De ûnbekende

By in sikenhûs is in frou binnenbrocht, dy’t stoarn is sûnder dat se dêr wisten wa ’t wie en sûnder dat der yn it skoft dat de frou dêr lein hat famylje opdaagjen kommen is. Dit gefal achten de dokters gaadlik om te brûken yn de snijkeamer en de studinten der wat fan leare te litten. Begroeven kin der dan net mear wurde.
In dei of wat letter komme der by it sikenhûs in soan en in dochter fan de frou om te freegjen nei harren mem. Se hearre dan dat se stoarn is, mar as se freegje om it omskot, wurdt der sein dat dat der net mear is en dat se it dus net meikrije kinnen om it, neffens bedoeling, neist harren heit te beierdigjen. De soan oppert dan dat de mem wol yn ‘e snijkeamer bedarre wêze sil. As er dêr gjin ôfdwaande ûntkenning fan kriget, pakt er út tsjin de doktoaren en ferwyt er harren de eigen stân foar sokke praktiken te sparjen en earmelju te brûken om neaken en dea for de studinten te kyk te setten. De dokters beswarre him der gjin skandaal fan te meitsjen, mar hy kin harren fan datoangeande neat ûnthjitte. De hearen fertrouwe der op dat de oerheden harren net falle litte sille.
Dan giet elk wer oan syn wurk.

De kommissaris is de minste net

Nijsgjirrige ienakter foar wa’t ris wat oars as oars wol.
De kommissaris hat alles tip-top foarinoar. Hy is in stipte man en alles giet neffens regels en sa’t it heart.
Hy behannelet alle saken as wiene it moardsaken. Mar op in dei komt der in gek, dy’t him bedriget mei in pistoal en dan rekket de kommissaris alhiel fan ’t sintrum.
Hy wurdt yn in kast opsletten en letter troch syn aginten wer befrijd. En dan lit er alles ta, wat earst net mocht….