John Gabriel Borkman

Bankdirekteur Borkman, dreaun troch jildsoargen en heechmoed, begie earder in finansjeel misdriuw en moast hjir 8 jier foar sitte. Soan Erhart wurdt grutbrocht troch de twillingsuster fan de frou fan Borkman, Ella. Omdat sy jild hat kin sy der foar soargje dat de famylje yn it hûs wenjen bliuwe kin. As Borkman wer thús is wennet er 8 jier op de boppeferdjipping en komt de doar net út.
Hy tinkt noch altyd dat er syn slach slaan sil. Hy hat syn les dus noch net leard en offeret úteinlik syn hiele famylje op foar jild en macht.
Yn de foarm fan in famyljedrama levert Ibsen hjir ek skerpe sosjale krityk.

De mieu

It stik spilet him ôf op de bûtenpleats fan Pjotr Nikolajewitsj. Syn Suster Arkadiena, in bekend aktrise, bringt dêr de fakânsje troch. Se wurdt beselskippe fan har freon en oanbidder Trigorien, in ferneamd skriuwer, en har soan Kostja, ek al in skriuwer, mar dan ien oan it begjin fan syn karriêre. Hy hopet alteast hertstochtlik op sa’n karriêre. Foarearst is hysels lykwols de iennichtse dy’t dêr yn leaut. Hy hopet him te bewizen mei in toanielstik, dat foar famylje en kunde spile wurde sil yn de tún fan de bûtenleats.
Foar de mar, dy’t dêr sa prachtich leit oan de râne fan de lannen fan de bûtenpleats, wurdt in teaterke boud. En Nina, dochter fan in boer út de buert, dy’t like graach aktrise wurde wol as dat Kostja him in takomst dreamt as skriuwer, sil it stik – in poëtyske monolooch, fol symbolyk – spylje .
It stik begjnt mei de tariedingen fan dizze “foarstelling”.
En fansels komt dêrnei alles oars as Kostja en Nina foar harsels dreamd hawwe. Teloarstellingen, ûnbeantwurde leafde, ferbittering, mankelikens, it neistribjen fan gelok en it oanfurdigjen fan it lijen dat dêrby heart, dêr giet it oer yn dit ferneamde stik fan Tsjechov.