Picknick op it slachfjild

It earste stik fan’e spaansk-marrokaanske Arrabal. Mei dit absurde stik wurdt it sinleaze moardzjen fan in oarloch toand. Alders besykje mei harren soan Zapo, in soldaat op it slachfjild, te picknicken. Se noegje ek de kriichsfinzene Zepo út om mei harren te iten. Se slute freonskip en soene graach de oarloch stopje litte wolle. Dan wurde se troch in oanfal ferrast en deade, sûnder te begripen wat harren oerkomt.

Fyftjin roazen

Fuort nei it ferstjerren fan har mem, is Cornelia Scott (60) yn ‘e kunde kommen mei Grace Lancaster (45) en sûnt dy har man ferstoar, wenje se byinoar yn. Grace hjit de sekretaresse fan Cornelia te wêzen.
Cornelia is in foars, suver autoritair type, út ‘e súdlike kontreien fan Amearika. Grace hat in klien en fyn postuer.
Tusken de beide froulju is wat dat net útsprutsen wurdt en dêr’t elk nei riede kin. Men mei oannimme dat it mei de yntime gefoelens te krijen hat, ek al omdat Cornelia oan Grace 15 roazen jout, as se 15 jier byinoar binne. Tusken de froulju is in ferhâlding ûntstien dêr’t it hoe en wat net dúdlik fan trochkomt, mar dy’t by beide in spanning bewurke hat. Dy spanning uteret him by Cornelia yn it berikken fan de heechste funksje(s) yn it ferieningslibben en by Grace kin dy spanning net rjocht in útwei fine en friget in oerspanning.

## Dit stik is net mear leverber. Jo kin fan dit stik gjin boekjes mear keapje. Wol ha we noch in pear sichtboekjes, se kinne dus noch wol lêzen wurde.

As jo dit stik spylje wolle, matte jo sels de boekjes kopiearje.

De iere breid

De heit fan dizze famylje hat ea in ferneamd musikus west en himsels doe ‘Pattini’ neamd, mar driuwt no sawat op syn oantinkens, want als útfierend keunstner is er mislearre. De mem, foarhinne in tige kreaze frou, is ferhurde troch de soargen yn it libben. De húshâlding is sa stadichoan yn’e earmoede belâne.
Yn dizze benearjende atmosfear hawwe de dochter Andrea en har jongere broer Thomas in aparte, tige fêste bân opboud, dêr’t fantasyën, dreamen en spultsjes in wichtige rol yn spylje.
De mem fynt dat mar neat en wol besykje om foar Thomas in houlik te regeljen mei in âldere nicht, dy’t net oan de man komme kin, mar wol in mem hat mei in soad jild. Andrea ferset har hjir bot tsjin, ek om’t hja in ôfkear hat fan wat folwoeksenen ‘dogge’. Yn it begjin wit hja de bernige, geastlik en seksueel ûnripe Thomas noch wol mei te krijen, mar yn de konfrontaasjes mei de mem wit de lêste troch te setten.
De besite fan nicht Hilde ferrint net maklik. De mem manoeuvrearret har en Thomas nachts op ien keamer, mar Thomas wit him hjir gjin ried mei en naait út, de strjitte op. Andrea rint him efternei. As hja weromkomt wit hja dat har mem, dy’t it gesin rêde wol, it houlik dochs trochsette sil. Nei in lêste petear mei Thomas, dy’t de realiteit net oersjen kin en elkenien te freon hâlde wol, lûkt hja har werom. Op it stuit dat har mem tinkt dat hja har by de feiten dellein hat, makket Andrea in ein oan har libben.

Kommintaar:
Ien fan de bêste Nederlânske stikken fan nei de oarloch. Krekt as yn ‘Freed’ (sjoch beskriuwing earne oars) en ‘Suiker’ lit Claus yn dit stik de wrakseling, de dreambylden en de teloarstelling fan ienfâldige minsken sjen. De relaasje tusken Thomas en Andrea liket ynsestieus, mar dat is it yn feite net. Harren flecht yn dreamwrâld – mei prachtige boartlike en poëtyske mominten – hâldt lykwols gjin stân tsjin de hurde werklikheid dy’t troch de mem nei foaren brocht wurdt. Nettsjinsteande dat, behâldt ek hja har sympathike kanten.

HB