De Krintekakker

Jild stiet foar macht. Dat is fan alle tiden. We wolle ryk en suksesfol wêze. We wolle de nijste telefoan dy’t alles kin, de hippe merkbroek, moaie bûntkraach. We wolle op stap, út iten en in laptop, leafst in Apple.
De frek Harpagon is deun en materialistysk. De iennichste leafde dy’t hy fielt is syn leafde foar jild. Leafde foar minsklik kontakt kin hy net. Yn de Krintekakker sjogge we Harpagon ryk en suksesfol mar hy einiget yn iensumens. De Krintekakker is in klassike karakterkomeedzje yn in modern jaske. Learsum en fermaaklik.

Amphitryon (of: Godlik Fertier)

Mercurius, de godlike boadskipper fan Jupiter, freget oan Nacht om noch wat langer te bliuwen sadat oppergod Jupiter syn gong gean kin.
Jupiter hat nammentlik in eachje falle litten op Alkmene, de frou fan de Thebaanske generaal Amphitryon. Yn it stal fan Amphitryon is hy op Alkmene tastapt en hat mei har de nacht trochbracht. Foar har wie dat de earste houliksnacht, om’t Amphitryon krekt foar dy tiid nei it slachtfjild moast. Mercurius hat op de selde wize Sosias, de feint fan Amphitryon, bedragen mei syn frou Cleanthis, it tsjinstfamke fan mefrou.
As Sosias foar syn hear midden yn’e nacht thús komt fynt er Mercurius as syn evenbyld op syn paad. De ferbjustere en (tige komyske) Sosias lit him syn identiteit hiel wat makliker ôfpakke as syn master: dy kin en wol net leauwe yn it ferhaal fan syn frou en fielt him troch har bedragen. Alkmene besiket te bewizen dat se him wol trou wie, mar Jupiter, op’e ny yn it stal fan Amphitryon, stjoert dat yn’e war en no is it Amphitryon sels, èn Sosias, dy’t foar de oaren (ek foar inoar) as de bedragers oer kommen.
Oan it ein iepenbearret Jupiter him dochs noch as de ‘wiere’ bedrager.
PS Spile troch Tryater yn 1991-1992.

De nepert

Yn it hûs fan de nepige Harpagon binne de bern net gelokkich. Dochter Elise hat in freontsje, dy’t fan goede komôf is, mar sûnder jild, om’t hy syn famylje ferlern hat. As húsfeint hopet dizze Valère by de heit yn ’t geflaai te kommen, sadat dy faaks dochs noch ris tastimt yn in houlik. Mei Cléante, de soan fan Harpagon, is net net folle better.
Ek hy is fereale wurden en wol op in famke dat ek fan ‘e regel rekke is. It komt ta in heftige konfrontaasje as Cléante jild liene wol om har leafste te helpen. De anonime jildsjitter, dy’t him tsjin in woekerrinte en absurdyske easken, jild liene wol, blykt nimmen oars te wêzen as syn heit. De saak wurdt noch slimmer as blykt dat de âlde nepert ek noch trouwe wol mei in jong famke dat nimmen oars blykt te wêzen as de leafste fam Cléante. Dat houlik hat hy regelje litten troch in keppelster, dy’t de ferearme oantrunet om it oanbod oan te nimmen. Ek de dochter wol de heit úthoulikje oan in âldere man, dy’t gjin breidsskat freget en foar him dus in foardielige partij is. By in – tige sunich! – iterijke, dêr’t Harpagon de ferloving fan him en syn dochter bekend meitsje wol, nimt Cléante wraak. Hy sprekt, saneamd
neffens syn heit, syn leafde út foar Marianne en ûntfytmannet in kostbere ring fan syn heit dy’t hy nammers him oan har kado jout.
De saak komt ta in útbarsting, as de jildkiste fan Harpagon stellen is. Hielendal bûten himsels ropt hy de plysje en fertinkt eltsenien. Uteinlik komt Cléante mei it kistke op ‘e lappen. Syn heit kin it weromkrije as hy ôfstân docht fan Marianne en Elise trouwe lit mei
Valère. It ‘happy end’ wurdt noch oerdondere as blykt dat de man oan wa’t Harpagon syn dochter úthoulikje woe de heit fan Valère én fan Marianne is. Allinne mei syn dierbere jild bliuwt Harpagon efter.
KOMMINTAAR:
It plot fan De Nepert is basearre op in komeedzje fan de romeinske skriuwer Plautus (1ste ieu foar Kristus). It is in prachtige klucht mei in soad misferstannen, prachtige karikatueren en dolkomyske situaasjes. Wat Molière der foaral oan tafoege hat is it feit dat ek de nepert sels op frijersfuotten wol. Neist it bespotlik meitsjen fan de deunens is it wichtichste tema fan ‘De nepert’ it rjocht fan jonge minsken om te trouwen mei immen fan harren eigen kar. It konflikt spitst him lykwols ta op de konfrontaasje tusken heit en soan dy’t beide deselde beminden wolle. Dêrmei giet it stik ek in bytsje oer it rjocht op leafde fan âlde minsken. Harpagon kin dy langstme nea ferwêzenlikje om’t hy net oars kin as alles dat wearde hat yn jild út te drukken. Mar ek de jongelju sels reitsje oantaast troch de deunens fan de heit. Valère ferleagenet syn freondinne om syn flaaikjen folhâlde te kinnen en Cléante lit har ferliede ta in regelrjochte fernedering fan syn heit. As Harpagon úteinlik allinne efter bliuwt mei syn jild, priuwe wy (mear faaks noch as Molières tiidgenoaten) ek in tragyske kant oan dizze klucht – nettsjinsteande, of miskien wol krekt troch it oerdiedige ‘happy end’.
Mei oare wurden, in klucht fan nivo.
NB Dit stik is yn ‘e sechstiger jieren troch Geart Jonkman oerset. Letter is dy oersetting op ‘e nij besjoen troch Romke Toering. Yn 1991 hat Wiesje Jansma it nochris ferfrysket.

HB