Nije Boaden
As de baas fan de kapperssaak, dy’t tige wiis is mei syn helpers yn salon en hushâlding, in wike lang nei in kongres is, ûntslacht syn tige deftige,tige bysjende frou de helpen en sy lit in advertinsje yn ‘e krante sette foar nije boaden. Dat lêze fansels ek Bouk en Sipke en dy besykje dêr in stokje foar te striken. As de rol fan Bouk goed spile wurdt, sleept dy alle oaren, 4 famkes en 4 jonges, samar mei.
De skriuwer makket goed gebrûk (of misbrûk) fan de minne eagen fan ” Mefrou” en Bouk en Sipke regelje it sa, dat sy de gadingmakkers opfange, spyljend foar mefrou en menear.
Dat slagget harren tige bêst en oan de ein fan it stik smeket mefrou de beide helpen te bliuwen. Gjin ferlet mear fan nije boaden.