De broek

Theobald en Louise Masker binne krekt troud. Yn it boargerlik fermidden fan Dútslân omtrint 1910 betsjút dat, dat de man syn frou mear as tsjinstfaam sjocht. Boppedat hat hy losse hantsjes. Dêrneist is Theobald in typyske fertsjinwurdiger fan de lytsboargelike moraal: in amtner fan lege rang mei in lyts ynkommen en konservatyf fan opfettings. Louise sit wat mear yn. Hja is romantysk fan aard, fielt har opsluten en is teloarsteld yn de ferwachtings wat it houlik oanbelanget. Mei buorfrou Deuter -in “âldfaam” fan 33- fantasearret se oer aventoerkes.
By it begjin fan de hanneling binne wy tsjûge fan in hiel trelit. Theobald is poerrazend: midden op strjitte, wylst der in protte folk op’e lappen wie, is Louise har broek ôfsakke! De hiele buert praat deroer. Theobald kin syn baan as amtner wolris ferlieze, sa tinkt er. Dit blykt wol wat ta te fallen, mar it ynsidint hat al oare gefolgen. Twa manlju wiene tsjûge fan it pikante barren en tinke: wa wit is der wat te fersieren en melde harren as keamerhierders by de Maskers. Theobald is bliid mei de hierder: it bringt jild yn it laadsje en Louise dreamt fan in romantysk slipperke.
Fan dit slipperke fan Louise komt (spitichernôch) neat fan. It is krekt de ferfelende Theobald dy’t mei buorfrou Deuter…
In poer geskikt stik foar in ploech dy’t ris wat mear wol as it gewoane simpele blijspul.

Poppeslok

It stik út it begjin fan de 20ste ieu is yn dizze bewurking nei it no tahelle, mar dat is foaral yn lytse dinkjes te merken.
Yn it stik draait it om jildsucht. De fan oarsprong rike famylje Lyklema thoe Minwert is ferearme. Nei jierren neat fan him hearre litten te hawwen, komt de broer fan frou Lyklema by de famylje, mar deselde dei stjert er yn har midden. Hy blykt miljonair te wêzen. De famylje is fûl op it jild. Sy sille erve, want wa hie de broer oars?
Dan ferskynt Polly op it toaniel. Sy is in wike lyn troud mei de broer. De stimming slacht om. It hiele stik troch komme der hieltyd wer nije feiten op tafel sadat dan wer de famylje, dan wer Polly rjocht ha op de erfenis. It wiere leafdeleaze aard fan frou Lyklema, dejinge mei de broek oan yn’e famylje, wurdt hjirmei ek goed dúdlik. Om har sin te krijen hâldt se mei gjinien rekken. It slot is wreed: Polly hat in miskream en de famylje is oh sa bliid dat dêrmei de erfenis harren takomt.

Wize Hâns

‘Wize Hâns’ is it ferhaal fan de boarre Hâns en syn jonge baas Jonathan. Jonathan hat gien heit en mem mear. Hij wennet allinne mei syn kat. Dy kat is syn iennichste freon. Doe’t er jild hie, hie er wol mear freonen, mar no is syn jild op. Hy hat skulden by de bakker, de molkboer en de skuonmakker. Se drigje Hâns syn kat ôf te pakken en te ferkeapjen oan de kening, om’t dy in goeie rottefanger syket.
De kening kin der al wike net fan sliepe. Mar Hâns wol syn kat net ferkeapje. Dan grypt Hâns sels yn: ynienen begjint hy te praten! Hy biedt Jonathan oan om nei it hôf te gien om de rotten teferjeien. Omt Jonathan bang is dat se Hâns wat oandwaan sille jout hy him syn klean oan as fermomming. Oan it hôf oankommen blykt de hiele rottepleach trochstutsen kaart te wêzen.
Kroanprins Arthur is sa happich op ‘e troan dat hy besyket syn heit it paleis út te narjen troch rotten te lokjen en te fuorjen en de katten út te roegjen.
Hâns docht him oan it hôf foar as in gelearde dokter en Jonathan spilet it spultjse mei. De kening sjocht heech nei Hâns op. Hy beneamd him ta de heechste rjochter yn it lân. Hâns giet sadwaan-
de net allinne de striid oan tsjin de rotten, mar hy hâldt ek yn minskelân fiks rjochtdei.
Hy ûntmaskert sawol kroanprins Arthur as de ûnrjochtfeardige winkelju.

Kommintaar:
Yn dit stik uteret Heijermans û.o. syn krityk op tsjerke en medyske stân. It folk libbet net mear mei en neffens de natuer. De kat jout ús in oar foarbyld. Dy leit him noflik te sliepen yn ‘e waarme sinne en is in echte libbensgenieter.
Sels noch ôfsjoen fan dizze maatskappij-krityske kant is dit in prachtig mearke dat net allinich poergeskikt is om foar bern spyle te wurden. It soe sels in moai iepenloftspul wêze kinnen.

HB