Korczak en de bern

De Poalsk / Joadske bernedokter / pedagooch en weeshûsdirekteur Janusz Korczak liet him yn 1942 frijwillich nei de gaskeamers fan it fernietigingskamp Treblinka liede, om’t hy de Joadske bern út syn weeshûs net yn ‘e steek litte woe. Mar hoe frijwillich is in died as je eins gjin oare kar ha? Al jong beslute Korczak nea te liigen. ( ‘Wa ’t God erkent, liicht net’). Hoe hie hy de bern gerêst stelle kinnen mei syn belofte harren net te ferlitten, as hy oan de doaren fan de dea omkeard wie? It ferhaal fan Korczak wurdt troch fjouwer akteurs ferteld, net spile. Se bliuwe it hiele stik akteurs, dy’t sênes ôfwikselje mei harren eigen refleksje en fragen oer de dilemma’s fan de karakters dy’t se spylje. It stik hat iroanyske humor, wêrtroch it net moralistysk of dweperich wurdt. Likemin wurdt der fan Korczak in hillige makke. Ek de Dútske nazi- kommandant, dy’t Korczak de kar jout syn eigen libben te sparjen, kriget de kâns om syn ferhaal te dwaan. Ek hy hat in ferline. Ek hy leaut yn it goede fan wat hy docht. Beide mannen binne ree om ûnderdanich wêzen: de iene oan syn God, de oare oan Hitler. Fiifensechtich bern sieten yn it weeshûs fan Janusz Korczak. “Geane jim straks mei, bern, as ik in hiele lang reis meitsjen gean?” freget hy harren. “Ik sil altyd by jimme bliuwe, oant it lêste momint.”

In snoade set

Thomas is mei 65 jier en nei 40 jier trouwe tsjinst troch it bedriuw ûntslein, sûnder oanspraak meitsje te kinnen op in bedriuwspensjoen boppe syn AOW.
Dat lêste stekt him en hy besiket in fyt út te heljen om sadwaande noch in pear sinten yn ‘e wacht te slepen.
Mei help fan in omkesizzer, dy ’t ferpleechster is, wurdt in falle útset foar de direkteur en dy rint der mei iepen eagen yn.
Regele by wet krijt Thomas alle wiken oant syn dea ta in aardoch dofke ekstra.