Nûmer tachtich

In dramatysk stikje toaniel dat him om ca. 1900 ôfspilet foar de poarte fan in tichthús, dêr’t famyljeleden (de heit, de frou en it soantsje) fan in finzene wachtsje op syn frijlitting.

Puntsje

Spilet yn 1898 yn in lyts roomsk fabryksplakje oan hûs fan pastoar Bos, dy’t as geastlik riedsman in bestjoersgearkomste meimakket tsjin ‘e tiid fan it stimmen.
De taktyk dy’t menhear-pastoar tapasse wol by de foarljochting oan syn parochianen sjit ien fan ‘e mannen sadanich yn ’t ferkearde kielsgat, dat it útrint op grut trelit.
Karakterstikje!

It antwurd

In dramatysk barren út ‘e tiid fan lang ferlyn doe’t yn ‘e grutte stêden de striid om in pear sint lean mear foar de arbeiders faak útrûn op reboelje tusken wurkwilligen en stakers, as grutte kloften plysje en soldaten de strjitten opstjoerd waarden om opstannelingen del te bêdzjen.
‘Op foar de frijiheid op! Fuort mei de slavernij. Weits op, weits op! Foar ’t hillich rjocht fan minsken stride wy.’