens har frijheid opofferje.

Wer

It stik WER giet oer trije froulju dy’t trije kertier werom op ierde komme. Se hawwe de opdracht om ien ding, dat harren op ierde hiel dierber wie, op te heljen. Yn earste ynstânsje liket dizze moeting de muoite wurdich te wezen, mar is dat wol sa? Meitsje se gebrûk fan de tiid dy’t se krije en fine se wat se hawwe wolle, of ferdogge se him op de ierdske wize fan by elkoar wezen.