Begroetingen

Trije hearen op it toaniel begroetsje inoar. ‘Goed mei jo?’ Se werhelje de fraach oan ien tried wei en jouwe hieltyd oare, absurde wurdsjes as andert: ‘Mankelyk’, ‘Matinaal’, ‘Agnostysk’ Amfibysk’, ensfh.
Oant (sabeare) taskôgers út it publyk op it lêst ek kommentaar jaan en der sels oan meidwaan. It wurdt in soarte fan spultsje yn it opneamen fan idioate rychjes. De trije hearren nimmen it op it lêst wer oer en werhelje as robotten de fraach ‘En mei jo? En mei jo?’
Op dwylsinnige wize boartet Ionesco sa mei it ritueel fan de begroeting en hellet it sa út inoar dat der neat fan oerbliuwt.

Biedermann en de brânstichters

Biederman is in boarger dy’t yn in stêd wennet wêr’t de lêste tiid in soad brânnen stichte wurde. Eltsenien yn ‘e stêd is deadsbenaud foar de brânstichters. Ut foarsoarch hat Biedermann tsjin it tsjinstfanke Anne sein dat der gjin fremden yn’e hûs komme meie. Dan is der in swalker oan’e doar. It is sa’n glêde prater dat Biedermann sels him net sa gau fuort krijt. Hy jout de man wat iten yn’e hoop dat er dan wer útnaait. Mar de swalker, in grutte kearel mei de namme Schmitz, wit er sa yn om te praten dat hy ek sliepen bliuwe kin. Schmitz bliuwt langer dan dy iene nacht en stadichoan wennet hy hast op ‘e souder. Op in goei dei komt syn freon Eisenring ek samar op ‘e souder sliepen. Tegeare prate se der sa yn om dat Biedermann yn syn eigen hûs neat meat te sizzen hat. Sa kinne se rêstich benzinefetten de souder oprôlje..! Biedermann sitet der allinnich mar wat by te laitsjen; hy sjocht it as in grap en wol it gefaar net leauwe. Dochs wurde hy en syn frou Babette hieltyd senuweftiger. Biedermann wol de mannen perfoarst te freon hâlde; dan sille se him neat dwaan, tinkt er. Hy noeget harren út foar in diner. By it iten freegje de twa swalkers Biedermann sels om lucifers. Babette warskôget har man noch: jou har gjin lucifers! Mar hy seit: “As it echte brânstichters binne dan hawwe se wol lucifers by har.” As de mannen fuort binne brekt der brân út. Biedermann stiet der by en sjocht der nei.
It stik is in soart fan parabel oer de opkomst fan it fascisme: hoe koe it barre dat de gewoane boargers de fascisten, dy’t by eintsjebeslút de hiele wrâld yn’e brân stutsen, harren gewurde lieten? Lykwols is it stik noch hieltyd tige tapaslik. It hat de úterlike foarm fan in trageedzje, mei in koar fan spuitmannen, dy’t Biedermann warskôge en him freegje wat er docht. Mar troch it healwize gedrach fan Biedermann en it slûchslimme gedrach fan de twa swalkers komme yn it stik ek in soad komyske eleminten foar.

Spul om ‘e baas

Tema: in bolderbast, dy’t elk om ‘e finger wynt, oant….
It stik spilet yn in húshâlding fan man, frou en dochter, dêr’t se der ek noch in húsfeint op nei hâlde. De man is de baas, better sein de tiran yn ‘e hûs: elk is like benaud fan him. Dochter Maaike hat lykwols in feint, Jan, en dy wol graach mei har trouwe. Fierder is der noch in bankdirekteur, dy’t ek gading makket nei de dochter.
As Jan him op in dei moed yn dronken hat om de baas te freegjen oft er mei Maaike trouwe mei, dan fynt er de bankdirekteur as konkurrint op syn paad. Mei dy konkurrint wit de baas wol ôf te weven, mar dat slagget him mei Jan net, krektoarsom: Jan kriget de baas alhiel yn ‘e macht en it slagget him op it lêst de baas yn in kast op te sluten dêr’t er him net earder wer útlit as dat er syn jawurd jûn hat mei de romte fan tasizzingen dêr omhinne.
Hindrik, de húsfeint, spilet it hiele stik troch de wat ûnnoazele húsfeint, dy’t ivich en altyd elkenien gelyk jout en nei de mûle praat.

