De dûme hûn

Johan, de húsfeint by Professor, hat eartiids oan it toaniel west. Yn dy tiid hat syn frou it oanlein mei in kollega fan him en hat er syn berop opjûn.
Dûbele ûnderfiningen sadwaande mei trijehoeksferhâldingen komme him goed fan pas, no ’t professor yn in soartgelikense sitewaasje sit.
En op ‘e nij spilet er syn rol treflik en wit er de professor op in deeglike en tagelyk fermaaklike wize fan syn konkurrint ôf te helpen.