Operaesje Japinga

Spilet by de bruorren yn ‘e keamer yn maeije, kreas húsrie. Dizze knapen, oanrekke troch de nije tiid, wolle ek wolris hwat oars om harren hinne hawwe as de âld húshaldster; hja freegje in jongfaam yn ‘e kost, in typiste fan in berneweinfabryk; mar dat sil mislearje omdat der persé froulike help yn ‘e hûs wêze moat en de âld húshâldster, as hja yn ‘e gaten kriget, hwat de bruorren fan doel binne, fuort rint. Dan kin de kostgonger net komme, dat is har wraak. De bruorren sette alles op alles en witte in omkesizzer oer teheljen foar húshâldster te spyljen, mar dêrmei wurdt de saek noch minder, want dy hat hiel hwat oars yn ’t sin. Nei folle spul en argewaesje moatte de bruorren belies jaan. Hja witte dan dat se har tiid hân ha.

De âlde dame op besite

Yn dizze oersetting spilet it stik yn Jarrum, in earm, middelgrut plak. Jarrum kriget besite fan de multimiljonaire Claire Heinsmaransa, dy’t dêr eartiids wenne. Sy wenne eartiids yn Jarrum. No wol se Jarrum in miljard skinke, yn ruil foar gerjochtichheid. Dizze gerjochtichheid is de feroardieling en dea fan de man, Yll, dy’t har eartiids mei in bern sitte liet. De boargemaster nimt it oanbod net oan. De minsken feroarje lykwols de libbenstyl, se hannelje as wiene se ryk. Claire wachtet ôf. Uteinlik is de oerienstimming ûnder minsken sa grut, dat Yll te lâne komt yn in minskenmassa en anonym fermoarde wurdt. De dokter stelt as deadsoarsaak in hertoanfal fêst. Claire jout it jild oan Jarrum.

Omsjen yn lulkens (omsjen yn wrok)

Jimmy en Alison binne troud en wenje tegearre mei Cliff yn in appartemint. Jimmy seurt oer alles wat los en fêst sit, mar foaral oer Alison. Op in dei fertelt Alison oan Cliff dat hja yn ferwachting is, hja ferswijt it foar Jimmy. Op in stuit komt der in freondinne fan Alison by harren ynwenjen (Helena), hja liket in hekel oan Jimmy te hawwen en besiket Alison te oertsjûgjen om by Jimmy wei te gean.
Dat giet sa fier dat hja de heit fan Alison in brief skriuwt om har op te heljen. De heit komt en Alison giet mei har heit mei. Fuortendaliks nei it fuortgean fan Alison nimt Helena har plak yn as frou.
Nei in tal moannen komt Alison werom, hja hat har mem ferlern. Helena ferlit fuortendaliks Jimmy en Alison en Jimmy binne wer byelkoar.
KOMMINTAAR:
It is in prachtich stik dêr’t in soad dingen yn barre. It stik hat moaie dialogen mei skerpe taal. De striid tusken Jimmy en Alison is net allinne in striid mei de leafde, mar ek in striid oer de ôfkomst. Jimmy en Cliff komme út in arbeidersgesin, wylst Alison en Helena út in heech fermidden komme.

N.B.
Fan dit stik binne twa oersettingen. Dy fan Spijksma is fan ± 1962. Dy fan Wadman (Omsjen yn wrok) is fan 1956 en is te finen by it FLMD.

DS