Ballingen

De skriuwer lit ús yn de kunde komme mei twa Russyske ballingen; de gruthertogin Tatiana Pétrofna Ouratief, nicht fan de tsaar Nicolaas de twadde en har man de prins Mikaïl Alexander Ouratief, adjudant fan de tsaar. Doe’t de Russyske revoluusje útbruts binne se nei Pariys gien. Se binne tige earm, nettsjinsteande de prins in bedrach fan 4 miljard op de Frânske bank stean hat. Dit jild lykwols stiet op in gehiem nûmer. It is it grutste part fan it prifee besit fan de tsaar. Dy hat it de adjudant tabetrout om ’t er bang wie, dat it oars kwyt reitsje soe. Ouratief soe der nea wat fan ôfhelje of it moast foar de tsaar wêze. It wie soms wol ris feliedlik mar de prins die it net. Omdat se neat mear hiene om fan te libjen, ferhierden se harren as feint en faam by de bankier Arbeziat. Alles gie goed oant se op in dei by in dinee, jûn troch de Arbeziats, werkend waarden troch de gasten, wêrfan ien de sofjet kommissaris fan oalje, Gorotchenko, wie. Dizze moast besykje jild te krijen om lânboumasines te keapjen, foar de Russyske boeren dy’t omkamen fan honger. Yn ruil soe hy de oaljeboarnen fan Boukoura en Pétropols ôfstean oan de lannen dy’t him fan it nedige jild fersjen koenen. Nei it iten soe Arbeziat mei syn gasten dizze hannel besegelje. Foar dat it safier wie, gie Gorotschenko nei de keuken om de 4 miljard oan Mikaïl te freegjen. Ynstee it jild fan de tsaar te hâlden, stiene se it ôf oan de man dy’t foar harren in haatlik steatsbestel fertsjinwurdigde, mar grutter as harren hate foar it bolsjewisme wie harren leafde foar Ruslân dat syn gebiet net ferlieze moast. Se joegen it jild, wittende, dat harren master de tsaar it ek sa wollen hawwe soe.

De greate keizer

De lêste keizer fan it grutte Romeinske Ryk, Romulus, wit dat syn steat allinnich noch mar rjochte is op ûnderdrukking en dat der gjin inkele moraal mear hearsket yn it eartiids sa machtige ryk. Hy beslút ta passyf ferset. Op syn paleis op it plattelân fersoarget er syn hinnen en docht neat om it leger fan de ynfallende Germanen ûnder lieding fan Odoakar te kearen. Hy wachtet oan’t syn ryk falt en as dat bart is, ferwachtet er dat Odoaker him deadzje sil. Mar as Odoaker ferskynt wol dy himsels krekt oan de ‘grutte’ Romulus ûnderwerpe. Krekt om’t er sa’n anty-held is moat Romulus te foar kommen dat de Germanen no in ‘folk fan helden’ wurden (en dus letter krekt sokke ûnderdrukkers wurde sille as de Romeinen wienen) – sa tinkt Odoaker. Mar Romulus wol net. Hy lit de troan oan Odoaker, dy’t no op syn beurt wachtet op syn neef Theoderich. Dizze Theoderich sil beslist de nije keizer ombringe en dan in nij, krekt sa bloedich en tiidlik ryk grûnfêste as it Romeinske Ryk wie.

De dea fan in hannelsreizger

Willy Loman, 63 jier âld en hannelsreiziger, fernimt wol dat it net mear sa bêst mei him giet: hy kin him hieltiid minder konsintrearje, hat mei syn auto hast in bern deariden en fielt him ûnwis. Hy besiket in oare funksje te krijen by de firma dêr’t er foar wurket, mar de jonge, nije direkteur – de soan fan de âlde direkteur – wol der neat fan witte en seit dat er earst marris rêstich oan dwaan moat; wat sa folle betsjut as dat er op termyn dien krijt. En in fatsoenlik pensjoen sit der net yn.
Loman syn soargen hawwe ek te krijen mei syn soannen, Biff en Happy. Se binnen al oer de tritich en yn syn eagen ferliezers. Beide soannen kinne lykwols net meikomme mei heit syn byld fan de wrâld, wêr yn hurd wurkjen fansels liedt ta grutte prestaasjes èn beleannings, de dream fan in fantastyske takomst.
As Loman gjin útwei mear sjocht beslút er om himsels te koart te dwaan, sadat syn frou yn elts gefal de premy fan de fersekering krijt. Hy krûpt yn’e auto en rydt himsels dea tsjin in beam.
De dea fan in hannelsreiziger is in moderne trageedzje oer in man, dy’t mei woe mei syn tiid, mar slachtoffer waard fan syn idealen en illúzjes. Tagelyk is it ek in oanklacht tsjin de prestaasjemaatskippij. Troch ‘flashbacks’ en fantasy-sênes oer syn tinken en syn idealen, krijt de taskôger in folslein byld fan de tragyk fan in ienfâldich man yn de moderne tiid.