De gewearen fan frou Carrar

In polityk stik oer in Andalusyske fiskersfrou ûnder de Spaanske boargeroarloch.
Frou Carrar hat twa soannen. Har man is stoarn yn it ferset. Se besiket har jonges mei alle macht út it ferset te hâlden ek al sizze oaren dat se harren gean litte moat. Op’e jûn dat it stik spilet is der in belangrike striid oan’e gong. Út it hûs wei binne de kanonnen te hearren. De aldste soan, Juan, is te fiskjen. De broer fan frou Carrar komt lâns om gewearen te heljen. Hy besiket harren út te lizzen dat se net feiliger binne as se harren net fersette tsjin de macht fan Franco, en dat se der neat mei winne. Frou Carrar hâldt fol dat ien dy’t fjochtet, deade wurde sil.
Dan wurdt Juan binnen brocht. Hy is dea sketten, as boarger. Frou Carrar wurdt sa fûl, dat se de gewearen pakt, en mei har broer en jongste soan sil se dan te fjochtsjen.