Opskuor yn ‘e pastorij

De direksje fan de Ljouwerter Kaugomfabriken hat in haadpriis fan in puzzlewedstriid (10.000 gûne) oan in ienfâldige doarpsdomeny tawiisd, dêr’t er by syn witten net oan meidien hat. Alle middels wurde lykwols te baat nommen om fan it útrikken fan ‘e priis in reklamestunt fan komsa te meitsjen en it doarp en it fanfare dogge dêr harres ta. Mar domeny hâldt foet by stik: it moat in fersin wêze, en op it hichtepunt fan de huldiging skuort er de chèque foar de mannichte yn twaën.
No hat er it net ret: it hiele doarp, ek syn eigen bern, falle him ôf en sels Rikele Boelsma, de tige orthodokse boer, dy’t him yvich en altyd dwers sit om de ‘leare’, sprekt skande oer dit dwaan, dat er útleit as ferset tsjin in woldied fan hegerhân…..
De reklame-liedster fan de firma lykwols, dreaun troch har sympathy foar de widner-domeny, kriget begryp foar de sitewaasje en wit mei in nije fynst it betrouwen fan de lju yn har foargonger yn ien klap werom te winnen.

Hee, is der ien?

‘Hee, is der ien?’ is de needrop fan in jongkeardel yn in sel, dy’t de jûns tefoaren nei in moeting mei in frommeske bûten westen slein is troch ‘har man’ en dêrnei opsluten. Yn syn iensumens siket en kriget er hâldfêst en stipe by in ‘famke-út-‘e-koken’, foar wa ’t er syn libbenslot en libbenshâlding bleatleit. Yn syn iepenhertigens wint er folslein har fertrouwen en kriget er har tasizzing om mei har te flechtsjen, om tegearre om fierrens in nij libben te begjinnen.
Fuort neidat se by him weigien is om in revolver op te heljen, dêr’t se har by need mei ferdigenje kinne, ferskynt der in man, deselde – docht bliken – dêr’t er de floarige jûns mei yn ‘e slach west hat.
Nei in ferheftich petear wurdt er delsketten en sa fynt it famke him…
In ferbyldingsspultsje soe men it neame kinne, dat sterk ynlibjen fan de spylders freget.

Mariandel

It nei-oarlochske ferske “Mariandel” rint as in muzikale reade tried troch dit stik, dat him ôfspilet yn Gaasterlân. Dêr hâldt Mariandel mei har oerwûne dochter in pensjon-buorkerij, mar de saken geane net bêst: der komme te min gasten om de boel goed draaiende te hâlden en sadwaande is der ek gjin jild om it hûs te modernisearjen. De measte gasten geane nei it nije hotel fan wethâlder Leffertsma, in machtich man yn it doarp, dy’t mient dat mei jild alles te keap is.
Hy wol graach mei Mariandel trouwe en biedt har oan om in nij hotel te bouwen foar har dochter (ek in Mariandel) en de feint Hindrik, as se “ja” seit. Mariandel hâldt dat oanbod yn berie, mar de jongelju wolle neat witte fan Leffertsma syn hantsjebakken; mem hâldt ommers net fan de wethâlder en sy sille harsels wol rêde, want mei help fan buorman Piersma wolle se harren talizze op it buorkjen.
Midden yn alle alteraasje komme der ek noch gasten: in bline man mei syn húshâldster; hy woe perfoarst nei dit doarp ta omdat er dêr tweintich jier lyn in hiele moaie simmer belibbe hie mei in leaf famke; syn húshâldster fynt it allegearre lang net deftich genôch en se gong allinne mei, omt se allang hopet dat se mei har wurkjouwer trouwe kin. Mar as dy de jonge Mariandel it bekinde ferske sjongen heard – dêr’t er sels yn it ferline de fryske wurden foar makke – falle alle iensume jierren wei foar him en Mariandel en harren dochter. En as Leffertsma dan om antwurd komt, fynt er de húshâldster allinne yn’e keamer….

## Dit stik is net mear leverber. Jo kin fan dit stik gjin boekjes mear keapje. Wol ha we noch in pear sichtboekjes, se kinne dus noch wol lêzen wurde.

As jo dit stik spylje wolle, matte jo sels de boekjes kopiearje.