Yn it skaad fan de delling

In folksaardich stik mei in ienfâldige plot. In swalker kloppet jûns oan by in iensume buorkerij. De frou (Nora) noeget him der yn. Se fertelt dat har man krekt ferstoarn is. Hy leit noch ûnder in wyt lekken yn de keamer. Noar freget de swalker om even de wacht te hâlden sadat sy in jonge skieppehoeder helje kin om har te helpen. sy is de doar noch net út of it lyk riist oerein en begjint in tirade tsjin syn wiif: se hat him allang dea ha wold om der dan fan troch te gean mei de skieppehoeder. Hy behellet de swalker yn it komplot om de frou ôf te straffen. As Nora mei har Michael werom komt springt de man fan it bêd ôf en reaget syn frou de doar út en jaget de swalker der efteroan. Dan drinkt hy mei de skieppehoeder noch in whisky.

It keamerskerm

De oandwaanlike soargen fan in jonge heit-en-mem om har earsteling wurdt yn dit stikje op in alderivichst aardige wize de gek mei stutsen. Op in dei wurdt it kleine húshâldinkje mei syn fêst ritme brutaalwei fersteurd fan de komst fan in freon mei in tige eigen libbensstyl. En as fuortdêrnei pake en beppe ek noch komme, hat fral de mem hâlden en kearen om de boel op regel te hâlden en o, der is sa folle….
Kostlik, sa ’t Heijermans it hele dwaan en litten sa te sizzen ‘ophinget’ oan in keamerskerm, as hoeder fan it rike besit, en de soargeleaze freon as komysk tsjinwicht fungearje lit.

It bern

Dokter Larsen en syn frou hawwe in skoftsje lyn in lytse pop krigen. Beide binne se ridlik gau ta de ûntdekking kommen dat it jonkje blyn is, mar se doare it elkoar net te bekennen en namste mear lije se der ûnder. Se sonderje har mear en mear fan elkoar ôf en beide witte se mei de sitewaasje gjin ried mear. De mem bidt God om de stumper hjirwei te nimmen; de heit tinkt oan in spuitsje foar altyd…. In kollega wit it him ynearsten ôf te praten, mar yn in moedeleaze bui grypt er op ‘e nij nei it deadzjende gif; op dat stuit komt syn frou der yn en komt him oer ’t mad…..
De dramatyske sêne dy’t dan folget, rint út op in fermoedsoening en… berêsting yn it lot, alhoewol…….

Yn de jonge Jan

In ofsier fan justysje is belestige mei in foarûndersyk oangeande de fertinking dat de brân yn in tabaksfabryk oanstutsen wêze kin. Yn dy brân is in lyts famke omkommen.
Hidde Bron, in broer fan de eigener en wat simpel fan geast, wurdt fertocht om’t er min mei syn broer oer de wei kin. Syn broer slacht him gauris en leit him leech. Jan Bron, de eigener, wurdt fertocht omdat er skulden hat en de konkurrinsje mei de oare fabrikanten net mear oan kin. Hy hat koartlyn syn brânfersekering ferheegje litten.
Behalve de beide broers hat de ofsier ek noch oproppen de skoanheit fan Jan, de kafeehâlder, in buorman en in ferver, wylst in brigadier ek in ferklearring ôfleit.
Mei help fan de tsjûgen wurdt de wiere dader ûntmaskere.
NB Heijermans hat dit stik skreaun foar in akteur, dy’t sân rollen foar syn rekken naam (de fertochten en de tsjûgen)!