Doe wiene der noch……

It lietsje oer “De tsien lytse negerkes” is de reade tried yn dizze skriller. In sekere N. Immen hat in tsiental gasten útnoege yn syn simmerferbliuw op in ûnbewenne eilân. Al dy minsken ha ienris yn harren libben mei de justysje te krijen hân, op fertinking fan moard. Moard koe lykwols noait bewiisd wurde en se waarden frij sprutsen.
Under de gasten is ek de dwylsinnige rjochter Spohr dy ’t der foar soarget dat de minsken dochs noch de straf krije dy ’t se nei syn betinken fertsjinne ha. Twa ûntkomme oan syn duvelsk plan en dy dogge lykas yn it lietsje, nei ferrin fan tiid binne der wer tsien….

Mei sletten doarren

Ien man en twa froulju wurde yn in hotelkeamer brocht. It hotel is in soarte fan ‘hjirneimels’. De deaden hawwe no net drekt in heldhaftich
ferline. Garcin, in sjoernalist, hat syn frou it libben soer makke, desertearre doe’t de oarlich útbruts en deasketten waard.
De lesbyske Ines wie skuldich oan de dea fanwegen in ûngemak fan de man fan har freondinne. Dy freondinne koe hjir lykwols net mear mei libje en hat harren tegearre nei in jier fan kant makke. Estelle hat it bern dea dien dat hja út in bûtenechtlike ferhâlding krigen hie. Betreure troch har neat fermoedzjende man is hja stoarn oan in longûntstekking.
Dizze ferfelende minsken binne no oerlevere om elkoar algeduerigen te kwellen mei harren oanwêzichheid en harren petearen. Ines fielt har oanwiisd op Estelle, Estelle op de sjoernalist en dizze wer op Inez, dy’t him as iennige frijpleitet fan it ferwyt fan leffens dat hy himsels makket. “De hel, dat binne de oaren”, seit Garcin.

Kommintaar:
Dit ynkringend drama giet fansels net oer it hjirneimeld. Sartre, de meast bekende filosoof nei de Twadde Wrâldoarloch, leaude net yn God of hjirneimels. Wat hy mei dit stik sjen litte woe, wie hoe’t minsken dy’t in oar nedich hiene, in tredde dêrmei kwelde. Minsken waarden dêrtroch sawol kweller as kwelde.
Frijheid is by Sartre it meast wêzentlik, mar ek meast tragyske skaaimerk fan de minsk. It betsjut dat hy ferantwurdlik is foar syn dieden. Mei dy dieden, hoe goed bedoeld ek somtiden, hat hy oaren skea tabrocht. It binne krekt dy oaren dy’t ús konfrontearren mei de ûndraachlike lêst fan dy ferantwurdlikheid. Troch syn personaazjes yn in saneamde hel te pleatsen – dêr’t alles ûnomkearber wurden is – driuwt Sartre dy lêst fan de frijheid ta in uterste. Nettsjinsteande de filosofyske strekking is it stik spannend en hat it yntrigearjende karakters.

HB

Mei sletten doarren

Trije persoanaazjes binne nei de dea feroardiele ta in ferbliuw yn ien keamer oant yn ivichheid. Dit ferbliuw wurdt ta in marteling om’t de konfliktsituaasjes dy’t ûntsteane, net ta in oplossing brocht wurde kinne. Sels in útwei troch moard of selsmoard is net mooglik.
Yn it lêste tafriel jout ien fan de personaazjes de filosofy fan Sartre dúdlik wer: “De hel, dat binne de oaren.”
In útdaging foar de bettere toanielploech.

NB De beskriuwing by de oersetting fan Klaas Bruinsma is wat grutter.