Adam’s harnas

It stik spilet yn de haadstêd fan in tinkbyldich Westersk lân, op ‘e keamer fan de prostituee Willy yn it hûs fan mefrou Xanten. In oare, jonge prostituee, Léa, komt yn’e kunde mei dr. Beck. Dizze klant is ûnferwacht ferstoarn op har keamer. Hy blykt de minister-president te wêzen, dy’t hieldtyd mear ûnder druk stie fan linkse opposysje-partijen dy’t poer tsjin de konservative seedklikheidswetten fan Becks partij binne…
In drama oer morele fraachstikken en persoanlike yntegriteit, wêryn’t seksuele fraachstikken in wichtige rol spylje.

Sûnt Kaïn

De beide haadpersoanen: Karel de Boer en Albert Heder, binne fan bern ôf oan al kammeraten; se ha tegearre fierder leard en binne no beide as yngenieur ferbûn oan in loftfeart-laboratorium. Karel is in wat sletten, stugge man en kin ’t net ha, dat Albert safolle mear libbenskeunst besit en mei elkenien oer de wei kin. As Karel der him dan ek noch fan fertinkt dat er syn frou ynpalmje wol, boazet syn jaloerskens sa oan, dat it plan yn him ripet om syn maat by in fleantúchproef ferûngelokje te litten. Ada, Albert syn frou, sit yn noed, as hie se in foargefoel fan in ûngelok. Dat hie der ek fan kommen, as net de tredde (froulike) yngenieur yngrypt hie op it lêste nipperke, dêr’t se beide manlju mei wit te rêden: de iene foar de dea, de oare foar de skande.
De spanning is grut! Ek neitiid, want hoe sil Albert réagearje as er alles gewaar wurdt?

Mar de ûntspanning komt om ferantwurde wize.

Fando en Lis

In absurd stik oer de tragyske leafde tusken Fando en Lis. Lis is oan beide skonken ferlamme en sit yn in bernewein. Fando kin alles mei har dwaan wat er wol. Ek al hat er har leaf, hy is faak hiel wreed tsjin har; krekt as kin er net oars. Hy makket har mei in ketting fêst oan de wein en hy slacht har. It ienige dat sy dwaan kin is him tasizze litte dat er fan har hâldt en dat er foar har soargje sil en har ienige wraak is te swijen. Se hawwe foar elkoar keazen, mar witte harren gjin rie mei de leafde.
Harren doel is yn Tar te kommen, mar dat wol net slagje; alle kearen dat se op wei geane, komme se wer op it selde plak werom. Se moetsje trije mannen dy’t ek op wei binne nei Tar. Se beslute mei syn allen te gean. Fando rint folle hurder as de mannen, omdat, sa seit er sels, hy de wein triuwt. Fando en Lis komme wer op it selde plak út. Fando hat wat nijs yn’t sin: hy docht har hânboeien om en lit har krûpe. Omdat se dit net wol en net kin slacht er har. Se stjert. Fando is ferbjustere. De trije mannen komme ek op it selde plak út en mei Fando sille se noch ris besykje yn Tar te kommen.