It kersehôf

Ljoebof, de eigneresse fan in fertuteaze bûtenpleats yn Ruslân (omtrint 1900), keart nei fiif jier werom nei hûs, tegearre mei har dochter en twa betsjinners. Nei it ferûngelokjen fan har jongste bern en in mislearre ferhâlding hat de dochter har mem werom helle út Parys. De tastân yn hûs en bedriuw binne net bêst: der binne in soad skúlden en te min ynkomsten. Ljoebof hat lykwols allinnich mar each foar har fertriet en de herinnerings oan har moaie bernetiid. De prachtige kersehôf stiet symboal foar dizze ferdwinende wrâld. Ek oare personaazjes, lykas de broer fan Ljoebof en de skoalmaster slingerje hin en wer tusken ferline en takomst, sûnder ta dieden komme te kinnen. As de bûtenpleats by eintsjebeslút dochs op in feiling ferkocht wurdt is it de praktysk ynstelde Lopachin (soan fan in liifeigene), dy it hûs keapet en it kersehôf omkappet om der simmerhúskes del te setten.
In mankelyk, mar ek fleurich stik.

Saltimbank

In brokje leafdestragyk achter de skermen fan it sirkuslibben. Haadpersoan is de kloan Aujust, dy’t nei in slim beropsongelok lang de âlde net mear is, ek al docht er wer wat nûmerkes mei en dy’t boppedat sûnt dy tiid by syn frou folslein net mear yn tel is. Under it ôfdraaien fan it programma komt it yn ‘e klaaitinte ta in ferheftige rûzje as syn fermoeden oangeande syn oare helte (dûnseres yn it sirkus) befestige wurdt.
Amper wit er him foar in moard op har te hoedzjen, as Funny oan it uterste ta yn har haat behurdet, stiet dan yn bestân om it sirkus sonder har farwol te sizzen, mar by eintsjebeslút krûpt it bloed wêr’t it net gean kin. En by it sakjen fan it doek bliuwt er iensum, as in geastlik wrak, achter.