Felix en Jolande

Noch gjin beskriuwing

De Hogerhuissaek

Yn de nacht fan 5 op 6 desimber 1895 waard by boer Gatze Haitsma ynbrutsen. Twa manlu mei maskers op krongen it hûs yn, wylst in tredden op wacht stie. Se waarden betrape, mar mei lichte ferwûnings koene se ûntkomme.
De bruorren Hogerhuis waarden fan de ynbraak beskuldige en feroardiele ta in finzenisstraf fan 12, 11 en 6 jier. Net elkenien wie derfan oertsjûge dat WIebren, Keimpe en Marten skuldich wiene. Ek jurist Pieter Jelles Troelstra net. Hy hat ûndersyk dien nei dizze saak en sammele nije feiten dy’t yn de rjochting fan trije oare fertochten wiisden. It slagge Troelstra lykwols net de saak op en nij te iepenjen.
Fan dit histoaryske drama hat Douwe Tamminga yn 1950 in toanielstik skreaun.

De keale sjongster

Menear Smith en mefrou Smith sitte yn harren wenkeamer yn in bûtenwyk fan Londen. Se hawwe it iten op, hy lêst de krante. Dat en noch folle mear oerstallige meidielings hearre wy fan mefrou Smith. Underwilens slacht de pendule, dan wer ris trije, dan wer tretjin kear.
Ek yn it petear tusken menear en mefrou Smith wurde foarearst dingen sein, dy’t se sels al witte, of dy’t folslein absurd binne. Lykas it petear oer Bobby Watson en syn famylje, dy’t ek allegear Bobby Watson blike te hjitten. De konversaasje is hjir dus suvere foarm, bûtenkant. As in oar echtpear op besite komt, wurdt it noch frjemder. It duorret sawat tsien minuten foar de twa der efter komme dat se op deselde tiid yn deselde trein sitten hawwe, yn de selde strjitte wenje, ensfh. – en dus: man en frou fan inoar binne…
Mei de komst fan in brânmaster op syk nei brân, wurdt it noch hilarysker. Op it lêst kraait elkenien der allinich noch in ritmyske wurdenbrij út, lykas wiene it konversaasjemasines dy’t op hol slein binne.

Moany’s feintsje gûlt net

Moany is in frijbûtser dy’t it leafst syn hiele libben yn de bosken omslaan soe. Mar troch dat syn frou befallen is fan in lytse poppe moat hy yn it fabryk wurkje omdat der sinten op ’t kleed komme moatte. Lykwols kin hy it thús net út hâlde en op in nacht, at hy wer ris net yn sliep komme kin, pakt er syn bile en sil der fan troch. Mar syn frou triuwt him de poppe yn de earmen, want dêr wol sy net mei sitten bliuwe. Mei de poppe op de earm beslút Moany om te bliuwen.

Kommintaar:
In ienakter dy’t net sa geskikt is foar begjinnende spilers: it freget wier wol wat ûnderfining om de beide rolfigueren goed del te setten. At der twa sokke spilers binne, sille dy der wol mei nocht oan wurkje kinne.

GD

Tramwein Begearte

Begjin jierren fyftich yn it suden fan de Feriene Steaten. Blanche Dubois is de dochter fan in ferearmoede famylje fan plantaazjebesitters. As har famylje útstoarn is en der neat oars oerbliuwt as skulden, giet hja nei har suster Stella yn de grutte stêd. Dy is ûnder har stân troud mei in arbeider fan Poalske komôf. By it begjin fan it stik komt Blanche oan yn de drokke, benearjende folkswyk yn New Orleans.
Tusken de o sa teare, dameseftige Blanche en de man fan har suster, Stanley Kowalski, bûtert it fan it begjin ôf oan net. Hy is in rûge bast mei in geve pit. Hja is krekt oarsom: ûnder har smetleas uterlik (en namme!) ûntdekt Stanley al ridlik gau dat it net doocht. Blanche wurdt net allinne opfretten troch de senuwen en is swier oan’e drank, hja is ek twongen weigien út har berteplak nei’t men der efter kaam dat hja as learares in net tastiene affêre hân hat mei in jonge. Under har degelike opfieding en har hege ferwachtings fan it libben, skûlet in wanhopich langstme nei leafde, erkenning en erotyk. In mislearre houlik mei in te betiid stoarne, homosexuele jonge dy’t hja oanbidde, is ien fan de oarsaken fan har teloarstelling en wanhoop yn it libben.
Yn de kleurrike, mar machteleaze werklikheid fan Stanley en syn freonen besiket Blanche lykwols noch in romantyske ferhâlding oan te gean mei Mitch, ien fan de freonen, dy’t tige ûnder de yndruk is fan har ferskining. Stanley fielt him lykwols hieltyd mear faksearre en delhelle troch de kueren en manierkes fan Blanche. Nei’t hy har ferline te witten kommen is, docht hy in boekje iepen by syn freon Mitch. Dy fielt him troch Blanche beskiten en stjoert har fuort.
Blanche rekket no alhiel fan ‘e roai. Hja kin net langer by Stella en Stanley ynwenje, mar hja hat nimmen om nei ta te gean. Uteinlik wurdt hja troch in dokter ophelle, dy’t har nei in ynrjochting oerbringe sil.
KOMMINTAAR:
Ien fan de klassikers út de toanielliteratuer fan de 20ste ieu. It stik is ferskillende kearen ferfilme en ek yn Nederlân regelmjittich spile. It is in fel-realistysk drama, dêr’t it konflikt tusken de dreamwrâld fan Blanche en de rauwe werklikheid fan Stanley sintraal yn stiet. Beide figueren binne lykwols mei sawol negative as sympathike karaktertrekken útrist. Hjirtroch, en troch de macht dy’t it ferline noch hieltyd op Blanche útoefenet, hat it stik in ûnûntkomber ferrin en soene jo it mei rjocht en reden in moderne trageedzje neame kinne.
Foar amateurs dy’t it ûnderste út de kanne helje wolle, is dit stik sûnder mis in útdaging.

HB