De Fekke yn ‘e Fûke (bewurking)

Katarina Molina fan Padua wurdt stapelsljocht fan alle opleine patroanen en holle sjabloanen om har hinne. Se wurdt der ferskriklik opsternaat fan. Se stiet dan ek rûnom bekend as haaibaai, fekke. Ek de jongkeardel Petrucio fan Verona wol him net skikke nei de ferwachtingen dy’t oaren fan him hawwe. Hy sjocht yn Katarina in frou dêr’t er miskien in ‘lykweardige relaasje’ mei opbouwe kin, as twa frije folwoeksen minsken dy’t har net bekroadzje om regels en klisjees. Dêr set Petrucio him folslein foar yn; hy brûkt dêrta wol hiel ûnortodokse middels. Katarina komt der dan ek mar hiel stadich achter wat syn werklike driuwfearren binne. De minsken om har hinne begripe der absolut neat fan en wolle it ek net begripe, fêstruske as se binne yn har eigen wetmjittichheden.

De fekke yn’e fûke

Katarina Molina fan Padua wurdt stapelsljocht fan alle opleine patroanen en holle sjabloanen om har hinne. Se wurdt der ferskriklik opsternaat fan. Se stiet dan ek rûnom bekend as haaibaai, fekke.
Ek de jongkeardel Petrucio fan Verona wol him net skikke nei de ferwachtingen dy’t oaren fan him hawwe. Hy sjocht yn Katarina in frou dêr’t er miskien in ‘lykweardige relaasje’ mei opbouwe kin, as twa frije folwoeksen minsken dy’t har net bekroadzje om regels en klisjees. Dêr set Petrucio him folslein foar yn; hy brûkt dêrta wol hiel ûnortodokse middels. Katarina komt der dan ek mar hiel stadich achter wat syn werklike driuwfearren binne. De minsken om har hinne begripe der absolut neat fan en wolle it ek net begripe, fêstruske as se binne yn har eigen wetmjittichheden.

De Tolfte Nacht of Wat jo wolle

Hartoch Orsino hat it knap te pakken. Hy is fereale op de rike en moaie Olivia dy’t neat fan him witte wol. Sy seit dat sy sân jier lang de neitins oan har ferstoarne heit libben hâlde wol, mar eins hâldt se gewoan net fan Orsino. Cesario, de nije feint fan Cesario mei Olivia de leafdesboadskippen fan de hartoch oerbringe. Olivia is gek op Cesario. Cesario hat ien probleem: hy hjit eins Viola, in ferklaaide jonkfrou en sels tige fereale op Orsino. De poppen binne hielendal oan it dûnsjen as Viola’s broer, Sebastiaan, yn deselde stêd oankomt. De as man ferklaaide Viola en har twillingbroer lykje as twa drippen wetter op inoar en it iene misbegryp folget op it oare.