De streken fan Skarlún
As er werkomt fan in lange reis, komt keapman Argante der achter dat syn soan Octave yn de tiid dat syn heit der net wie, stikem troud is. Argante wol dit houlik daliks ûntbine litte, omdat hy ôfpraat hie dat syn soantrouwe soe mei de dochter fan syn freon Geronte. Geronte hat ek in soan, Leandre, dy ’t ta syn heite fertriet hopeleas fereale is op in sigeunerfamke. Dit leafdeslok komt yn gefaar, omdat it famke, Zerbinette, troch de sigeuners meinommen wurde sil, as Leandre net gau mei jild op ’t kleed komt.
De soannen roppe de help yn fan de tûke feint Skarlún. Dy slagget it, nei alderhanne yntriges, om oan de deune heiten it jild te ûntfytmanjen dat de soannen sa bitter noadich hawwe.
Yn it tredde bedriuw nimt Skarlún op hurdhandige wize wraak op Geronte, dy ’t him by syn jonge master yn diskredyt brocht hat. As de beide heiten der achter komme dat se troch Skarlún bedroegen binne, swarre se dat se mei Skarlún en syn streken ôfweve sille.
By tafal wurdt dan ûntdutsen dat de twa earme froulju, om wa’t it allegear begûn is, yn feite de dochters binne fan Argante en Geronte. De heiten respektearje de kar fan de soannen en alles kin sa útrinne op in “happy end”, sa as wênst yn elke goede komeedzje.