Hamlet
Nei it hommels ferstjerren fan syn heit is Hamlet, prins fan Denemarken, werom kaam nei it hof. Like hommels is no ek syn mem hertrouwd en wol mei in omke fan Hamlet. Dit noarsket him hielendal net. Troch de geastferskining fan syn heit, begrypt Hamlet dat syn heit fermoarde is troch syn broer, Hamlets omke Claudius. Hamlet krijt opdracht om syn dea te wreken, mar mei lykwols neat ûndernimme tsjin syn mem.
Hamlet is ûnwis en betrout no net ien frou mear. Op rûge wize makket er de ferkearing út mei Ophelia, de dochter fan earste minister Polonius. Dy hat de taak om út te sykjen wêrom’t Hamlet sa mankelyk is en wat er krekt wit oer it ferstjerren fan syn heit. Hamlet krijt dat troch en stekt Polonius de gek oan.
Troch in toanielstik fan in ploech reizigjende spilers te feroarjen besiket er wissichheit te krijen oer de rol fan syn omke by de dea fan syn heit. Mar as er dy ien kear hat, duort er him dochs net te deadzjen. It is yn it foarste plak de miening fan syn mem dy’t him tsjinhâldt. Hamlet krijt wurden mei syn mem. Hy deadet Polonius as er fernimt dat sy ôflústere wurde. Claudius fynt dat er no mar fuort moat nei Ingelân. Hy jout syn feinten opdracht Hamlet ûnderweis te fermoardzjen. Mar Hamlet fermoardet de feinten en komt werom. By it grêf fan de dwylsinnich ferstoarne Ophelia krijt Hamlet spul mei har broer. Claudius sjocht no in kâns om troch in duel tusken Hamlet en dizze broer mei him ôf te weven. Om wis te wêzen wurdt de punt fan de degen yn in drankje fergiftige. It rint oars. Hamlet wurdt lykwols deadlik rekke, mar de degens wurde ferwiksele en de mem drinkt by fersin it fergif. No pas doart Hamlet it oan en fermoardet de moardner fan syn heit.